ter toelichting.

Het verhaal geschreven in 1945 over het verzet in Hurdegaryp, Burgum
, Quatrebras en Noardburgum

Het verhaal is overgenomen uit het ‘Frysk moanneblêd De Strikel’ (geplaatst in 1970). De schrijver, destijds anoniem, blijkt de heer Teade Kingma uit Burgum te zijn. Ten tijde van het verzet woonde hij in Hurdegaryp. Zijn vader was politieman (1914-1948) in Hurdegaryp, Wij plaatsen dit artikel met instemming van Teade Kingma
.
We nemen dit artikel op om nooit te vergeten, helaas wordt op geen enkele website aandacht besteed aan deze periode in Burgum en omgeving, maar u kunt het lezen op deze website.

HET VERZET





Leden fan ‘e Binnenlandse Strijdkrachten (NBS-groep), ôfdieling Hurdegaryp, Burgum en Noardburgum. Groepsfoto fan 23-04-1945. 

Fan lofts nei rjochts - (H) binne Hurdegarypsters:

Efterste rige (3): Ate Hoekstra(H), Klaas Geerts v.d.Veen, Ridzert v.d.Veen (H). 

tredde rige (6): Bouke van der Meulen, Bouwe Berghuys, Henk Westerhof, 

Theo de Clerq, Ids Walda en Hindrik Vonk. 

twadde rige (10): Wiebe de Vries, Teade Kingma (H), Romke Klopstra, Wim van 

Oosten, Wibe Westra (H), Teade Kempenaar(H), Klaas van 

der Meulen (H), Johannes Douwes, Kees G. van der Veen (H) 

en Pieter R.de Vries (H).

foarste rige (5): Bartele Kingma, Freek Vermeulen, Haaije Ferwerda (H), Popke 

van der Meulen (H) en Jaap Adminaal, groepscommandant (H)

op é treeplanke: G. van der Meulen (koerierster).

ynset (omkommen): Harmen de Vries, Tjalling Talma en Evert Sijbesma.



DE STÊF TOBRUTSEN

Oan Evert en Tsjalling en Harm !

Jo bin mei frede ta ús kommen,

mei freed’ en frijdom, wille en ear;

it jok is fan ús nekke nommen.

God lof, wy bin gjin slaven mear !

Nou leit yn’t stof de stêf tobrutsen

fan dy’t ús wrede driuwer wie,

en ‘t wapenreau yn flammen stutsen

fan him, dy’t ús nei ‘t libben stie.

Ges. 10 : 4

Dit authentike forhael fan in jong Frysk forsetsman, dy’t syn persoanlik wjerfarren yn de lêste oarlochsdagen fan 1945 biskriuwt, forskynt neffens de winsk fan de skriuwer anonym. 

Redaksje De Strikel




FOARWURD

Dit is gjin roman, ek gjin novelle. Dit is allinne mar in stikje skiednis; skiednis fan in hiel koart tiidrek - mar in stikmannich dagen - fan in hiel lyts stikje fan ‘e wrâld. Einliken mar in pear doarpkes yn Fryslân - en fan in hiel biheind keppeltsje minsken - in espeltsje meast jongelju, dy’t tafallich (?) dit meiinoar bilibben. It is allegearre bard sa’t ik it biskreaun haw en it hat djip yngrypt yn it libben fan harren dy’t der by wiene.

Ik haw it fêstlein, net om har dy’t it oerlibbe hawwe mar om har dy’t it net oerlibje mochten. Ta in oantinken!

Faeks is it wol mei fóár har dy’t it oerlibben; faeks ek foar oaren dy’t dy tiden meimakken; miskien ek foar harren dy’t nei us komme.

Itjinge dat west hat, itselde sil der wêze en it­jinge dat dien is, itselde sil dien wurde en der is neat nijs under de sinne. Is der ien ding dêr’t men fan sizze kinne soe: Sjochdêr, dat is nij? It wie der aI yn ‘e ieuwen dy’t foar ús west hawwe.


De skriuwer.



DE FOARSKIEDNIS (I)

It is nacht op ‘e Bakkefeanster heide, in tsjustere hjerstnacht yn 1944. Fan aIle kanten slûpe skimen op in greate delling ta. Hja jowe har op ûndederskate plakken del en wachtsje, skerp harkjend oft ek op kommende wei is dêr’t hja op tidigje. ,,Mmmm... Mmmmm!” heart men nei gâns in hoart.

,,Hja fleane ek wer”, sizze de minsken yn Bakke­fean. ,,Berlyn, Hamboarch, Bremen, hwer soe de reis joun hinne wêze?’

Mar op ‘e heide yn ‘e greate delling geane ljochten op: in witen, in readen, dan wer in witen. En de fleanmachine komt tichter by.

In Bakkefeanster boer skrillet wekker en seit tsjin ‘t wiif: ,,Hja binne net heech fannacht” en hy stapt derôf om ris troch it dakfinster to sjen oft der ek ljochtkûgels hingje en oft der ek sket­ten wurde sil. Mar hy sjocht neat.

Op ‘e heide is elts yn spanning. De flean­machine komt dit út. Noch efkes en hy giet rjocht oer de trije ljochten hinne. Dan sirkelt er yn in wide bocht boppe de heide om. In âld-sei­ner fan ‘e Marine jowt nou mei in lampe morseseinen oan ‘e fleanders. Wer komt de fleanmachine oer en dêr sjogge hja se ynienen, al fuort by: de parachutes mei de ’containers’, greate blikken bussen. Wer op ‘e nij leech oer de delling draeijend lit de fleanmachine in twad­de foarrie delkomme. In skoftke letter heart men yn ‘e fierte allinne noch in sêft geronk: ,,Mmmm... Mmmmm!”

De Bakkefeanster boer giet wer op bêd en seit: ”Dy wie al leech, mar der wie neat to sjen. Dêr’t dizze syn doel hat, silIe se fannacht wol net noflik sliepe” en hy jowt him wer lekker del. In wein rydt oer de heide. In pear man stappe dernjonken. Oaren komme der hoeden in eintsje efteroan. By in boerepleats draeit de wein de daem yn en it hiem op. Mei man en macht wurdt der oanpakt en ridlik gau is de wein leech. In ûre letter is alles op it hiem wer stil. Gjin minske is der to sjen, elts sliept en rêst fan it diene wurk en garret krêften foar de dei fan moarn. It is nacht op ‘e Bakkefeanster heide, in tsjustere hjerstnacht yn 1944. In greate delling leit ek rêstich en stiI; hja rest ek fan ‘e taek, dy’t hja folbrooht hat en hja glimket as hja deroan tinkt, hoe’t hja meiholpen hat de wrede tyran to fornifeljen. En hja dreamt fan in âld laech dat tûze­nen fan jierren lyn him hjir rémakke ta de striid en hja wit dat de neiteam fan datselde laech noch libbet en him hjir fannacht ek rémakke hat foar de striid.


II
It is novimberwaer. Sa by nou en dan falt der hwat reinwetter út in stive loft. Dan lichtet it wer in bytsje; fuort letter dêr miggelt it wer hinne. In hynder sjokt mei twa weinen efter him oan stadich fierder. Twa man sitte op it foarkret. Ien is in moaidikke greate keardel fan sa’n lyts fjirtich jier. De oare is in kant jongfeint fan in foech fiifentweintich jier. It lykje beide flinke bazen. Men kin better gjin spul mei har krije, hwant dan koe men wolris fornimme moatte dat hja gâns hwat yn ‘e bouten hawwe. De jongste hat de jaechline. Hy driuwt it hynder net to fol­le; hja hawwe al in hiele loop hawn en hja moatte hjoed ek noch werom. Dêr komt har in fytser yn ‘e mjitte. ,,Soe er dat net wêze, Auke? Hwat tinkt jo?” seit de fuorman. ,,It liket der in bult op”, andert syn maet. En ja, hy is it. In jongfeint, sahwat like âId as de fuorman, mar hwat langer en skraelder, stapt fan ‘e fyts. De weinen hâlde ek. ,,Nou, Wim, hwer moatt’ wy wêze?’ En dan docht Wim, dy’t in rasechte Hollanner blykt to wêzen, forslach. Hy is fan ‘e moarn tagelyk mei Auke en Romke fan hûs gien. Doe is hy nei Bûtenpost fytst om dêr mei de GEMOL (gemeentlike operaesjelieder), ‘Fan der Goat’ it plak ôf to praten, dêr’t hja mei de weinen hinne moatte. Dat plak is by it Blauforlaet, wit er nou to fortellen. Efkes oerlizze hja noch, dan ride hja wer fier­der. In drekkige, wiete reed by in boerespultsje lâns bringt har oan it wetter. Gâns in set moatte hja dêr wachtsje. Dan komt der in pream mei biten oanfarren, dy’t oars yn de Surhúster Mie­den tusken Stynsgea en ‘t Fean lei. Efkes goed om har hinne sjen as de pream to plak leit en dan binne al gau in stikmannich oan it oerladen. Under de biten komme al gau de wapens dêr’t it om to dwaen is, wei. It binne 23 stenguns, 6 gewearen mei bajonetten, 1 Bazooka-granaet­lansearder mei de dêrby hearrende bommen, 44 needrantsoenen, 33 hângranaten, munysje foar sten, gewear en mitrailleur en 4 bussen mei springstof. Alles komt op ‘e foarste wein. De biten der goed oer hinne en klear is Kees. De efterste wein wurdt ek mei biten laden.

Op ‘e brêge, sahwat in kilometer ôf, steane poepen op wacht. Hja hawwe lykwols neat yn ‘e gaten. As beide weinen laden binne stapt Wim wer op ‘e fyts om foarút to gean. As er by it boerespultsje komt sjocht er de boer dêr stean mei in kiker foar ‘t each. ,,Hwat hawwe dy manlju dêr dochs by d’ ein?” freget de man oan Wim. ,,Och, we hebben een lading bieten gekocht”, is it andert. De boer skynt it lykwols net rjocht to stean, hwant hy loert alris wer troch syn fierrekiker. Hy sil wol tinke: “In nuver plak om to laden. Der is dochs wol in opslach hjir of dêr?” Mar hoe’t er ek kipet, hy wurdt oars neat as biten gewaer. Ek as de earste wein oan him ta is, sjocht er allinne mar biten op ‘e wein. Romke kriget de kiker ek yn ‘e rekken en tinkt: ,,Soe dy keardel hwat fornaem ha?” ,,Mei ‘k ek ris troch sa’n ding sjen?” ,,Jawis wol” en sa freonlik as ‘t mar kin langet de man him it ‘ding’ oer. Dan docht it bliken dat men mei it bleate each suver like folle sjocht, sa’n min ‘ding’ is it. Romke is dus wol gerêst. Op de ôfstân fan 400 meter hat de man neat merkbite kind fan hwat der oerladen is. Omdat de reed sa min is, hellet de biwenner fan it spultsje syn hynder ek en togearre skuorre de beide gudsen de wein der wol troch. Ek de twadde wein wurdt sa nei de strjitwei lutsen. Dan kin Romke syn brune it ollinne wol ôf. Dêr giet it wer hinne: In hynder sjokt mei twa swiere weinen efter him oan stadich fierder. De twa man op ‘e foarste wein hawwe de eagen goed iepen. Der mocht ris ûnrie wêze! Dan moatte hja sjen to ûntkommen. Oars is der nammers ek altyd noch it mantsje fan ‘e NBS (Nederlânske Binnenlânske Striidkrêften) út Achtkarspelen, biwapene mei in pistoal. Ûnopfallend soarget er hyltiid net to fier ôf to wêzen. Al bitiid wurdt it tsjuster, foaral ûnder de beammen fan ‘e Grinzer strjitwei. Om healwei sawnen is’t dêr al neare nacht. Tichte by de Sevenhústerwei stiet in Dútske auto sûnder lampen op. Op ‘t lêste momint fornimt Romke him. Noch krekt kin er der omhinne komme. Sa giet it sta­dich fierder. Fuort by it doel fan ‘e reis komt in marechaussee op har ta en bigjint der oer to jeuzeljen dat hja gjin ljocht op ha. “Jo moatte sjen dat jo hjir wei komme”, gnoarret Auke. Mar dan wol de man witte, hwat der op ‘e wein sit. “Dat fortelle wy jo letter wolris” en it skynt dat de feint fan ‘e hillige Hermandad skrander genôch is om to bigripen dat men tsjintwurdich net alles witte moat, tominsten hy praet nearne mear oer en lit de beide mannen mei de weinen stil ride.

Lokkich binne hja gau to plak. In reedtsje yn en dan komme hja by it spultsje fan Romke syn heit-en-dy. Wim is dêr ek al. Mei man en macht wurde de weinen lege. De biten der gau ôf. Dan komt de kostbere skat, de wapenfoarrie, foar ‘t ljocht. It duorret net lang, dan sit de hiele saek ûnder it hea.

It is wilens al moai let wurden. Elk siket dan ek mar gau syn eigen hûs op. Auke wennet net sa botte fier of; Wim is ûnderdûkt by Romke ‘n-dy. Dat dy is ek fuort to plak.

Bliid dat alles sa goed gien is, geane hja yn ‘e hûs: Wim, Romke en dy syn âlden. Ek hja hawwe in swiere dei hawn. Hoe faek hat hjoed net ien fan beiden stien út to sjen! Soene sy hast net weromkomme? En de hiele dei hawwe hja yn tinzen mei op reis west en bilibben hja de spanning mei. En doe op ’t lest wie Wim thús kaem en hie sein dat it wol let wurde koe. Dat hie noch mear soarch jown: by tsjuster sûnder ljocht oer de Heide, dêr’t it ien en al sol­daten is en dan noch wol yn ‘e forbeane tiid. Einlings en to’n lêsten hearden hja de weinen kreakjen. De spanning fan hjoed is nou wer hwat saksearre mar as hja in skoftsje letter op bed lizze komt de nije spanning: Soe ek ien fan ‘e buorlju hwat fornaem hawwe? Nou moast der ris forrie wêze! Hja binne net bang, dy net mear sa jonge minsken, mar hja hawwe wol in hiel great risiko op har naem. Wurdt it spul by har foun, dan bitsjut dat de dea, dêr is gjin twivel oan. Mar hja witte dat hja de goede saek, de saek fan de frijheit, tsjinje en dêr hawwe hja alles foar oer. Dochs is der tonei altyd in greate spanning yn harren.

De wapens lizze forside yn ‘e skuorre, de hiele winter. Sa nou en dan wurde hja ris goed nei­sjoen en oppoetst. Wim en Romke dogge dat net allinne; de boer wit ek krektlike goed hoe’t in stengun útinoar en wer yninoar moat. As hja mei sok wurk dwaende binne hâldt de frou de eagen en earen goed iepen en soms moat hja hurd de manlju warskôgje dat de boel út ‘e wei moat om’t der immen oankomt dy’t wolris yn ‘e skuorre komme kin. Inkeld komme der ek poepen oan ‘e doar. Soe de saek forret wêze? Komme hja om it hûs troch to sykjen? Mar né, de tsjinners fan it op ‘e ein rinnende Dritte Reich komme om to skoaijen om ‘Butter und Eier’! Sa is it in winter fol noed en soarch. De manlju moatte har melde foar gattegraverij: hja moatte greate gatten by de rykswegen lâns dolle, dêr’t de soldaten by loftoanfallen yn krûpe kinne. Fuort letter wurde hja allegearre oproppen foar towurkstelling by de Organisaesje Todt yn Drinthe. Fansels komme hja net. Rounom wurde razzia’s hâlden. Yn de rneaste doarpen wurde in soad ophelle en fuortfierd. De huzen wurde trochsocht; manlju moatte har forstopje ûnder de flier, yn ‘t hea, yn ‘e hynstekrêbbe, ûnder de turfbult, ja, hwer net. Mar de poepen witte de plakjes ek al aerdich Mannichien wurdt ûnder de flier weihelle. Hja stekke de foarken yn ‘t hea. Soms fine hja wapens. Dan wurdt der wer in hûs yn ‘e bran stutsen, manlju wurde deasketten. 

Dizze foar elts bange winter is foar de hûshâlding by de Swette wol tige eangstich. Mannich kear jouns let of moarns bitiid moat har wol de skrik om it herte slaen as hja ûngewoane lûden hearre. As der ris let ien by de doar is of moarns ûnder melken immen it bûthûs ynstapt, is fansels it earste: ,,Dêr binne se!” Lokkich blykt it hieltiten wer hwat oars to wêzen.

De hiele winter troch wurde der ek gearkomsten yn ‘e keamer hâlden. De manlju bisprekke dan de plannen: ‘Gijs van Wijk’, de distriktsope­raesjelieder (DOL) út Drachten, ‘Van Rhenen’, de gemeentlike operaesjelieder (GEMOL) út Burgum, en mear soksoarte mannen mei nammen dy’t harres net binne, binne der dan. Romke syn mem sit dan wer yn ‘t keammerke allinne foar ‘t finster út to sjen. Fan forskate kanten binne de mannen kaem en allyksa geane hja, nei’t hja bipraet hawwe hoe’t it om en ta gean moat, ien foar ien wer har wegen. En stadich giet de tiid fierder. Einlings is it maert wurden.


III
It is de joun fan 9 maert 1945. Yn in simmerhúske oan ‘e Burgumer Mar tichte by Eastermar is in moai great selskip byinoar. Hjir húsmannet in ploechje ûnderdûkers út ûnderskate oarden yn ús lân. En nou binne der joun ek noch gasten. As wy hwat oan it healtsjuster wend binne, sjog­ge wy dat ien fan harren de DOL II ‘Gijs’ is. Dy twa dêr njonken him dat binne ‘Fan der Goat’, de GEMOL fan Achtkarspelen en ‘Van Rhenen’, de GEMOL fan Tytsjerksteradiel. En dêr binne Wim en Romke fan ‘e Swette ek. Stadichoan komme der noch mear. Ien fan de lieders jowt noch hwat oanwizings hwat der krekt barre moat. Dan, om tsien ûre, geane hja hoeden nei bûten. It is in moaije stille joun. In pear mannen, dy’t oanwiisd binne om op wacht to stean, slûpe forskillende kanten út en jowe har del om goed op to passen. 

Dan geane de oaren op in greate pream ta, dy’t fan ‘e middei om in ûre as fiif dêr oankaem is mei in fikse lading oan board: 64 gewearen mei bajonetten, 2 Brennmitrailleurs, 1 Bazooka-granaetlan­searder en dan de munysje foar al dat reau. Dit spul moat fordield wurde oer de trije sekjes: Eastermar, Burgum en Trynwâlden. Wim, dy’t wy nou sa stadich oan al kenne, hat de pe­pieren oer de wapentransporten by him en lêst de fordieling op. It docht nou bliken, dat hy de kommandant fan de seksje Burgum is. Út de greate pream wurdt it saekje oerladen yn twa lytsere: ien foar Eastermar en ien foar Trynwâlden. De lêste sil ek it spul foar de seksje Burgum mar mei nimme omdat it wapenopslachplak op Noardburgum by Romke syn âlden net oer it wetter to birikken is. Út Trynwâlden wei sille hja dan wol soargje dat de boel to plak komt. 

Troch it moaije, rêstige waer avanseart it oerladen knap. Der komt reid oer de nuodlike lading hinne en dan is der neat mear fan to sjen. Sa gau as it in bytsje ljocht is, geane de skippers de mar oer. De oaren bringe de nacht troch yn it simmerhúske mei fortellen, sjongen en akkordeonmuzyk. It wurdt sa noch in gesellige nacht midden yn dizze neare oarlochstiid. Ien fan ‘e mannen, dy’t it meimakke hat, fortelt hoe’t de greate pream hjir kaem is. In dútske sleepboat wie harren foarby fearn en doe frege ien fan ‘e preamskippers oft hja har net efkes meinimme woene. Ja, dat koe wol en sa sleepten de poepen de wapens, dy’t tsjin har sels opnaem wurde sille, moai to plak. Ear’t hja der erch yn ha is it al dei en dan giet elk syn eigen wegen wer. Nei dizze nacht wurde der noch forskate bisprekkingen en gearkomsten hâlden foar’t alles goed organisearre en regele is.


IV
Op 9 april moat alle wapenfoarrie definityf oer de seksjes fordield wurde. Ien Brenn-mitrailleur moat fan Eastermar noch nei Noardburgum brocht wurde en ek ien fan Trynwâlden nei Noardburgum. Dêrwei moatte nei Trynwâlden 8 stens mei munysje en in Bazooka mei springstof. Nei Easterrnar moatte dan noch 8 stens mei munysje, hângranaten en needrantsoenen. It kin dus in drokke dei wurde.

Op it spultsje oan ‘e Swette is it dan ek ien en al aksje.

De manlju hawwe it drok om alles to regeljen hwat brocht en helle wurde moat. De froulju (de boerinne, de koerierster en de fammen fan Wim en Romke) binne drok dwaende om 25 ‘overalls’ foar de seksje yn oarder to bringen: knopen deroan. knoopsgatten meitsje en de ‘Oranje’-bannen omnaeije. In hiel kerwei it ien mei ‘t oar. De koerierster moat der ek noch alris by wei om birjochten oer to bringen.

Nei iten giet Romke ris op stap om to sjen oft der ek hwat nei harren ûnderweis is. It duorret net sa mâlle lang of hy komt de wein fan Eas­termar mei de Brennmitrailleur, forstoppe ûnder ierdappels, tsjin. Mar it liket net sa botte gunstich, hwant derefteroan sjout in stel soldaten. Dy binne op ‘en paed nei Dokkum en hawwe de wein ûnderweis nadere om de rânsels to forfieren. Lokkich hawwe hja der gjin aen fan hwat der ûinder de ierdappels sit. It skynt ek dat hja gjin forlet mear fan dizze bêste ‘Kartoffeln’ ha, tominsten hja tale der net nei.

De fuorman moat lykwols mei oant troch Fean­walden hinne. Dan wurde de rânsels wer ôfloege en de wein fol ierdappels is ridlik gau to plak. Romke is fuortdalik, doe’t er seach hoe’t de saek der by stie, nei hûs ta riden. De Juffer (de koerierster) is der doe op út tein om to sjen hoe’t it ôfrint. Fol spanning sitte de man!ju to wachtsjen. Giet it mis, dan sille hja sjen hwat hja dwaen kinne. In hiele opluchting is it lykwols as hja in skoftsje letter hearre dat de saek noch sa goed biteard is. De wein wurdt lege en de lading foar Eastermar komt nou ûnder in fracht biten op ‘e selde wein en dan set de âld kêdde wer út ein.

Út Trynwâlden komt in hoartsje letter ek in wein oan. It duorret net lang of dy is ek al wer mei syn nije lading op wei nei hûs.

Sa is mei al dizze drokte de middei gau om.


V
It is nou joun.

Yn ‘t Bûtenfjild tusken Feanwâlden en Read­tsjerk fytst ‘n jongfeint, in swiere koffer efterop. Hy liket hastich to wêzen; hy rydt tominsten stevich troch. Ynienen stiet lyk foar him in hiel ploechje swarte stalten. ,,Halt! Landwacht!” Mei in smak kletst de swiere koffer foar de fuotten fan ‘e sawn lânwachters del. Allegearre stouwe hja der op ta. Dit koe wolris in goede hael wêze, dyt se hjir dogge. Grif in koffer fol spek of bûter of sokssahwat. Mar hja sjogge nuver op as der oars neat as... springstof mei hwat der by heart foar ‘t ljocht komt. ,,Eh... hwer is dy fint bleaun?” fljocht har ynienen troch de holle. Mar ,,dy fint” hat fan ‘e alteraesje al lang profitearre en is yn gjin fjilden of wegen mear to finen.

Sawn lânwachten yn it Bûtenfjild tusken Fean­walden en Readtsjerk ha in minne joun. Hja ha in pracht fangst dien: in koffer mei explosiven fan ‘e ‘Oranjebolsjewistische of plutocratische, terroristische elementen’, mar hja doarre der net mei by har baes oan to kommen, hwant ,,Hwer is de man dy’t dit spul by him hie?” sil dy ommers daliks freegje. En dan kinne hja inoar ris oansjen en de iene kin wachtsje oft de oare hwat seit, mar op ‘t lêst sille hja allegearre stean to triljen mei de holle foardel foar har ‘banlei­der’ of ‘heerbanleider’of hoe’t er mar hite mei en gjin ien fan harren sil in oannimlike forklearring jaen kinne. Elts fan harren sit dy nachts as in houn mei de sturt tusken de poaten om’t er in wân bruijen hawn hat nei hûs ta moatte. It laket har dêrom by einslúten better ta om mar nearne oer to praten en de koffer mar fuort to avansearjen.

In fûterjend en protteljend steltsje lânwachten giet it Bûtenfjild troch; füterjend omdat it har de lêste tiid mar min nei ‘t sin giet. De poepen sjogge hja bang en senuweftich alle dagen weroan de wei lâns gean en altyd deselde kant út: fan it front ôf, foar it front op. Protteljend om’t hja nou sa’n minne set dien hawwe. De kommandant tinkt oan de streken of de stjer, dy’t er oars grif wol krige hie; de mannen dreame fan it ekstra lean, it forlof dat der foar har oan sitten hie foar it snappen fan sa’n terrorist. En de iene jowt de oare de skuld en de nacht, de wide stille nacht, is nou fol rûzjelûden.

Mar de beammen, dy’t tusken Hurdegaryp en de Greate Wielen fannacht oer de wei falle soene, bliuwe stean om’t Jopy, de Seksjekommandant fan Trynwâlden, syn koffer mel springstof fan oan ‘e Lânwacht oerdien hat.Hja binne bliid, dy hege, sterke beammen, dy’t krekt de nije maitiid yn har grienjende tûken fiele. Hwa’t dy nachts de Grinzer Strjitwei lâns giet heart in sêft sûzjen as in stille glim fan ynlike libbensnocht troch de útsprutende krunen fan de dûnkere, kreftige, noch krekt oan ‘e dea ûntkame reuzen gean.


VI
Dyselde jounes slûpe der in stikmannich, by nacht net goed to ûnderskieden, persoanen by de pleats oan ‘e Swette it hiem op. Hja wurde gau yn ‘e hûs litten, dêr’t by it ljocht blykt dat it jonges fan Noardburgum binne: it is de NBS-groep Noardburgum. Hja krije de opdracht ta sabotage. Alle forkearsbuorden fan it Swartkrús oant Quatrebras moatte krekt oarsom set wurde. Wapens wurde útdield en hja geane op stap. As hja lykwols by de greate strjitwei komme docht it bliken, dat it sa drok is dat hja ûnmooglik hwat út ‘e wei sette kinne sûnder ûntdutsen to wurden. Boppedat steane der op Quatrebras soldaten op wacht. It rydt mar fuort it westen yn, in wanhopige flecht fan in ynsluten, net mear to redden, leger. Sûnder risseltaet giet groepskommandant Romke mei syn mannen einlings wer op hûs yn om noch efkes it fel oer de eagen to lûken. Moarn kin ‘t wolris wer in bannige dei wurde.

VII
Tiisdei 10 april 1945

De hiele dei wer deselde stream fan auto’s, fytsen ensfh. as justerjoun. As dit sa troch­giet kin der joun wer net folle fan ‘e sabotageaksje komme. As it tsjuster is komme deselde mannen fan juster wer byinoar, mar nou by Oosten­brug, tichte by Quatrebras. Der wachtsje hja op ‘e wachtmaster fan ‘e marechaussee, dy’t der op út is om ris poalshichte to nimmen. Om in ûre as alve komt dy en hy jowt de rie net op stap to gean omdat it wer allegearre poepen is. It risiko is to great en dy buorden binne op ‘t lest gjin minskelibbens wurdich. Wol hwat spitich dat hja har opdracht net útfiere kind ha, geane de jonges wer op hûs yn.


VIII
Woansdei 11 april 1945

Doe’t fan ‘e wike bikend waerd dat Jopy hast snipt is mei de koffer fol springstof, dy’t er fan ‘e Swette helle hat, is der alris oer praet oft der ek in oar plak foar de wapens socht wurde moat. It roun suver ek al hwat yn ‘e gaten dat der sa’n fremd folk kaem en dan ek noch al gauris mei in hynder en wein. Auke hat nou wol ien, dy’t fuort by oan it wurk wie, wys makke dat der útforkeap fan biten hâlden waerd, mar dat nimmen formoedens bigjint to krijen, der binne hja net sa wis fan. Wim en Romke ha nou in better plak útsocht, tichte by it pompstation fan ‘e wetterlieding, dêr’t, as ien fan ‘e wichtigste gebouwen fan FrysIan, tige noed foar stien wurde moat. Hja hawwe mei Kees Oostenbrug, de jonge boer op ‘e manske pleats oan ‘e greate strjitwei, praet en dy wie fuort ré om to helpen.

Op ‘e neimiddei riidt der in wein rûge dong by Oostenbrug it hiem op. Net mâle lang duorret it, of alles leit ûnder de keamersflier. De frou is to praten. De boer foun it foar har al sa rêstich as hja fan neat wist en hat har de doar út praet. 

Krekt binne hja dwaende om de boel yn ‘e keamer wer hwat to plak to skouwen as hja lykwols thús komt. Ta har greate argewaesje sjocht hja in stik dong op it flierkleed lizzen. Dêr wurdt de boer fansels fiks oer beskrobbe. Hwa nimt nou soks ek mei yn ‘e hûs! Mar as Oostenbrug gau mei feger en in túchblik oansetten komt en it wol tige nuttige, mar foar it flierkleed net sa needsaeklike guod bûtendoar brocht hat is de frede gau wer tekene.

As Wim en Romke fuort geane witte hja dat har kostbere wapenfoarrie nou in goed plak hat. It is allegearre goed ôfpraet: in pear man sille nou inkele nachten der mei to set om de wapens goed to himmeljen. As se dan brûkt wurde moatte is alles foarinoar.

Sa wachtet alles op it greate momint, dat ien kear - en it kin net lang mear duorje - komme sil, it momint, dat ek it Fryske folk einlings en to’n lêsten dan dochs ris toane kin hwat it wurdich is. Dan sil it net mear warleas wêze. De fiif jier fan fordrukking, fornedering, al it opkroppe leed, de eangst, de soarch, al de forbiten forwoedendheit sil nou strakaensens ta in ütboarsting komme.

Hwannear sil it wêze? Dat is de greate fraech dy’t elts bihearsket. En mar jimmeroan ride der dútskers troch, flechtsjend foar it front op, it westen yn. Nei de Heimat kinne hja net mear. Nou bisykje hja har to konsintrearjen yn Hollân. Hja binne bang. Bang foar de disoarder, bang foar de driigjende ûndergong fan it Reich, bang foar de Kanadezen, Ingelsken en Poalen, mar as de dea sa bang ek foar fijannen dy’t hja net witte hwêr’t se sitte. Hja flechtsje en sjogge skou om har hinne, nerveus har wapens ré hâldend en oeral komt binearjend it gefaer op har ta. Hja sjogge it oeral en witte dochs wer net hwêr’t it is. It is as in spoek dat efter har oan sit en foar har is en lofts en rjochts: in fijân dy’t hja net sjogge. Oan ‘e wei steane mânlju: binne it terroristen? In frouminske komt har yn ‘e mjitte: is it in spionne? Bang binne hja, ek foar de ûndergrounske fijân dy’t syn tiid lykwols ôfwachtet.



DAGEN FAN STRIID
It is hjoed 14 april.

Hwat sil dizze dei ús bringe? Alle dagen hearre wy wer nije forhalen en geroften. Men wit meastal net hwat men al en hwat men net leauwe mei. Justerjoun ha wy jitte by in buorman west to freegjen oft der ek nijs foar de Ingelske sinder west hat. Hy is ien fan de inkelden dy’t noch harkje kinne mei’t er njonken it elektrysk poldergemael wennet endêrtroch noch net fan ‘e stream ôfsluten is. Hy wie net thús. Syn oare helte wist lykwols ek wol it ien en ‘t oar. Foar it radio is net safolle sein oer Fryslân. Wol, dat der yn Drinthe by Noarch en Diver of tusken dy plakken yn parachutisten del kaem binne.

Hja fortelde fierder dat de alliearde tanks al oan Oerterp ta wiene. Dat hie lykwols net foar de birjochten west. Nou, dan mar op bêd. Dizze nacht soe der hjir wol neat barre.

Al bitiid yn ‘e moarn komt der ien mei it nijs dat der allegearre mânlju op ‘e brêge yn ‘e Pein steane en dat der gjin ien lâns mei. Neffens it sizzen moat it yn Drachten krektlyk wêze. Nou, ik gau wer nei de buorman fan justerjoun ta. Dy is wer net thús, alhoewol’t er syn wurk oer de brêge hat en dêr dus net hinne wêze kin. Syn wiif seit ek net hwêr’t er sit. Dat ik wol formoedens haw hwêr’t er hinne is, praet ik mar net oer. In oare buorman seit ûnderweis al tsjin my: ,,Willem stiet ek op ‘e brêge.” Hy wit ek to for­tellen dat der Drachtsters by binne en dat de moarns nei tsienen nimmen mear op ‘e wei wêze mei. Dat lêste is foar my mar min nijs, omdat ik nou perfoarst nei ûs eigen doarp (Hurdegaryp) ta wol. Ik haw sa folle fan it forset tsjin de bisetter mei bilibbe dat ik yn gjin gefal nou de lêste fase fan it drama, dat dizze kriich is, misse wol. Ik moat nei myn eigen gea ta. Ik fandelje mar gau it nedichste byinoar en triuw dat yn ‘e fytstas. Myn doel is dan mar om, as it net oars kin, dwers troch de lânnen nei Garyp en sa oer Suwâld to bisykjen yn Hurdegaryp to kommen. It ôfskienimmen fan ‘e femylje, dêr’t ik it nou sa lang al sa goed hawn haw en dy’t my sa goed forburgen hat foar de sykjende griene pelysje, bin ik noch mei dwaende as wy ynienen in ôfgryslik gesjit hearre, folge fan in gerop en geraes fan wol tûzenen fan minsken dat fan ‘e kant fan Drachten komt. Yn ‘e earste opslach tinke wy net oars as dat de poepen in oanfal op ‘e brêge dogge. Stadich­oan komt it lûd tichter by, oant wy ynienen yn ‘e gaten krije dat it de Ingelsken wol wêze sille. Hurd op ‘e fyts fansels en de reed del nei de hoeke ta om to sjen oft miskien dochs wier wêze koe hwat wy net leauwe doarre.

In hiel fremde gewaerwurding komt der by my op. Hjir riid ik samar nei de wei op ljochtskyndei. Oars kaem ik hjir nea as ris in kear by tsjuster. Altyd wie der it gefaer: de dútskers, de minsken dy’t faek sa graech prate, soms ek wol jin forriede woene.

As wy ticht oan ‘e wei ta binne, sjogge wy se wol riden: tanks en nochris tanks. Op ‘e hoeke steane al gâns minsken to wiuwen en to jubeljen. De foarliksten hawwe al oranje op. Ynienen komt it sjitten tichter by. Manlju mei bannen om ‘e earm dêr’t ,,ORANJE NBS” op stiet en wa­pene mei stenguns en gewearen komme oanfyt­sen: oan wearskanten fan ‘e wei guon. Hja losse hieltiten warskôgings-skoaten (of binne it freug­deskoaten?), ja, faken komme der hiele stensalvo’s. It docht bliken dat der foar de measte minsken ek wol bikenden, faek doarpsgenoaten, by binne. ,,Sjoch, dêr komt GjaIt ek oan!” ,,Is dat dy soan fan Sytsma net?’ Sokke útroppen hein ik op. Wy krije de wink om us bifrijers goed de rûmte to jaen; flaggen en sa moatte noch fan kant bIiuwe. It is noch mar in lytse foarhoede dy’t nou op komst is.

As de earste lange rige tanks troch is, sjoch ik twa fytsers oankommen de kant fan Drachten út wei. It binne twa Burgumers. Ik hurd der efteroan en freegje oft ik wol yn Burgum komme kin nou’t de brêge de loft yn flein is. Hja sizze, dat dat wol mooglik is. De moarns binne hja der op útgien om ris to sjen hoe fier’t de tanks bin­ne. Hja koene lykwols net fierder komme as de Peinder brêge. Mar ûndertiid binne de earsten har ek al yn ‘e mjitte kaem en dêrom wolle hja nou ek mar wer gau op hûs oan. It liket my it bêste ta om dan mar mei har del. Ridlik gau binne wy yn Sumar. Op ‘e trijesprong is ‘t alle­gearre minsken. De tanks binne krekt troch nei Eastermar op omdat hja net oer de Burgumer brêge kinne.

Tusken al it folk stiet ek in pelysje. Hy ken my wol en komt op my ta om my to freegjen oft ik de tanks net ynhelje kin om to warskôgjen dat der tusken de Burgumer Mar en de Daem in skip fol poepen leit. Nou, ik sil ‘t wol bisykje. Dan mar gau dat út. Yn Eastermar docht it lyk­wols bliken dat de hiele kolonne, nei dêr in skoftsje stien to hawwen, krekt wer útein set is nei Koatstertille ta.

Ik praet efkes yn Eastermar en gean dan mei in oare jonge baes, in ûnderdûker út ‘e stêd, dat nei de Skûlenboarger brêge út. Wy hawwe heard dat mannen fan ‘e NBS dêr al yn ‘e slach binne. Tichte by de brêge wurdt ús trochdien dat de oanfal fan de NBS ôfslein is. Oars is der by de brêge altyd mar in wachtpost fan in stikmannich poepen, mar nou hie der krekt in skip oanlein mei 16 lânwachten en 2 dútskers en dy binne goed biwapene. Oer de brêge komme kin ik dus net. De poepen steane der midden op.

In eintsje tobek lizze de NBS-ers efter in dyk in eintsje it lân yn. Mei alle gewelt wol ik der hinne om mei to helpen. Myn maet kin ‘k lykwols sa fier einliken net krije dat er mei giet. ,,Dan gean ik allinne!” Nou ja, dan moat er op ‘t lest dochs mar mei. Wy nei de groepskommandant en ús tsjinsten oanbiede. Hja hawwe spitergenôch gjin wapens oer. Dochs kinne wy harren wol helpe troch to soargjen dat der net ien de wei del giet nei de brêge op. Der koe ris ien by ‘t ûnderfreegjen oan ‘e soldaten dêrre sizze hwer’t har fijân sit. Elts dy’t nei de buorren giet litte wy troch; dy’t nei Skûlenboarch wol stjûre wy werom en hja litte har stjûre. Inkeld is der ris ien dy’t nijs jaen kin oer de sitewaesje by de brêge. Ien komt om dokter om’t der in pear licht forwounen binne; in oaren ien fornijt ús dat der trije NBS-ers yn it brêgewachtershûs sitte, dy’t dêr net wei komme kinne. Sadré’t hja der út komme, moatte de dútskers har sjen. Dizze tynge kin útkomme, hwant by de oanfal op ‘e brêge binne der in man as fjouwer wei wurden. Al dit nijs jowe wy oan ‘e groepskommandant troch.

Sa’t wy dêr steane komt der wer ien oan dy’t tige hastich liket to wêzen. ,,Nou,” rop ik, ,,hoe komstû hjir, Wibe?” It is in doarpsgenoat fan my. Hy hat in brief by him fan ‘e seksjekommandant fan Noardburgum oan dy fan Eastermar. 

Ik bring him gau to plak en fansels freegje ik him ûnderweis al hoe’t it der yn Hurdegaryp by stiet. Nou, dat koe wol better. De groep fan Hurdegaryp is wol op syn post yn Noardburgum, mar kin likemin as de Noardburgumers sels hwat út ‘e wei sette. De wapens sitte by Oostenbrug ûnder de flier en 40 SS-mannen hawwe de moarns bi­tiid dêr har kertier opslein en binne, faeks om de sinnen noch hwat to forsetten, de hiele dei hwat oan ‘t sûpen en feestjen. Sûnder biwape­ning kin de seksje neat bigjinne fansels. It doel wie oars om it Pornpstation fan de Ynterkommunale Wetterlieding to bisetten en ek de brêge yn ‘e Swemmer to hoedzjen foar yn ‘e loft springen. Wibe moast nou it forsyk oerbringe oft de Eastermarders de Swemmer brêge foar har rekken nimme wolle.

Sa’t wy dêr jitte by de NBS-ploech steane to wachtsjen op andert (de koerierster is mei it brief nei it simmerhúske roun, dêr’t de seksje­kommandant “Kees” faeks wol to finen wêze sil), hearre wy it lûd fan in moter. Dy komt dizz’ kant út. Dat kinne poepen wêze. Dêrom mar gau út’e wei. Wibe rekket dêrby sa yn ‘e toarnen fortiisd dat er mei de iene skonk yn ‘e sleat to lânne komt. Helpfeardige minsken dêr fuort by biskikke him lykwols fuortdalik in droege sok. Efkes letter komt de koerierster, in Gerypster frou­minske, der ek al wer oanfleanen mei it andert. Dêr sil Wibe dan wer mei op hûs ta. Myn bislút stiet fuort fêst: Ik gean mei! Myn mei-wacht op’e wei kin it allinne ek wol ôf. Krekt ride wy of dêr barst myn bân. Fansels, sa bêst is sok ark op ‘t heden einliken fan gjin ien mear. Lokkich kin ik in fyts liene. Wy sille mar oer Burgum. Hinne­reis is Wibe alhiel oer de Tille kaem. Yn ‘e Eas­termarder buorren wurde wy oanhâlden troch in pear NBS-ers. It binne goe freonen fan my, dat hja litte ús sa ride. By de brêge steane wer guon. Hjir jowt it wachtwurd (“Juliana”) us frije trochgong. Sûnder tûkelteammen komme wy Sumar troch. Op ‘e Burgumerdaem kinne wy mei in boatsje oerset wurde.

Krekt as wy op ‘e Daem binne giet der in boatsje, mei noch al in man as hwat der yn, dêrwei de kant fan ‘e Mar út. Der wurdt us forteld dat Otte Fennerna fan Sumar dêr yn sit. Op Skûlenboarch hiene de poepen him pakt en mei it boatsje brochten hja him nei Burgumerdaem. Dêr soene hja him deasjitte. Mar ûnderweis wit er har ûnder it forstân to krijen dat hja gjin kant mear út kinne en dat it har grif de kraech kostje sil as hja har oan him forgripe. By eintsjebislút jowe hja harren oan Fennema oer en meiinoar binne hja nou wer op stap nei Skûlenboarch, dêr’t Fennema syn NBS ploechje wêze moat.

Wy fytse Burgum troch, sa mar op ljochtskyn dei. Yn tiden haw ik hjir net west. Allinne in pear kear moarns bitiid by tsjuster.

By Quatrebras barnt hwat sjogge wy as wy op Hústerheide binne. ,,Kafé Yntema barnt!” wurdt der roppen. As wy tichter by komme, sjogge wy dat dat net sa is. Twa auto’s steane yn ‘t brân, krekt op ‘e wei nei Burgum. Doe’t de tanks fan Noardburgum ôf nei Dokkum op soene, kamen der krekt dizze twa dútske auto’s oanriden fan Burgum ôf. Dat wie fuort klear fansels. Sa mar stiene se yn ‘e brân. Op ‘e hoeke is ‘t allegearre minsken. In pear NBS-ers en de ûnderluitenant fan ‘e marechaus­see geane krekt by De Hoop yn ‘e hûis. Dêr moatte in pear poepen har forstoppe hawwe. Wibe moat earst efkes nei de marechausseeka­serne. As wy dêr wei komme, wurde der krekt trije lânwachters opbrocht troch NBS-ers. It folk jûchheit. Fiif lange jierren moasten wy swije; fiif jier lang hawwe poepen en lânwachten, griene pelysjes en SD-ers ús tramtearre en, binammen it lêste jier, forfolge en opjage. Nou is de saek oarsom; nou wurde dy lânforrieders, dy’t har ei­gen lânslju fuortsleept hawwe nei bûtenlân of strafkamp, nei finzenis of konsintraesjekamp, einlings bitelle foar har dieden. Is it in wûnder dat de minsken har net stil hâlde kinne en dat forskate de hannen jokje? 

Mei wyt-forlutsen oantlitten rinne de trije ‘dappere’ rnannen mei, faeks bang, dat hja bihannele wurde sille lyk as hja wend binne har slachtoffers to bihanneljen. Yntiid lânje wy by Oostenbrug oan, dêr’t Wibe syn boadskip oan Wim, de seksjekommandant, oerbringt. Ik meld my ek by Wim, dy’t my hyt munysje nei it Wettergebou to bringen. In kear as hwat bring ik dêr in sekje fol petroanen en stenhâlders hinne. By Oostenbrug is it allegear­re drokte. Alles is ûnder de flier weihelle doe’t de SS-mannen fuort wiene. De trije lânwachten, dy’t wy krekt yn ‘e mjitte kaem binne, wiene mei har húshâldingen mei twa boereweinen yn ‘e skuorre by Oostenbrug. In man as hwat binne fuortdalik, doe‘t hja de wapens hiene, dêrhinne gien en op sommaesje dêrta stieken de Hitler­feinten allegearre moai de hannen yn ‘e hichte. Dat wie in aerdich bigjin. Der hoechde nou ek net sketten to wurden. Dat wie ek mar goed, hwant der stie op dat stuit krekt in dútske auto foar hûs op ‘e wei.

Nei dit trarnmelantsje binne de mannen nei it Pompstation gien om dat to bisetten. Dat wie in maklik kerweike, hwant der wie nimmen. As ik dan ek by it Pompstation kom mei munysje, hawwe hja har al aerdich ynstallearre. Myn doarpsgenoat Jaep Admiraal tref ik dêr ek oan as groeps­kommandant fan ‘e Hurdegerypster ploech. Sa gau mooglik gean ik wer werom. Myn liende fyts, dy’t de fiif jier oarloch ek net alhiel sûnder skeel trochkaem is, kin de loop net sa bêst dwaen mei de swiere lading fan stenhâlders en gewearpe­troanen efterop. Dochs red ik it in kear as hwat wol op.

By Oostenbrug yn ‘e foarkeamer sit Harm de Vries fan Noardburgum de petroanen to skiften en de hâlders ré to meitsjen. Hy soarget dat der hieltyd wer in frachtsje foar my klear stiet. Un­der it hin en wer fytsen hear ik in kear as hwat efteninoar sjitten. 

Wim jowt my de opdracht nei it Boskhûs to riden om ris to sjen hoe’t it der dêr foar stiet. Ús koerierster is dat ek al út. Ik bin lykwols noch mar in eintsje op stap of dêr komt Ate fan Feanwâldsterwâl oan op in Dútske fyts. Hy is ien fan de ploech dy’t ûnder groepskom­mandant Romke de bosk yn soene om to bisyk­jen de poepen dy’t dêr faeks noch sitte to pak­ken to krijen. Doe’t hja op it paed njonken Kra­mer nei de barakken fan ‘e Dútske bisetting ûn­derweis wiene, kaem ynienen de kommandant fan de Luftwaffepost dy’t dêr lei, Unteroffizier Hunze, op har tafytsen de reed út wei. Op in pear hûndert meter ôfstân waerd him taroppen dat er him oerjaen moast. Dat woed’er grif net, hwant hy liet him omfalle en gyng lizzen to sjit­ten. Doe fjurren de mannen fan ús ploech fan­sels ek fan har ôf. Der foelen forskate skoaten en op mear as ien plak rekke liet de Luftwaffeman it libben. (Letter waerd er by Kramer op it hiem biierdige.)

Om hjirfan forslach oan ‘e seksjekom-mandant út to bringen is Ate nou ûnderweis nei Oosten­brug. Ik gean mei him dêrhinne. Wim is drok dwaende om alles hwat op gIeed to krijen. Kalm en rêstich jowt er syn bifellen. Elts wit sa hwat er dwaen moat en nettsjinsteande de greate span­ning dêr’t elts yn forkeart giet alles wol goed. Ate fortelt hwat harren bij de bosk wjerfearn is en seit dat der noch wol in tweintich Dútske soldaten yn ‘e bosk forskûle sitte. Der wurdt ris oerlein hoe’t dit moat. Wim fynt it net forantwurde en lit in man as tsien toalve dêr op los gean. En mear kinne der dochs hast ek net frij makke wurde. Der moatte nedich in stik as trije dûbelposten op it Pompstation bliuwe en in man as fjouwer by Oostenbrugs is ek neat to folle. Om nou in oanfal to dwaen mei in ploechje NBS-ers, dat de helte lytser is as it tal fijannen en dan ek noch yn in bosk op, dat fol loopgraven en hoalen sitte kin, is dochs net to weagjen. Dan moat men der noch net ienris oan tinke hoe’t de poepen bihurde binne yn ‘e striid en ús mannen noch sa ûnbileard yn dit bidriuw. ,,Né,” seit Wim, ,wy weagje ús rnannen net ûnnedich.” Dêrom krij ik oarder om nei Burgum to fytsen en by de GEMOL to freegjen oft dy ek forsterking stjûre kin. Op Quatrebras tref ik in pear doarps­genoaten, dy’t my fortelle, dat ús heit (plysjeman yn Hurdegaryp) krekt ek nei Burgum is mei noch in pear oaren om trije Dútskers dy’t harren yn Hurdegaryp oerjown hawwe, op to bringen. Faeks moetsje ik harren wol.

As ik dan nei Burgum riid wurdt it al hwat ski­merich. Ik sjoch mar goed om my hinne. Moch­ten der noch poepen út ‘e bosk ûntkomme wolle, dan is dit har gouden ûre. As hja myn NBS-bân om ‘e earm sjen soene, haw ik de slach forlern. Ik soe dy bân ek ôfdwaen kinne, mar dat bringt ek faeije kânsen mei. Der mei sa let net ien mear op ‘e wei wêze. As ik BS-ers tref, soene dy my grif foar in forkearden ien oansjen, bi­nammen nou ‘t ik op ‘e fyts fan ‘e sneuvele dútske unteroffizier riid. Sa fyts ik hoeden de stille wei nei Burgum del. Gjin minske is mear op‘en paed. Ik moat tinke oan myn reizen, moarns ierenbitiid, doe’t ik sa by tsjuster, in wi­kemannich lyn, hjir ek lâns ried, krekt de oare kant út en in wike letter wer werom. Gjin ien mocht my doe sjen. Hoe’n hiel oare tocht meits­je ik nou. Doe wie’t noedlik, mar nou faeks net minder.

De GEMOL (Gemeentlike Operaesje-lieder) is - fansels - net thús. Hy is mei in man as hwat op patrouille nei de Ritskeloanebosk, dêr’t noch soldaten sitte moatte. Yn ‘e Skoalstrjitte sjoch ik in pear minsken stean. Ien dêrfan is in BS-er, in Burgumer kapper. Ik freegje him oft hy ek wit hwêr’t de GEMOL is. Ja, hy hat sels mei him nei de Ritskeloanebosk west. Nou binne hja krekt werom. De man dy’t ik sykje sil ik wol op it gemeentehûs fine kinne. Dan dêr mar gau hin­ne. Dêr binne noch hiel hwat minsken, mei’t de Stêf dêr setelt. De GEMOL tref ik dêr ek. Ik doch myn boadskip. Mar forsterking kin er ús net stjûre. Der moat in ploech nei de Foanejachtsbrêge, seit er en in oare ploech nei Burgu­merdaem nei in oaljeskip. Dat hy kin ús ûn­mooglik helpe. Mar de bosk moat skjin, jowt er oarder. “Dy rommel moat oprûme wurde.” De dûbelposten op it Pompstation moatte dan mar inkeldposten wurde. Alle wapens en munysje en sa moatte by Oostenbrug wei nei it Wetterge­bou ta en dan mar mei sa’n great mooglike ploech de bosk yn. Nou, dan ik mar wer mei dat birjocht op Noardburgum yn. It is al sa’n ûre as tsien wurden, tink, en al moai tsjuster. Sa hurd as ik kin sjoch ik wer to plak to kommen. As der joun noch hwat barre moat, dan is der haest by hwant it wurdt stadichoan noch tsjusterder. 

Ik bin bang dat it dochs al hast gjin dwaen wêze sil en dat, as wy de bosk yngeane, der net sa folle fan ús oerbliuwe sille, mar ja, ik bin gjin militair deskundige en ek gjin baes.

Sa kom ik al moai-gau wer by Oostenbrug oan. Ik sjoch gjinien wacht mear stean. Hja binne grif mei de hiele boel foar de nacht noch nei it Pompstation forhuze. Sûnder skyldwachten sille hja hjir dochs net wêze. Dus riid ik mar troch. By it Pompstation stiet efter de hikke in wacht. “It wachtwurd!” ropt er as ik op it lytse poartsje njonken de hikke taset. ,,Griene tsiis,” siz ik. ,,Nou, dan is it wer foroare”, sait er. Ik moat der wol efkes om glimkje. In lytse flater yn ‘e orga­nisaesje. De hiele dei wie it wachtwurd oeral ,,Juliana” mar de middeis hat ús seksjekom­mandant sein dat it nou, foar ús seksje alteast, ,,Griene tsiis” wie. Lokkich mar dat ús wacht seach dat ik it wie. As hy my der ynlitte sil, freegje ik oft de mannen fan ‘e pleats hjir nou ek kaem binne. Ta myn forwûndering hear ik dat se der net binne. De wachten (der is út it tsjuster noch ien nei foaren kaem) fortelle my dat der niiskrekt sketten is dat nei Oostenbrug út. Der wie krekt in auto hjir lâns kaem en fuort dêrnei knalden der skoaten. Hja binne der net gerêst oer. Ik sit al wer op ‘e fyts. Om’t ik by Oostenbrug gjin wachten sjoen haw, gean ik hoeden it hiem op. Dan sjoch ik ien op in draef foar it hûs lâns gean. It is ús koerierster, dy’t mei in skaal fol wetter by de reinwettersbak wei komt. ,,Gelokkich,” seit hja, as hja my sjocht, ,,Kom gau mei; wy hawwe twa forwounen: ien swier en ien licht. Kinne jo earste help forliene?” Spitergenôch kin ik dat net. Ik gean mei yn ‘e keamer dêr’t fan ‘e middei de wapens ré makke binne en de petroanhâlders folle waer­den.

Dan foar my in byld, dat ik net licht wer forjit: Auke fan Noardburgum, Wim mei in stik as fjou­wer BS-ers en dêr... dêr lizze twa fan ús maten. Ik kin net sjen hwa’t it binne en troch de drokte en alteraesje komt men der net ienris oan ta om soks to freegjen. Hwat docht it der ek ta; it binne twa fan ús maten en op dit stuit binne se ús allegearre like nei. Wy moatte se helpe en dat sille wy ek dwaen, sa goed as it kin. De swier forwoune litte wy stil lizze. Dêr doarre wy sels net mei to bigjinnen. Hy hat in skot yn it lichem krige. In kjessen ûnder de holle en sa goed mooglik to plak lizze, mear kinne wy net dwaen. Op myn fraech oft ik ek om in dokter út sil seit de Juffer, dat der krekt in pear jonges fan Hurdegaryp wiene, doe’t der sketten waerd en dat dy dokter Poppinga war-skôgje soene. Dus is it wachtsjen dêr op.

It oare slachtoffer hat in kûgel alhiel boppeoan yn ‘e lofter skonk krige. Syn fingers binne ek trochsketten. Wy bigripe dat der gau better help komme moat as wy jaen kinne. Dêrom gean ik nei de Marechausseekaserne om to sjen oft dêr ek in EHBO-er is. As ik dêr kom, fyn ik dêr in man as hwat fan de Oardertsjinst (OD) op wacht foar hûs. Hja sizze my dat der gjin ien fan’e pelysjemannen is en dat gjin ien fan ‘e oaren op ‘e hichte is mei EHBO. Hja tinke dat it it bêste is ien fan ‘e EHBO-ploech fan Noard­burgum op to heljen. Dan falt my lykwols hwat betters yn. Mefrou de Wal, de frou fan ‘e grif­formearde dûmny, dy’t hjir fuort by op Quatre­bras wennet, hat forpleech-ster west.

As dy kom­me kin, binne wy noch better klear. Durk, ien fan ‘e mannen, dy’t op ‘e kaserne is, giet mei my. Sa sunich en hoeden mooglik geane wy de wei lâns. Der koene nochris mear poepen pas­searje en fan hwat gefolgen dat wêze kin, haw­we wy nou sjoen. It is lykwols allegearre sa rêstich en stil, dat men jin einliken net yntinke kin, dat it oarloch is. 

Gjin minske to sjen of to hearren. Alles sliept, sa’t skynt. By dûmny De Wal skilje wy oan. It duorret efkes, dan hearre wy gestommel en efkes letter stiet dûmny foar ús. Wy lizze him út hoe’t de saek der foar stiet en hwer’t wy om komme. Hy sil syn frou helje. Nei in setsje komrne hja togearre bûtendoar. Hy giet sels ek mei as it goed is. Fansels is dat tige. Hja hawwe in tas mei spullen, dy’t faeks brûkt wurde moatte, by har. Gau geane wy fjou­werisom dat út, Mefrou by dûmny efterop. Underweis fortel ik it hoe en het. Ridlik gau binne wy by Oostenbrug. In pear fan ‘e NBS-ers, dy’t noch op ‘e pleats binne, steane nou krekt efter de bûtendoar yn ‘it gonkje op wacht. De doar is op slot. As wy ús bikend makke hawwe, wurde wy ynlitten. De Juffer en Wim ha de iene for­woune sa goed mooglik forsoarge. Nou kinne hja in part fan har taek oerdrage oan mefrou de Wal. De woune, dy’t net sa bot mear blet, wurdt nou in stik forbân op lein. Mar hwat kin men folle mear dwaen? Hwa hat nei dizze fiif jier oarloch noch de middels, dy’t hjir einliken ne­dich binne? Ek oan de oare forwoune wurdt fan­sels alle soarch jown, mar it liket ús allegearre slim ta mei him. Ds. de Wal bûgt him del oer it oantlit fan him en seft praet er mei him. Dan pas hear ik hwa’t it is: Bouke Kingma. De oare is Tsjalling Talma fan Feanwâldsterwâl. Bouke is goed by kennis en hy wit ek wol, dat it slim mei him is. Ien fan ‘e earste dingen, dy’t ik him sizzen hear, is: “Ik moat stjerre, dûmny.” Mar da’t is net in wurd fol fortwifeling, mar in wurd fan greate birêsting, om’t hy wit da’t it sa goed is. Ek syn fierdere wurden wize dat út. Wy harkje stil ta. Wylst forsoargje wy Tsjalling. Beide njonken inoar lizze hja dêr. De iene mei de dea lyk foar him; de oare, nei’t ús taliket, mei in fleiswoune, dy’t nei net to lange tiid wol wer better wêze sil. Hy hat slim pine. Dochs draecht er dy manmoedich en, nei’t letter bliken docht, harket er noch goed nei hwat dûmny mei Bouke bipraet. Bouke fortelt, dat er krekt de oare deis bilidenis fan syn leauwe dwaen soe, as de NBS nou net yn aksje kaem wie. Hy sil dat nou net mear hjir op ierde dwaen kinne, mar moarn sil er wêze by Him, Dy’t hy yn it iepenbier bilide soe as syn Hear en Kening, Dy’t him, Bouke, ek forlost hat. It sa rêstich en forsekere de dea to mjitte gean, soe it mooglik wêze sunder dit to witten? By mannichien fan dit hjirre joun op sa’n fremde wize byinoar kommen selskip sil der in stil gebet west hawwe om bihâld fan de liche­men fan dizze beide freonen en sil der in djip­pe drôvenis wêze om it leed dat harren oer­kaem is. Dochs kin it net oars as greate tankbe­rens fielt as men heart hoe’t Bouke alhiel ré is foar de greate reis; hoe’t hy net tsjin ‘e dea oansjocht. Fansels tinke en leauwe hja allegear­re net gelyk, dy’t hjir byien binne, mar elts moat wol fol earbied en stil wêze by sa’n great en sterk leauwe.

As wy mel Tsjalling klear binne, is dokter Pop­pinga der noch net. Wim hyt my om ris to sjen oft dokter De Groot fan Feanwâlden ek komme kin. Dêrnei moat ik dan nei Burgum om oan de GEMOL to melden hwat der bard is en him to sizzen, dat it nou neffens ús seksjekommandant ûnrnooglik is de bosk to suverjen. Dat soe oars al in noedlike ûndernimming west ha, nou’t wy ek noch twa man minder hawwe en boppedat de forwounen net allinne litte kinne, sil it alhiel net kinne.

Sa gean ik op stap, wer de nacht yn.

By dokter De Groot komt op myn oanskiljen dokter sels foar. As ik him útlein haw hoe’t it gefal der ta leit, forklearret er him dalik ré mei to gean. Hy noeget my yn ‘e hûs en jit my in glês molke yn. Dat falt der tige yn. Ik lit my ef­kes efteroer yn ‘e noflike stoel sakje. Hwat kin in stoel bihaechlik wêze as men de hiele dei yn tou west hat. Njonken my tikket in klok. It is allegearre tsjuster yn ‘e keamer. Dokter hat de lampe efkes meinaem om him ré to meitsjen en de spullen, dy’t er faeks brûke moat, byinoar to sykjen. Hoe let soe it einliken wêze? Ik haw der gjin idé fan. By it ljocht fan myn bûslampe sjoch ik op ‘e klok: krekt toalve ûre is it. Hwer is dizze dei bleaun! Hwat is der al hwat bard op dizze iene dei en hwat kin men jin it al min alle­gearre foar de geast helje; de feiten lykje wol alhiel trochinoar to meallen.


Nou is it dus al snein (15 april 1945). Sa sit ik to prakkesearjen en fansels geane myn tinzen hieltiten wer nei dy keamer op ‘e Heide, dêr’t dy iene rêstich wach­tet op ‘e dea, dêr’t dy oare sa’n pine lijt.

Nei in skoftsje komt dokter wer by my. Ik freeg­je him, oft er my faeks ek in oerjas liene kin. It is folle kâlder wurden en it reinde niis ek in bytsje. As wy fuort letter togearre fuort ride, haw ik in oerjas fan dokter oan, dy’t my fiersten to great is. Underweis forhelje ik him hwat ik wit fan de forwounen. Sa pratende binne wy al gau op Quatrebras. Nou wurde wy al foarsich­tiger. Ik haw foar dizze hiele reis myn bân mei ,,Oranje” der op mar net om ‘e earm hâlden, om’t wy nou wol fornaem hawwe dat der noch wolris dútskers ûnderweis binne. De twa for­wounen binne foar ús in warskôging om nam­mers to better op to passen. As wy in eintsje de hoeke op Quatrebras om binne sjogge wy fier foar ús út in pear kear in ljocht op en út gean. It is in helder ljocht mar fêst wol in pear kilo­meter ôf liket ús ta. In fyts of sa, miskien. Wy binne in pear hûndert meter fan ‘e hoeke ôf en al moai tichte by Oostenbrugs, dan fornim­me wy ynienen hwat foar ús. Learzens klosse op ‘e dyk. Dokter bisiket efter in beam wei to wur­den, mar it is al to let. “Halt! Wie daar?” is it. Dat binne fansels in pear fan ús eigen mannen, tink ik. Hja prate Hollânsk. ,,Goed folk!”, rop ik. ,,Handen omhoog!” Der sit neat oars op, wy stekke de hannen omheech. Foar ús steane twa man. It is to tsjuster om krekt to sjen hoe’t hja der út sjogge. Ik sjoch al dat se in wapen oer ‘t skouder hawwe. Hja kinne ús wol goed op­nimme hwant in fikse kniplampe set ús aerdich yn ‘t sintsje. Nochris: ,,Wie daar?’ Hja steane nou mar mear in meter fan my ôf. Utnaeije is der net by. ,,Der Artz”, ropt dokter. ,,De dokter”, siz ik om’t ik wol goed heard haw, dat hja hol­lânsk prate. Mar as ik nochris goed sjoch, wurdt it my wol dúdlik hwat wy foar hawwe: dútske unifoarms. Hoe sil dit komme? As de beide kear­dels lykwols hearre dat der in dokter by is meije wy de hannen sakje litte en moatte wy ús legitimearje. ,,Persoonsbewijzen” wurdt ús ta­foege. Dat kin. Dokter lit sines earst sjen en toant tagelyk syn dokterslegitimaesjebiwiis. Nou, dat is allegearre ynoarder. Dan bin ik oan bar. Ik haw de hiele saek ek wol foar inoar: in falks persoansbiwiis, in falske stamkaert, in for­falske fytsfrijstellingsbiwiis en in Ausweis. Mar dokter is faeks fan bitinken, dat it mei myn pom­pieren wol gjin bisjen lije kinne sil, dat hy seit:

,,Deze man heeft mij even opgehaald”. De man­nen binne òf tige geskikt (en dat binne wy fan har soarte oars net wend) òf tige hastich, mar yn alle gefallen hja sizze, it is dan wol klear. Wy kinne wol fierder gean. Foartiid krije wy lykwols it leksum mei, dat der in greate troep ûnderweis is en dat wy fuort stean bliuwe moatte as hja ûs oanroppe. Oars wurdt der dalik sketten.



Nou, dat komt wol ynoarder, anderje wy. En dêr gea­ne hja wer, hoeden fierder strunend oft hja ek hwat sjogge of hearre. Elts dy’t harren op e fyts yn ‘e mjitte komt sil har net ûntkomme kin­ne. Hja fornimme in fyts altyd earder en dan stiet men fuort yn ‘t folle ljocht fan har bûslampen. Wy sjogge mar gau by Oostenbrugs to kommen. Dit avontûr is wûnder boppe wûnder ôfroun. As ik tink oan de bân dy’t ik de hiele joun om ‘e earm hawn haw en dizze loop yn myn lears treaun haw, as ik sjoch nei myn fyts fan Unter­offizier Hunze, in echt dútske fyts mei it nûmer ,,Luftwaffe 56” of soksahwat dêr’t hja net ien­ris erch yn hawn ha, dan kin ik net oars as dêr in biwarjende hân yn sjen. As hja nou ris der op yn frege hiene hwer’t wy hinne moatte of as ik har op ‘e hinnereis moete hie, hoe dan?

Lykwols it gefaer is ek nou noch net foarby. Wy hearre geriid en gerattel oankommen. Soms klinke der ek stimmen op. Sa nou en dan is it ljocht der ek wer. Fan tiid ta tiid brûke hja sa’t liket in lampe. Oars riidt alles yn ‘t tsjuster, krekt lyk as wy sels.

Moai foardat de troep oan ús ta is kinne wy by de pleats fan Oostenbrug kornme. Op ús roppen wurdt de doar iependien. In man as trije steane efter de doar yn ‘e gong. Dokter syn fyts sette wy binnendoar. Dan geane wy de keamer yn. Dokter Poppinga is yntusken ek kaem. Hy is al drok dwaende. Alderearst warskôgje wy nou dat alles stil wêze moat en dat it ljocht ek oars delset wurde moat om’t it sa fan bûten in bytsje to sjen wie. Wy fortelle koart hwat wy bilibbe hawwe en kundigje oan dat der in greate kliber poepen oankomt. Sa hurd mooglik wurde de nedige maetregels naem. De lampe komt op ‘e groun efter de tafel to stean. It ljocht kin nou net mear troch de gerdinen to sjen wêze. De wachten yn ‘e gong krije ynstruksjes en efkes letter wachtsje wy stil op ‘e dingen dy’t komme sille. Net lang duorret it of it gerattel is yn ‘e hûs skoan to hearren. Ik gean nei de gong nei de wachten ta. Dêr kin men better hearre hwat der bart en troch de glêzen yn ‘e syddoar kin men ek hwat sjen. In moai skoft steane wy dêr sa.

Gerattel fan weinen, gekletter fan hynstepoaten, dêrtrochhinne somtiden stimmen fan ‘e wei, de lûden út ‘e keamer: de sêfte stim fan dûmny De Wal, dy’t mei Bouke praet, it gekroan fan ‘e forwounen; dat binne de lûden dy’t yn dizze ûre fan spanning ta ús komme. Ynienen in gerop foar hûs. Dan hâlde de weinen. Hwat sil it wur­de? Ynkertiering? Hoe sil dit ôfrinne? Hurd warskoget ien troch de doar de minsken yn ‘e keamer. Allegearre harkje dêr nou ek nei. Hja dogge it ljocht yn ‘e keamer foar alle wissich­heit út. Auke komt ek by ús yn ‘e gong. Wy pra­te ôf dat Auke, as de poepen ynkertierd wurde wolle, bisykje sil har yn ‘e skuorre to hâlden. Hy sil him foar de boer útjaen. De tuskendoar nei it wenhûs giet op slot. Yn spanning wachtsje wy. As der ynkertiering is op Noardburgum, geane hja Oostenbrug syn doar nea foarby: dy hat ommers rûmte! Faek bliuwe hja net allinne yn ‘e skuorre. Offisieren moatte dochs ek plak ha en dan moatte hja dit wer brûke en dan dat wer liene. Dat wy binne net sûnder soarch. Noch hieltyd raze de poepen foar op ‘e wei om. Dan: learzegeklos op it paedtsje it hiem op. Dêr binne se! Wy binne op ús iepenst. It lûd komt net tichter by nou. Dan hearre wy it op ‘e oare kant fan ‘t hûs. Efkes letter dêr rattelt in amer yn ‘e reinwettersbak. Hja helje wetter foar de hynders. Oars moatte foar sok soarte fan din­gen altiten de minsken derút kloppe wurde, mar dizkear rêdde se har sels. In aker is der oars ek net ienris. Dêr hearre wy de stappen wer foar hûs lâns gean, dat nei de wei op. In setsje duor­ret it noch en dêr set de saek wer yn biweging. In pear bifellen wurde der raesd en dêr geane se. ,,Gelokkich”, suchtsje wy. Mar de stoet is noch net sa botte fier of dêr komt wer in nij lûd: in protte soldaten op fytsen passearje.

De mannen, dy’t mei my yn ‘e gong op wacht steane, wurde nou yn ‘e keamer roppen. Mei alle NBS-bannen, wapens en munysje geane hja yn ‘e kelder ûnder de flier, in hast ûnfynber skûlplak. Ik bliuw allinne op wacht sitten foar de bûtendoar. As ik wer fytsen hear kypje ik troch it rútsje, mar der is neat to sjen. Harkje is dus it iennichste hwat ik dwaen kin. Sa sit ik dêr yn ‘e gong, sa kâld as in stien, en wachtsje. It is min waer wurden: reine en waeije, dat it siicht slim ûnder de doar troch; men forklûmet alhiel. As ik sa in skoft sitten haw en it fytsen wer ophâlden is, komt de koerierster by my yn ‘e gong mei it drôve nijs dat Bouke Kingma hinnegien is. Hwat wy wol oankommen seagen, is bard. Ik wurd der dochs noch kjel fan. Sa gau hie ‘k it dochs net forwachte. It sil nou sa’n ûre as trije wêze. Alles hwat der troch myn tinzen giet as ik dizze tynge krij is net to biskriu­wen. Hwat oerhearsket sokke tiden yn jins geast? In greate skrik en húvering dat de dea sa tichte by is? Meilijen, meilibjen mei dy earme femylje? Selssucht, blidens dat men sels biwar­re is foar it ûnk, dat in oar trof? Tankberens dat hy, dy’t weinaem waerd, ré wie om foar syn Hear to forskinen? De fraech: hoe soe ‘t mei my der foar stean as my dit oerkaem wie? Ik wit it net; dit allegear bistoarmet my as ik dêr stil yn dy kâlde, tsjustere gong efter de doar sit op to passen.

Ûnderwilens binne Wim en syn mannen wer ûnder de flier wei kaem. Der is bisletten dat hja mar nei it Pornpstation gean sille, dêr’t alles better to fordigenjen is en dêr’t ek net sa folle kâns is dat de poepen der komme as hjirre. Hoeden wurdt de bûtendoar iependien en dan giet der ien út om ris to sjen en to harkjen. Alles is lykwols wer rêstich wurden. Dan fordwine hja, slûpende figuren yn ‘e nacht.

Efkes letter komme ek dûmny en mefrou De WaI en dokter De Groot út ‘e keamer. Ik freegje dok­ter hoe’t it mei Tsjalling liket. Him tinkt dat it nochal in slimme woune is. It is noch min to siz­zen hoe’t it gean sil. Dan geane hja der út. Ek dokter Poppinga giet fuort.

Ik haw yntusken alris yn ‘e keamer west to sjen. Bouke leit dêr rêstich, as slepte hy. Der nêst leit Tsjalling, syn skonk forboun en mei spalken der by lâns. It hie bliken dien dat de bonke ek stik­ken wie.

Wy binne nou mar mear mei syn fjouweren by him oerbleaun: Auke, Durk, de Juffer en ik. Wy geane alles goed efkes nei hwat us noch yn ge­faer bringe kin. Wy fine yn it portaeltsje by de gong noch in karabyn en trije hângranaten. Dy bringe wy nei de skuorre, dêr’t wy se forstopje op ‘e weinen mei bagage fan ‘e Lânwacht. It is dochs dútsk spul allegearre, dat it kin der wol op troch. Auke bringt syn pistoal ek hjir of dêr forside. It skriuwburo yn ‘e keamer is bidutsen mei kranten, dêr’t de doktersspullen op stien hawwe. It docht bliken dat it allegearre yllegale blêdden binne: Trouw, Vrij Nederland, De Stien­nen Man ensafuorthinne. Dy wurde yn ‘e kachel treaun en opbarnd. Dat wol net best. It mika­gleske bigjint ek noch mei to flamjen en it rik­ket slim. Durk hat noch in soadsje ketânsjes yn ‘e bûse fan jild, dat er krekt oan ûnderdûkt spoarpersoniel útbitelle hat. Dy wurde op it skoarstienboerd forburgen. Op ‘t lêst ha wy alles sa goed mooglik fan kant. Wy prate ôf hwat wy sizze sille as de poepen komme mochten en dan binne wy ré foar de koarte nacht. De koerierster giet nei de sliepkeamer en wy sille bisykje hjir noch in bytsje rêst to finen. Tsjalling slûget by tiden sa’n bytsje. Ik sjoch noch efkes by him en praet effen mei him.

Dan meitsje wy it ús sa maklik mooglik. Elk twa stuollen en in oerjas, dat is ús bêd. Ik fyn noch in jas. Dy brûk ik as holkjessen. Fuort by my leit Durk, oan ‘e oare kant de tafel Auke. Op ‘e groun leit it stoflik oerskot fan Bouke en dêr­njonken leit Tsjalling. Ear’t wy ús deljowe sizze wy tsjin Tsjalling dat er ús, as wy him helpe kinne, fuort warskôgje moat. Hy hoecht nou neat sei’t er en hy fielt him folle better. Hy is sa bliid dat de pine ôfsakke is.

Dan wurdt it stil yn ‘e keamer. Ik bisykje hwat to sliepen, mar dat wol net slagje. In bytsje sûzeljen, dêr hâldt it mei op. Ik bin wol stôk­wurrich, mar hieltiten komt my fan alles wer yn ‘t sin dat ik hjoed bilibbe haw. It bêd is ek net bi­paeld ideael. En kâld! De tosken klapperje my bytiden. Sa haw ik in set lein to klûmjen en to prakkesearjen, as Tsjalling wer wekker wurdt en om hwat wetter freget. Durk hat efkes slûge, mar is ek fuort by de wurken om to helpen. Wy jowe Tsjalling hwat drinken. Hy hat goed tek­kens oer, dat hy hat alhiel gjin lêst fan ‘e kjeld. It is him earder to hyt. Hy is hwat koartsich for­nimme wy wol. Krekt lizze wy wer sa’n bytsje as Tsjalling ús wer brûke moat. Hy is hwat mislik. Wy doarre him nou ek net folle wetter mear to jaen. Mar de mûle is him sa droech. Wy meitsje dan syn lippen wiet en jowe him in pear drippen wetter. Hy is goed by en fortelt ús hoe’t it om en ta gyng doe’t hja sketten waerden. Wy sizze dat it better foar him is, as er him net al to drok makket, mar hy wol mei ús prate en seit dat er him folle better fielt nou. Pine hat er ek hast net mear.

Syn forhael is likernôch sa: Om in ûre as tsien sjogge Tsjalling en Bouke, dy’t by de homeije op wacht steane, dat der hwat oankomt. Hwat it is, kinne hja net sjen. As it tichter by komt, docht it bliken dat it in kloft­sje dútskers is. Oan elke kant fan ‘e wei trije op ‘e fyts. Der efteroan komt stadich in auto mei soldaten. Tsjalling is fuortdalik nei efteren flein om Wim to warskôgjen en to freegjen hwat hja moatte. Wim jowt opdracht dat de wachten har efterút halde moatte. Tsjalling sil wer nei Bouke ta. Mar dan heart er sjitten. Hy fljocht der hinne, syn stengun klear. Dan sil er sjitte, mar yn ‘e haest docht er it grif net alhiel goed. Dat it skot giet net ôf. Hy sil it oerdwaen, mar al wer wurdt der sketten en hy fielt dat er rekke is. In pear jonges fan Hurdegaryp binne ek krekt by Oos­tenbrug. Ien hat him yn ‘e droege sleat by de hutte falle litten. Hy lûkt Tsjalling, dy’t tichte by him tsjin ‘e groun slacht, nei him ta, ek yn ‘e sleat. As Wim en de oaren bûten komme, binne de fijannen al fuort. Bouke fine hja by de ho­meije; Tsjalling helje hja út ‘e jiskesleat. Wibe fan ‘t Swartkrús, dy’t krekt op ‘e singel njonken de pleats wie, hat noch in kear as hwat sketten, mar de ôfstân wie to great om sa yn skimer­joun goed to mikken.

As Tsjalling ús sa de tadracht fan it ûnk for­helle hat, bigjint er oer syn soarch dat er faeks in skoft net arbeidzje kin. Hoe sil it dan mei syn húshâlding komme: hy hat ek fjouwer lytse bern. Wy prate him syn noeden sa goed mooglik út ‘e holle. Dêr sil wol fear soarge wurde, sizze wy. Ek al soe it net alhiel wêze lyk as wy him fear­hâlde, wy moatte him dizze soarch ommers wol bisykje of to nimmen.

It is in lang petear dat wy dizze nacht mei Tsjal­ling hawwe: oer de materiële, mar ek oer geast­like dingen. Tsjalling freget him ôf: Hoefolle soene strak, doe’t Bouke hjir op ‘e dea lei to wachtsjen, yn alle stilte in bea fear him opstjûrd hawwe? Der hawwe guon west dy’t dat wol dien hawwe en ien dêrfan is Tsjalling. Al hoe’n pine as er sels ek hie, der wie in gebet yn syn herte fear syn maet dêrnjonken him.

Hy hat it allegearre sa djip meifield. Hoe kin it ek oars; hy is net sa mar domdryst dizze striid mei oangien. Hy hat it swier hawn doe’t er syn húshâlding efterliet. Hy wist dat er him yn in great gefaer bijoech, mar hy koe net oars. Hy moast meihelpe oan ‘e bifrijing fan ús lân. Hy is der wis fan dat er net oars as syn plicht dien hat.

Ûnder de petearen ha wy Tsjalling sa nou en dan mei it ien en oar holpen. Hy sjocht op ‘t lest tige nei de moarn út. Dan sil der faeks help daegje. Om in ûre as healwei seizen, tink, komt de koe­rierster wer yn ‘e keamer. Hja hat noch in pear ûrkes slept. As it hwat ljochter wurdt, dogge wy it lampke út en de gerdinen iepen.

De koerierster en ik sille krekt togearre nei it Pompstation as de arbeider fan Oostenbrug der oan komt om to melken. Hy sleept in fyts mei, dy’t er oan ‘e wei foun hat. It iene tsjel is alhiel forbûgd. In oantinken oan ‘e karavaen, dy’t fannacht foarby gien is.

By de homeije sjoch ik ris oft ik Bouke syn ge­wear, dat wei is, ek fine kin. It leit noch yn ‘e sleatskant, fuort by de daem.

As wy tichte by it Pompstation binne, fine wy noch in fyts, ek mei in forinnewearre tsjel. Fan­sels binne der yn ‘t tsjuster in pear yninoar rek­ke en oer de kop stoud. Ik tôgje him mar mei nei it Pompstation. Efter de greate izeren hikke steane in pear man op wacht. De kaei wurdt helle en wy kinne der yn. Dan hearre wy hoe’t hja fannacht hjir ek yn greate spanning forkeard hawwe doet de kolonne stean bleau; in diel dêrfan krekt by harren. Wie ‘t it doel fan ‘e dútskers it Wettergebou yn ‘e loft fleane to litten? Dat foar to kommen wie krekt de taek fan dizze NBS-groep. De flechtsjende fijân stie rounom fuort ré om allerhanne vitale gebouwen en wurken to fornielen. As it har slagje soe it Pompstation ûnder hannen to nimmen, soe de wetterfoarsjenning fan in great part fan Fryslân forsteurd wêze. Ien fan ‘e NBS-ers lei mei de brenn (in lichte mitrailleur) foar ‘t gebou. Doe’t de poepen sa tichte by stean bleauwen, tocht er: Ik mei my wol hwat better dekke. Fuort by is in muorke. Dêr mar efter. Mar yn ‘t tsjuster rek­ket er to fallen. De brenn kletst op ‘e tegels. In stik lawaei fansels. Hja moatte it op ‘e wei wol heard hawwe. Us maet tinkt: Gau sjen hjir wei to kommen ear’t hja bigjinne to sjitten. Hy sil troch de beamkes om it gebou hinne slûpe. Dêr stiet in oare wachtpost. Dy ropt: ,,Wachtwurd!” as er ynienen ien út de strûken weirûgeljen sjocht. De oare is lykwols al hast oan him ta as er: ,,Juliana” ropt. Mar dat is al to let. De wacht hat al sketten. Of né, sketten hat er net: hy hat wol de hoanne oerhelle, mar, o! wûnder, de sten wegert. In klik, mar gjin skot. It is ûnbegryplik, dat it wapen krekt op dit stuit net wol. Dat sawol de sjitter as dyjinge, dy’t sa wûnderbaerlik op it kantsje ûntkaem is, noch hwat fan ‘e wize is docht ús gjin nij. Net allinne dat it neat skeeld hat of de iene maet hie de oare deasketten, mar dit hie fan gefolgen west dat de dútskers mei har greate oermacht alarmeard wiene.

Dat ek foar de ploech op it Pompstation wie it in opluchting doe’t de saek wer bigoun to rôljen. Dêrnei hearden hja de kloft fytsen foarby kom­men. In pear rûgelen mei gâns kabael oer de dyk.

As wy forslach útbrocht hawwe fan ‘e sitewaesje op ‘e pleats hyt Wim my nei Oostenbrug to gean en alles hwat der op ‘e weinen fan ‘e Lan­wacht is op to skriuwen en to soargjen dat dy weinen yn it lytse skuorke efter ‘t slot komme. Holpen troch Durk doch ik dat. Wy fine hiel hwat op ‘e weinen: klean, iten, tekkens, in lede­kant, in lânwachtunifoarm, en neam mar op: alles hwat in flechtsjende húshâlding mar meinimme kin.

As dit birêdden is sjoch ik ris wer by Tsjalling. Hy liket ús lang sa goed net ta as fannacht. Oostenbrug, Auke en ik drage Tsjalling nei de sliepkeamer, dêr’t wy him op bed lizze. Wy dog­ge in tekken oer him hinne, dat allinne it oantlit to sjen is. De gerdienen slúte wy. Dan geane wy stil wer fuort.

As ik wer op it Pompstation kom stjûrt Wim my mei in pear brieven nei Quatrebras en Burgum. Hast oan Quatrebras ta wurd ik warskoge dat der wer in auto mei dútskers is. Earst bin ik fan doel myn bân fan ‘e earm to dwaen en troch to fytsen. Mar as hja my ris oanhâlde om myn dúts­ke fyts en de brieven fine, kinne de gefolgen slim wêze. Dêrom gean ik mar efkes by Klomp­stra yn ‘e winkel. Dêrwei kin ik de auto sa’n bytsje yn ‘t each hâlde. Dy stiet efkes op ‘e hoeke, krekt as witte de ynsittenden net rjocht hwat hja sille. Hja freegje in pear minsken hwat en ride dan stadich dat nei Burgum út. Ik stjûr in jonge mei dit nijs nei it Pompstation om’t ik forwachtsje dat der mear komme. Sels gean ik in eintsje werom en dan de singel njonken Oos­tenbrugs del nei de Simmerdyk. Sa nei Húster­heide. Dêr sjoch ik wer nei de auto út. Dy is net trochgien nei Burgum, hear ik, mar wer werom nei Quatrebras. Dan ik mar gau nei Burgum. Dêr bring ik de boadskippen oer. Oan de Ge­meentlik Operaesjelieder doch ik forslach fan hwat der dizze nacht bard is. Ik fortel him ek fan de auto mei poepen dy’t sa krekt dit út soe. Op ien brief moat ik andert hawwe. Op it pelysje­buro yn it gemeentehûs wachtsje ik. Dêr sit in hiele ploech NBS-ers. Hja hawwe ek hiel hwat nijs. Der binne in stikmannich Trynwâldsters by. Hja hawwe ek hiel hwat meimakke. Yn Ryptsjerk, fortelle hja, binne fannacht sa’n trije hûndert poepen oankaem. Dat sille dan deselden wol west hawwe dy’t ús foarby gien binne. Ek hear ik hjir dat de brêge op Burgumerdaem al wer sahwat biriidber makke is. Planken foar in help­brêge hiene al klear lein yn in keet fuort by. Nou is dêr sa’n soarte fan skipbrêge fan makke. Op forskate plakken binne se al drok dwaende N.S.B.-ers en sa op to heljen. Der sitte al hiel hwat yn ‘e skoalle to Burgum. Ek al in stikman­nich dútskers. Hjir yn Burgum hawwe hja in skip fol oalje bútmakke. Justerjoun soene hja dêr earst al op ta, mar om’t it nacht wie waerd dat útsteld. Nou fan ‘e moarn binne der in man as toalve op ôf gien. Har forskûljend efter de diken skeaten hja in pear kear oer it skip. Doe waerd der ek fan it skip sketten. It duorre lykwols net lang as de kommandant kaem foar ‘t ljocht en stiek de wite flage op. Hy woe him wol oerjaen. It skip fol oalje is fansels tige wolkom. In man as hwat hawwe it nei de Daem fearn. De oaren hawwe de Kriegsmarinebimanning meinaem.

Nei’t ik in bakje kofje en in brogge fan ‘e kon­cierge krige en lekker opdronken en bipluze haw, is it andert op myn brief ré en kin ik war op stap gean.

Wer op ús post oankaem hear ik hoe’t it gien is mei de dútske auto dy’t ik op Quatrebras sjoen haw. Doe’t de poepen, dy’t dêr yn sieten, it net fortrouden om nei Burgum to riden, gyngen hja werom nei de fjouwersprong en soene doe mar de kant út nei Grins. Mar op it Pompstation hiene se tynge krige dat dy auto op Quatrebras wie en gau is der in ploech op ôf gien. Sahwat by Oostenbrugs kaem de auto har al yn ‘e mjit­te. Hurd yn ‘e wâl. “Halt!” en tagelyk floite der al in kûgel by de hollen lâns fan de soldaten dy’t efter op ‘e auto stiene. Hja hawwe it blyk­ber net mear oandoarst om to bisykjen fuort to kommen, hwant fuortendaliks is de wein stean bleaun. Seis man kamen der út; der wie sels ien by mei in houten skonk. Hja hawwe har fuort oerjown en de wapens - ûnder mear in prima automatysk pistoal - en it weintsje binne ús oarlochsbút wurden. De mannen binne al nei Burgum brocht.

It binne wol fremde dagen dy’t wy bilibje. It iene eagenblik is der hwat dêr’t men ‘bliid mei is, it oare jowt jin drôvenis. Hwant efkes letter is der it birjocht dat Tsjalling, dy’t nei it needsiken­hûs yn Burgum brocht is, weinaem is. Ek hy brocht it heechste offer. Syn frou bliuwt mei fjouwer berntsjes efter.

Mar dit wûnderbaerlike libben giet fierder en freget syn rjochten. Binne wy op wei nei de men­taliteit fan de frontsoldaet?

Fuort letter sitte wy oan it waerm miel. Us kok, bakker Rein, hat in hantsjettel fol iten brocht. It is wol hwat tige sâlt, mar it falt ek net ta om dat fuort goed to roaijen as men foar safolle iten siede moat. Us ytseal is de wurkpleats ûnder yn it Pompstation. Ik haw gjin board en gjin leppel en foarke, mar men moat hjir net to krekt sjen wurdt my foarhâlden. Dêr hâld ik my dan mar oan. Itersark skoai ik byinoar en dan yt ik mei in maet út ien board.

Nei iten ha wy net folle to dwaen. Hjir en dêr leit ien yn it gêrs to slûgjen. De hiele nacht hat gjin ien in wink yn ‘e eagen hawn. It is sok kostlik waer dat men nou best hwat bûtendoar lizze kin. Suver simmer is it.

Sa nou en dan moat ik noch in boadskipke dwaen. Dan ris dit en dan ris dat. Der is safolle to bioarderjen en mei de telefoan kin men ek noch neat wurde.

Yn ‘e rin fan e middei komt Wim mei in forras­sing. Yn in moaije forpakking blykt hiel hwat to sitten dat wol smakket. It binne de needrantsoe­nen dy’t ek by Oostenbrugs under de flier sie­ten. Trijerisom moatte wy in pakje partsje. Der komt fan alles út; dingen, dy’t wy yn gjin jierren sjoen hawwe, lit stean fan preaun: sûkelarje, suertsjes, biskwies, yninoarparse fruchten, ta­bletten dêr’t men troch der hyt wetter op to jit­ten kofje, échte kofje, fan kriget, kaugom ensfh. Ik moat nei Oostenbrugs ta, dêr’t twa man sit­te mei hwa’t ik partsje moat. Dêr fyn ik de boel gâns opknapt. De keamer is himmele en opret, tafel en stuollen steane wer to plak. Twa man sitte by de tafel. Hja hâlde de deadewacht by Bouke, dy’t yn ‘e sliepkeamer leit. Efkes sjoch ik dêr. Hy leit dêr nou sa rêstich. Fan ‘e moarn is er hjir opbiere. Dan gean ik wer nei de beide jonges ta: Harm de Vries en noch ien. Wy part­sje ús pakket. Dêrnei gean ik werom nei it Pompstation. Twa man steane dêr nou foare hieltiten op wacht. Ien rint efter it gebou om. Om ‘e twa ûren wurde de trije wachten ôflost. Op ‘e hoeken fan ‘e wegen binne buorden oanspikere, dêr’t op stiet dat de greate wegen sluten binne foar it boargerforkear. Boppedat moat elts dy’t fierder as 6 km reizgje wol in pompierke ha. De wachten foar it Pompstation moatte kontro­learje oft it wol yn oarder is. Mar wy witte sels suver net ienris hoe’t it krekt sit. It is allegearre noch frijhwat rommelich.

Foarskniften krije wy net. Allinne hwat oanplakt stiet kinne wy soms ris hwat fan gewaer wurde. Sa bart it wol dat de minsken dy’t oanhâlden wurde, der mear fan witte as wy sels. Ik stean in setsje by de jonges dy’t nou de wacht hawwe. De hiele mid­dei wurdt it stadichoan drokker mei Kanadeeske tanks en auto’s. Sûnt justermiddei hiene wy gjin wer sjoen. Dy earsten binne nei Dokkurn gien. Dizzen geane nei Ljouwert.

Yn ‘e wurkpleats fan it Pompstation hawwe wy sahwat ús wachtlokael. Ik bin dêr noch mar krekt as Wim foar de telefoan roppen wurdt. Efkes letter komt er werom en fornijt ús dat út Ikkerwâld assistinsje frege is. Ik moat nou nei Hurdegaryp om Kees, dy’t op ‘e Hoek wennet, to warskôgjen dat er mei de auto komme moat. Sa gau as ‘t kin gean ik op stap. Yn ‘e buorren yn Hurdegaryp is it allegearre minsken. Ik doch it my net oan tiid om by ús thús oan. Der sil nammers nou dochs ek wol net ien thús wêze. De buorlju steane by de wei. Ik stek de hân op tsjin har en hja wiuwe werom. Sawn, acht moan­ne hawwe wy inoar net sjoen. Nou riid ik wer iepenlik en frij troch it folk en ek noch wol mei in NBS-bân om. Op ‘e hoeke by hotel Braam stiet ek hiel hwat folk to sjen nei hwa’t der lâns komt. Ik sjoch der ek inkelden tusken dy’t al hwat wyt om ‘e noas binne: in lid fan de NSB, ien dy’t altyd tige pro-dútsk west hat en sa mear dy’t net alhiel skjin op ‘e lea binne. Hja steane ek to sjen mar sjogge de tanks faeks wol mei hwat oare eagen as wy. Ik swaei de Simmerdyk op. Al ridlik gau bin ik nou op ‘e Hoek. Kees is net thus en de arbeider wit net hwêr’t er is, seit er. Dat liket net sa bêst. Ik sil krekt wer fuort as de boer der oan komt mei in blik benzine efter­op ‘e fyts. Hy wie al dwaende om de boel ré to meitsjen foar it gefal de auto brûkt wurde moat. Ik gean efkes yn ‘e hûs om hwat drinken. ,,Net al to lûd, hear!” seit de boer tsjin my. It is om­mers ek sa, hjir boppe my sit de man, dy’t him boargemaster fan Tytsjerksteradiel neame liet. Der is mar in inkelden ien dy’t wit dat er hjir sit. Justerjoun bin ik it gewaer wurden. De rollen binne nou wol hwat omkeard. Ik wie noch net in dei under wetter of mei troch syn ta­dwaen wiene der al acht man om ús hûs troch to sykjen. Nou sil hy aenst wol ophelle wurde mei de NSB-gemeentesektaris dy’t er koartlyn hjir hinne helle hat en dy’t nou mei him op ‘e souder by Kees ûnderdûkt is.

De auto wurdt út ‘e garage helle, mar it is in greate toer om him oan ‘t rinnen to krijen. De fjouwer jier under it strie binne him net alhiel yn ‘e klean sitten bleaun. Dan ynienen slacht de motor oan, mar krekt fierder is it al wer mis. Ik gean dan alfêst op ‘e fyts foarút om by Anne Bosma to sizzen dat er efkes in reservebân klear set. As ik dêr in skoftsje wachte haw komt de auto der oan. Hjir wurdt de motor noch efkes neisjoen en it reservetsjel komt efterop. Dan geane wy. Ik hingje ta ‘t rút út om myn fyts mei to tôgjen. It docht nou bliken dat de wein noch wol ride wol. It hier stout my hast fan ‘e holle. Yn in omsjoch binne wy op Noardburgum. Dêr stiet Wibe ek aI ré mei it weintsje dat bút­makke is. Dan is it wachtsjen op ‘e opdracht: fuortgean!

In pear tanks bliuwe stean. Wy moat­te de mannen útlizze hwêr’t Ikkerwâld en Bir­daerd lizze. Dêr sitte sa’n 300 SS-mannen wurdt der grute. In stik as hwat fan úzes wolle der wol graech op los. Theo, ús marinier, leit al efter op in oare tank mei syn brenn as wy mei do mannen fan ‘e foarste prate. Hy wol perfoarst op ‘e poepen ôf en is mar hwat noartsk as er, as hja al ride, der wer ôfkomme moat. Dan komt der út Burgum in tsjinbifel, dat der gjinien fan ús seksje hinne mei. Wy geane mar wer nei ‘t Pompsta­tion.

Net sa lang duorret it, dan komt ús kok al wer mei stikken iten. Nei iten giet der in patrouille op stap nei Hurdegaryp ta. It is al aerdich let as dy wer werom komt. De mannen sitte wer fol forhalen. Guon fan harren hiene krekt by ho­tel Braam west, doe’t dêr in auto oankaem mei Tytsjerksters, dy’t seine dat hja Frijling, de boargemaster, ophelje moasten, mar hja wis­ten net hwer’t er siet. Pyt, ien fan ús mannen, lykwols hearde by de inkelden, dy’t dat wol wis­ten. Dus meiinoar nei de Hoek, nei de pleats fan Kees. De auto bleau by Braam stean. Doe’t fuort letter it ploechje NBS-ers mei de boarge­master en ek noch de tydlike gemeentesiktaris, Keuker, in NSB-er út Limboarch, de Simmerdyk (letter Burg. Drijberweg) útwei kaem, wie ‘t fansels sa mar in hiele op­tocht. Op e hoeke by Braam rekken hja yn ‘e auto.

Wol hwat in nuver ûnderdûkersplak hiene dizze twa mannen útsocht: by in lid fan ‘e NBS. Lyk­wols it sil ek wol mear it doel west hawwe om to foaren to kommen dat hja slachtoffer fan in ûnrjochtlike en nuodlike folkswoede wurde, as dat hja de hope hawwe har straffe to ûntrinnen. Dat se de mentaliteit fan ‘e minsken dan net sa min taksearre hiene die wol bliken doe’t de BS-ers suver de hannen fol hiene om it folk of to hâlden fan ‘e beide magistraten.

Mei niget harkje wy nei dit yn geuren en kleu­ren fortelde forhael.

It is sahwat tsjuster as der tynge komt, dat der yn Hurdegaryp efter de spoarbaen in keppel (ik leau, dat der sein waerd fan wol sa’n hûnderttweintich) lânwachten tahâlde, dy’t har net oer­jaen wolle. Yn ‘t Bûtenfjild by Feanwâlden is ek al de hiele joun sketten. Ien pleats baernde dêr strak al, ha wy wol sjoen. Der wurdt grute, it moat dy fan in NSB-boer wêze, dy’t lânwachten of sahwathinne forstoppe hie.

De mobile brigade Hurdegaryp sil der nou op út. It sil net ta falle mei sa’n lyts ploechje dêr by nacht hwat út to rjochtsjen. Mar net ienris sa lang duorret it, dan binne se der al wer. Der wie by Hurdegaryp neat to finen. De minsken binne troch de spanning fan dizze dagen ek wol in bytsje spoeksjoggerich wurden. Gauris komt der ien om to warskôgjen foar gefaren dy’t al­hielendal net (of alteast allinne mar yn ‘e yn­bylding fan ‘e minsken) bisteane.

In pear man binne al nei boppen, dêr’t ús sliep­seal wêze sil. Ik bin ek wol in bytsje slûch sa stadichoan, mar ik gean dochs noch net op bed om’t nou krekt de forhalen los komme. Dingen, dêr’t men sa lang oer swije moast en dy’t jin dochs sa heech sieten, komme nou op ‘e lap­pen. Wim en Romke fortelle fan it forfier fan ‘e wapens. Hoe’t hja soms yn noed sieten en soms ek wolris wille hiene. Dy iens kears byge­lyks doe’t de poepen har rânsels op ‘e wein mei ierdappels smieten en de fuorman dêrom troch­ride rnoast nei Feanwâlden. Hwat hie’t in opluch­ting west dat de poepen, dy’t sels derby bleau­wen (guon hiene sels op ‘e wein west), net for­namen dat der wapens ûnder de ierdappels sieten. Dan wie dy man út Trynwâlden snoader; dy hie der mar rûge dong oersmiten. Dêr soene de poepen wol net op sitten gean en dat foar­deren se ek net, hwat mei de ierdappels ek noch faei wie. Ek moai wie dat fan dy pream mei wa­pens, dy’t de mar oer fear efter in sleepboat fan ‘e fijân oan. Dêr by de Burgumer Mar hie him trouwens wol mear ôfspile. Yn it simmerhúske by Eastermar joech nammentlik ek in Ingelske offisier (Wolf hiet er, ek wol koning en wolris Prins) les oan ‘e seksje- en letter ek oan ‘e groepskommandanten. Hy hie de Ingelske nasjo­naliteit mar hy wie yn Grins berne. Hiel hwat hied’er al meimakke sa foar en nei. Hy hie ûn­dermear yn Birma oan it front west. Nou wied’er mei in parasjute dellitten yn ús lân om op ûnder­skate plakken yn Fryslân de lju, dy’t hjir stride soene, to ynstruearjen.

Sa komt de iene mei dit, de oare mei dat oan­setten. Ik fortel sels hwat fan de knoeijerijen mei persoansbiwizen, distribúsje-stamkaerten ensafuorthinne. Der is fansels mar in inkelden ien dy’t wit dat der by it útjaen fan ‘e nije stam­kaerten, dy’t sekuer forantwurde wurde moas­ten, troch in mannich goedtrochtochte manipu­laesjes yn Tytsjerksteradiel 180 efterhâlden wur­den koene. Sadwaende wiene der eltse perioade 180 bonkaerten oer. Eltse ûnderdûker dy’t gjin bonkaert hie koe op dizze wize holpen wurde. Mei’t ek yn forskate oare gemeenten yn Fryslan itselde barde, hiene de lêste tiid gjin oer­fallen op distribúsjekantoaren mear nedich west. Ek de oerfal op it gemeentehûs yn Burgum wie in tankber ûnderwerp. Dat alles sa goed for­roun wie, wie foaral to tankjen oan ien fan ‘e amptners, dy’t foartiid alle ynljochtings en sels plattegrountekeningen dêrfoar levere hie. In wûnder wie ‘t dat de SD doe net ien of mear minsken oppakt hat. Hja fortrouden it spul oars lang net, hie wol bliken dien.

As fansels komt ek de namme fan ‘e eardere lieder fan ‘e geheime organisaesje yn Tytsjerk­steradiel, Navis út Burgum, op it aljemint. Men kin ommers neat fan al dy dingen fortelle of syn namme moat yn dat forbân neamd wurde. Yn ok­tober ‘44 waerd er yn Putten op ‘e Feluwe, dêr’t er ûnderdûkt wie, lyk as alle mânlju fan dat doarp, oppakt en nei Dútslân brocht. Letter is der in tillefoanbirjocht kaem dat er yn in konsin­traesjekamp omkaem is. Hoe faek haw ik fan ‘t winter net oan him tinke moatten: Hoe soe’t mei him wêze? Soed’er noch yn libben wêze? En dan stiet er wer foar my, dy sneintomoarns yn juny-­july, kalm en rêstich, mei it boadskip: ,,Ik for­dwyn. Bring efkes birjocht nei de kontaktpun­ten yn Hurdegaryp, Trynwâlden en Noardbur­gum dat ik fuort moat en dat De Vries myn op­folger is.” Doe haw ik ôfskie fan him naem by ús yn ‘e foarkeamer. Syn soan stie bûten op him to wachtsjen en togearre rieden se dat nei Ljouwert út. Ik tink oan dat alles as fansels as wy prate oer yllegael wurk. Hy wie de baes en mei greate earbied siI elts, dy’t mei him dit moaije mar gefaerlike wurk dien hat, oan him tinke. As ik my dan realisearje dat hy miskien nea wer komme sil, dizze man mei sokke rike liedersjeften, dan kin it net oars as ik wurd der stil fan en dan gean ik nei boppen, nei ús sliep­seal.

Noch mar in pear lizze al. It slagget my fan de iene of oare in tekken to lienen. Myn jaske lûk ik út en dat brûk ik as holkjessen. Goed yn ‘e tek­ken biwuolle bisykje ik to sliepen. Dat wol lyk­wols net sa bêst op ‘e stienhurde flier. Boppedat wurde der om ‘e twa ûren trije man wekke foar de wacht. Fuort letter komme dan de ôfloste wachten wer. As men krekt sa’n bytsje de sliep to pakken hat, is dat allegearre wol hwat hinderlik. Der wurdt wol sa folle leven makke, dat de measten wer wekker binne.

Op ‘t lêst freget de natûr dochs har rjochten; wy hawwe in bult warber west de lêste dagen en suver gjin sliep hawn, dat nettsjinsteande alle ûngeriif rekket elts to’n lêsten yn in djippe rest. Gauwer as ús leaf is komme hja al wer om ús to wekjen. It is dus nou:


moandei 16 april.

Ik moat fuort op ‘en paed om ris by de skear­baes to sjen, oft dy fan ‘e middei ek komme kin. Der binne guon fan uzes, dy’t mar hwat in banditerich uterlik bigjinne to krijen en nedich it mes ris oer ‘t kin ha moatte. As ik by Rinsema’s kom, sit de doar dêr noch fêst. De baes is der lykwols krekt ôf en heart my oan ‘e doar rattel­jen. Wy prate ôf, hy sil fan ‘e middei komme to knippen en to skearen.

Underweis wurdt my trochdien dat der juster­joun yn ‘e bosk ljochtkûgels ôfsketten binne. Dus der moatte noch altiten poepen sitte. Op it Pompstation witte se der ek al fan, as ik dêr wer kom. In patrouille siet krekt klear om fuort. Der is nammentlik ek meld dat minsken op it Swartkrüs, dy’t as NSB-ers bikend steane, de dútskers oan iten en sa helpe, ja har faeks wol forstoppe hawwe yn of by har hûs. Der wurdt my hiten om ek mei to gean. Jaep en syn man­nen marsjeare de strjitwei út; ik op ‘e fyts der­njonken. De bosk rjochts fan ‘e wei wurdt goed yn it each hâlden. As wy ticht oan ‘t Swartkrús ta binne, gean ik foarút om de saek ris hwat to forkennen. Hoeden fyts ik dat út. As ik in pear minsken, dy’t my as wol bitroud bikend binne, foar hús stean sjoch, freegje ik dy, oft hja fan­nacht ek hwat fornaem ha. Né, neat sjoen of heard. Dan mar fierder. Op ‘e brêge bliuw ik stean. It is allegearre wol hwat nuodlik; faeks bin ik ek wol hwat al to dryst tink ik by my sels.

Hjir fyts ik yn in NBS-overall sûnder wapen, wylst it bêst mooglik is, dat de poepen tichte by binne. Dan gean ik werom, foarsichtich it hûs, dêr’t de fortochte minsken wenje, yn it each hâldend. De patrouille is dêr nou krekt oan ta. Ik kin, nou’t ik fan ‘e oare kant kom, yn ‘e gaten hâlde dat der dêr net ien útnaeit. Der is lykwols neat bysûnders to sjen en yn in om­sjoch is it hûs omsingele. Ien man leit mei de brenn klear om op to passen. Twa man stappe op ‘e doar ta en geane deryn. It docht bliken dat der neat to finen is. In pear fan ‘e biwen­ners moatte lykwols mar efkes mei foar in for­hoar. Krekt as wy wer fuort sille, komme der noch in stik as fiif fan ús mannen oanfytsen. Myn taek is hjir nou einliken wol ôfroun. It is nou ek net it aldermoaiste wurk om in pear minsken mei op to bringen. Dat ik gean mei it krekt oankommen ploechje mei de wei efter de bosk út. Wy fornimme neat mear yn ‘e bosk. As wy earst ris in blokje omriden binne, geane wy by Pier Kramer op Noardburgum de reed op. De fytsen sette wy dêr del. Dan foarsichtich fierder dat út nei de barakken dy’t de dútskers dêr boud hawwe. In eintsje dêrof geane wy plat yn in groppe lizzen. Forskate kearen wurdt der nou om en oer de barakken sketten. Alles bliuwt gelyk. Dan rinne der in pear man op ta. De oaren bliuwe lizzen, op har iepenst, gewear of sten yn ‘e oanslach. Mar der bart neat. Wy gea­ne dan ek oerein om ris yn de barakken to sjen. In wûnder, sa moai as alles ynrjochte is: sliep­keamers, wenkeamer, koken, in hok om rommel yn op to bergjen, allegearre fan bêst materiael. In greate hardershoun strúnt der by om. Hy moat noch al falsk wêze, wit ien fan ús maten. It skynt dat er nou dochs wol hwat ûnder de yndruk is dat syn bazen, it ,,Herrenvolk”, sa hastich fuort rekke binne, hwant hy krûpt wei ûnder de tafel. In stik fan in koekje, dat ik fyn en him jow, wol er net ienris ha. Dan pak ik him by de halsbân en nim him mei. As wy alles bi­sjoen ha geane wy werom, hwat fan de moaiste fynsten meinimmend. Ik sjou in helm, in boek mei platen, hwat ljochtkûgels en in pear moaije portretten fan de Führer en noch in hege miter mei. De houn giet ek mei fansels. Dat bist kin dêr net allinne bliuwe. Kramer ûntfermt him oer it earme dier.

Mei ús bút ride wy wer nei it Pompstation. De foto fan Hitler hawwe de minsken tige de gek mei fansels. ,,Wy ha ‘m al!” Ja, wie it mar wier, dan bleau der net folle fan him oer!” En sa leit it wol sahwat: minsken, dy’t gjin hin de nekke om draeije kinne, soene ta in grouwelike moard by steat wêze as hja dy man yn ‘e hannen krigen. As wy op it Pompstation werom binne, toane wy ús bút en bringe wy forslach út fan ús tocht.

In stikmannich boadskippen wachtsje my al wer. Efkes nei Quatrebras, nei de kaserne. Dêr dielt master de lekkens út. Hy is kommandant fan ‘e Oardertsjinst op Noardburgum. Ek Auke, Durk, Sape en Hindrik en sa binne hjir gauris to finen. Ik bring myn boadskip oer. Dan myn oare op­dracht ôfdwaen. Ik moat om in moter út. In jong­feint op ‘e Swette hat sa’n ding goed en wol de oarloch trochkrige en hy wol wol mei my ride. Us kommandant achtet it tige fan bilang dat wy foar de fierste reizen en foar dy dêr’t haest by is, dêrfan gebrûk meitsje. As ik by de eigener fan it féhikel kom, duorret it net mâlle lang of wy meitsje al in proefritsje. It giet bêst.

Wy prate of hy sil fuor’t nei iten komme. As er dan lykwols goed op ‘e tiid der is, biteart it oars. Der is krekt birjocht kaem dat der gjin ien mear yn hwa’t forbân ek by de NBS oannaem wurde mei. De moter kinne wy lykwols net best misse, dat dy wurd’ foardere en Piter, dy’t al lid is fan it net-stridend part fan ‘e BS, wurdt ús moterrider. Mei gauwens moatte wy togearre op stap. De seksjekommandant hat my in stik­mannich opdrachten jown. Earst ride wy nei de kaserne om benzine. Ik stean dêr noch foar hûs, as ik yn’enen roppen hear: ,,Dútskers!” en op ‘e hoeke sjoch ik in auto hâlden. It wol my net rjocht oan. It sille wol Kanadezen of NBS-ers wêze. Mar as ik better tasjoch, liket it der dochs in bulte op dat de roppers gelyk hawwe. Soene se hjir hinne komme? Mar né, hja ride al wer, de kant út nei Ljouwert.

As wy ré binne starte wy foar ús reis nei Bur­gum. Foarsichtich passearje wy it krúspunt. Der koene nochris mear fan sokke auto’s oankomme. Der wurdt ús dêr forteld dat der niis ek sketten is dat nei Noardburgum oer.

Yn Burgum bring ik de birjochten oer dy’t my meijown binne. Ik fortel de GEMOL ek fan de poepen dy’t krekt oer Quatrebras kaem binne. Hy seit, hy sil der aenst fuort efkes hinne.

Dan geane wy werom.

Ticht oan Quatrebras ta sjogge wy op ‘e Ryks­strjitwei tanks of sa stean. Stadich ride wy troch. Op ‘e tréplanke fan in tank stiet ús koerierster drok to praten mei de Kanadezen. De kaert ha se der by sjoch ik wol. As hja ús yn ‘e gaten krijt winkt hja. “De moffen ha Harm de Vries deasketten”, seit se. It is as gean ik troch de groun. Ik hear it wol, mar ik kin it sa gau hast net fetsje. En dan fortelt se yn in pear wurden hwat der bard is. In forhael, dat my razend mak­ket. Dy smoarge rotmoffen!

In auto kaem der oanriden mei “Oranje” foarop, fan ‘e Grinzer kant. Harm stekt de hân op om de ynsittenden to groetsjen. “Pang, pang!” is ‘t en Harm leit mei in kûgel troch it herte op ‘e wei by de hikke fan it Pompstation, dêr’t er op wacht stie. It hat deselde auto west, dy’t wy hjir op ‘e hoeke sjoen ha. Fan ús kleuren gebrûk meit­sjend bisykje hja to ûntkommen. Hja sjitte im­men del dy’t gjin kwea tsjin har yn ‘t sin hat. De juffer hat de mannen fan ‘e tan’k op ‘e hichte brocht mei hwat der foarfalIen is. Togearre wize wy de wegen nou oan, dy’t de auto lâns gien wêze kin. Nei Ljouwert kin net mear: dêr kom­me se dochs net trochhinne. Nei Tytsjerk en Suwâld leit ek net foar de han. Dan bliuwt oer: de wei troch Trynwâlden en dan sa oer Birdaerd de klaei oer dat nei Harns út, dêr’t noch tûzenen dútskers sitte moatte. Krekt ha wy it harren hwat foar’t forstân brocht as der in ordonnans fan Dokkum op ‘e moter oankomt en fornijt dat de dieders yn Oentsjerk snapt binne. Hy riidt ek fuort wer fierder. Mar dit is prachtich. Lit de tanks dan mar gau wer gean.

Hurd gean ik wer by Piter op ‘e moter sitten en wy ride nei it Pompstation. By de yngong stiet Wim mei de GEMOL, dy’t krekt ek op in moter oankaem is, to praten. Ik meld harren hwat ik krekt heard haw. De GEMOL jowt opdracht dat wy nei Oentsjerk ride moatte om to sizzen dat de poepen nei Noardburgum brocht wurde moat­te. Ik gean noch efkes it hiem fan it Pompstation op, dêr’t Harm op in draechbier leit. Dêr leit ús tredde maet, kâld en wyt, sa ûnforwachts troch de dea weiskuord. Doe’t dyjingen, dy’t it tichtst by him wiene, op it sjitten oanrinnen kamen, wie it aI dien mei him. Krekt hied er noch mei ien sitten to praten. ,,Nou, ik moat mar op wacht”, wie mei fan it lêste hwat er sei. Hy los­te syn broer Wibe ôf en doe fuortdalik kamen dy auto’s der oan: earst in lytsen en doe in frachtauto. De poepen hiene ek noch sketten op Ridzert, dy’t krekt de foardoar fan it Pompstation útstapte. It earste skot wie mis. Doe liet Ridzert him fuort falle efter it muorke en de skoaten koene him net mear reitsje.

Piter en ik geane nou op stap nei Oentsjerk. Wy binne yn Hurdegaryp as Klaes en noch in man as hwat, dy’t op patrouille west ha, ús yn ‘e mjitte komme. Wy stopje efkes en freegje oft hja ek witte hwer’t dy auto krekt pakt is. Mar ta us greate toloarstelling fornije hja ús nou wer dat de skurken alhielendal net snapt binne. Hja hawwe sapas mei de GECO (Gemeentlike Kom­mandant) praet en dy wie yn ‘e auto oan ‘e oare kant Aldtsjerk de twa auto’s fan ‘e poepen noch tsjinkaem. Dus dochs noch mis. Wy kinne se mei ús licht moterke ûnmoogIik mear ynhelje. Dêrom sille wy nou mar werom. Dêr komme wer tanks oanriden. Wy hâlde se oan en it docht bli­ken, dat it deselden fan niiskrekt op Quatrebras binne. Hja hawwe dêr sa lang stien. Ik fortel de mannen dat de moardners fan strak dochs net pakt binne. Hja kinne der sels net efteroan, mar sille it oer de radio al efkes trochjaen.

Dan ik wer op ‘e duo by Piter. Gau binne wy wer op Quatrebras. Ik haw ûnderweis myn plan mak­ke. Men moat, nou’t de situaesje hieltiten wer oars is as men miende, nou ienris wol hwat op eigen initiatyf hannelje. Op ‘e kaserne bisykje ik Dokkum to skiljen. De tillefoan is lykwols noch net yn oarder: ik kin gjin forbining krije. Dan mar op ‘e moter hinne. Wachtmaster De Jong wol wol op ‘e swiere moter mei my hinne. Hurdop giet it op Dokkum ta. Ik waei der suver ôf by tiden. Mei de lofter hân haw ik my fêst, mei de rjochter hân hâld ik de karabyn, dy’t ik oer it skouder haw, beet. Ik kypje ris oer De Jong syn skouder hinne nei de kilometerteller. Sawntich wiist er as wy de bochtige wei troch de Feanwâldster buorren lâns stouwe. Bûten de buorren komt der noch in skepke oer hinne. By de Falomster brêge hâldt in ploech,NBS-ers ús oan. Hja litte ús lykwols ek fuort wer trochride as hja sjogge dat it wol yn oarder is. Ik freegje earst noch oft dêr ek de biwuste auto sjoen is en warskôgje harren good út to sjen om’t it by ús sa en sa gien is.

Op ‘e Krúswei yn Moarmwâld sjoch ik De Vries, de GECO fan Dantumadiel, stean. Ek him doch ik koart it forhael. Hja siill der ek om tinke. It is dêr allegearre minsken. Der moat in troep Lânwachten ûnderweis wêze fan ‘e Driezumer kant en dêr is it wachtsjen foar de NBS dêr nou op.

Nei noch in eintsje jeijen binne wy by Dokkum. Lykwols, nou krije wy maleur. De moter, dy’t by it fuortgean al net rjocht oanslaen woe slacht nou ôf as wy by de brêge stopje moatte en hoe’t De Jong ek bisiket, hy docht it net wer. Ik wachtsje net lang en lien op eigen rnanneboet de earste de bêste fyts dy’t ik stean sjoch. It docht lykwols gau bliken dat it wol de earste mar perfoarst net de bêste is. It is in âld bistke op kusjebannen mei in hieltiten trochknikkende traper. Remmen sitte der net oan. En as men dan sa troch Dokkum mei al syn op en del geande strjitsjes moat op in dei dat it hiele stedtsje yn feeststimming is en der hieltiten krekt tanks oankomme dy’t noch mear minsken de wei út lokje, dan falt dat net daliks ta. It is dan ek net sa’n great wûnder dat ik, as ik earne by de lichte del ryd krekt as der in hiele kliber folk yn dat selde nauwe strjitsje is, suver in slach oer de kop doch en midden yn ‘e minsken to lânne kern. Myn karabyn ha ‘k by dizze loop troch de stêd ek rnar lêst fan. Noch twa kear reitsje ik ûnder fuotten ear’t ik op it Weeshûs, dêr’t de Distriktsstêf setelt, bin.

Yn ‘e gong wurdt my frege, hwat myn boadskip is. Dan wurd ik yn in keamer litten. Efkes moat ik wachtsje om’t de tillefoan krekt giet. Ik sjoch ris om my hinne. In jongkeardel sit efter in buro. Hy is my bikend: it is in soan fan Van Dyk, de skuonwinkelman hjir út Dokkum, dy’t koartlyn deasketten is. Yn ‘e hoeke fan ‘e keamer sit noch in jongeman. Ik moat him ek wol ris moete hawwe mar ik kin him net sa gau to plak bringe. Dan leit Van Dyk de hoarn del en ik kin myn for­hael fortelIe. Hja sizze ta der sil soarge wurde dat de posten yn it distrikt allegearre sa folle mooglik warskôge wurde. Faeks slagget it dan de poepen to snappen en yn alle gefallen kinne der dan net mear sokke slachtoffers falle as by ús.

Noch efkes prate wy nei. It docht bliken dat de oare master Houtsrna fan Tytsjerk is. Hy is in Dokkumer fan kom-ôf. Van Dyk fortelt my jitte fan syn heit dy’t kommandant fan ‘e BS yn Dokkum wie en nou lêsten fallen is. Fansels stiet de soan nou mei foaroan yn ‘e striid tsjin har dy’t syn heit ombrochten.

Mei gauwens set ik wer ôf. De âld fyts bring ik wer to plak. As ik by de garage kom, dêr’t De Jong mei de moter hinne soe, docht it bliken dat hy dêr net holpen wurde koe en nei in oaren ien, in ein de stêd yn, gien is. Nei hwat paed­freegjen kom ik to plak. De Jong stiet to wacht­sjen oant de moter ré wêze sil. Wy geane efkes yn ‘e winkel sitten. Dêr steane in bank en in pear noflike stuollen. Oh, hwat bin ik bliid dat ik sit! Ik haw nea witten dat in bank sa noflik sitte koe. Nou fielt men it tokoart oan sliep fan ‘e lêste nachten en de wurgens fan it hieltyd mar omfleanen fan oerdei. It muoit my suver as de monteur ré is. Mar dan moat it dochs mar gau wer wêze.

Yn in herberch foaroan yn Dokkum drinke wy noch in glês ranje. De baes seit: ,,Drink mar gau op en der is wol mear, hear!” Jild wol er perfoarst net oannimme. It docht ús dochs wol goed dat men in bytsje wurdearring ûnderfynt. Hoe lang sil dit sa bliuwe? Nou ja, net dat hja ús altiten fortarringen om ‘e nocht jaen moatte soene. Mar sille de minsken, as it gefaer foar harren oer is, as de earste blydskip wer hwat saksearre is, ek noch ris mei tankbrens tinke, né net oan ús, mar oan al dyselden dy’t folle mear noch weage hawwe, dy’t soms al tiden lang de swierste en gefaerlikste opdrachten út­fierd hawwe en dat faek mei har libben bitelje moasten? Of sille sokken, foar hwaens wurk elts yn ‘e bisettingsjierren earbied hie, mar dy’t doe ûnbikend wiene, nou nei de bifrijing, as it heim­sinnige waes om har hinne weiskuord is, for­getten wurde en kritisearre wurde troch guon, dy’t sels net de moed hiene om hwat to dwaen? Dyjinge, dyt op tank rekkent, koe him wolris forsinne. Hy hat foar it heitelân oer syn plicht dien, hy is de bisettingstiid troch kaem mei in suver gewisse; lit him dat genôch wêze!

It duorret net sa mâlle lang, of wy binne wer ûnderweis nei hûs. Wy hoege nou sa hurd net mear as hinnereis. Oeral binne hja hjir nou warskôge foar de auto mei poepen en nou kinne hja harren yn acht nimme.

Yn ‘t moaije waer glide wy de wei oer. Ik sjoch nouris hwat om my hinne. Moai leit it maitiids­griene lân om ús hinne. Frede liket it. Hwa soe tinke dat de iene minske de oare formoardet hjoed? It docht my tinken oan krapoan fiif jier tobek. Tsien maeije 1940 wie ‘t krekt sok waer: rounom sinneljocht, oeral nij grien, allegearre jong libben! Doe kamen hja. Fiif jier ha hja terge en forfolge. Earst hiel hoeden en gemien. Letter iepenlik, mar net minder falsk. Nou geane hja, it ,,Herrenvolk”!

Ûnder dizze prakkesaesjes binne wy al gau wer op Quatrebras oankaem. De wachtmaster bringt my noch efkes troch nei it Wettergebou. As ik dêr kom fyn ik Wim mei noch in stikmannich yn it kantoar fan menhear Berghuys. Der sille in pear forfangers oannaem wurde foar de fallenen. Wy moatte op ús tal bliuwe. Der hawwe har al in pear oanjown. Ik moat alderearst forslach dwaen fan ús reis. Wim heart raer op dat de smychten net snapt binne yn Oentsjerk.

Sa’t wy noch oan it praten binne, komt der in menhear yn dy’t fan ‘e ynljochtingtsjinst blykt to wêzen. Hy is tige nijsgjirrich nei it foarfal fan hjoed. It is fansels ek fan bilang dat dit feit fêstlein wurdt. Grif moat it as in oarlochsmisdied biskôge wurde. Dêrom forhelje wy him sa goed mooglik hoe’t alles om en ta gien is. Út en troch makket er hwat oantekenings. As er de feiten sahwat wit giet er der op út om hwat roun to sneupen. It is al moai let op ‘e joun as er wer komt. Hy hat al hwat nijs opdien mar it liket net sa bêst. De auto mei de skoeljes, dy’t sketten hawwe, moat by de Westerein pakt wêze. De keardels binne as finzenen nei Moarmwâld brocht. Dat stiet ús fansels allegearre wol oen. Mar de ynljochtingstsjinstman is bang dat hja nou dochs ûntkaem binne. Yn Moarmwâld binne in stikmannich BS-ers kaem en dy hawwe sein dat de NBS yn Achtkarspelen dizze keardels graech ha wol om’t hja dêr ien deasketten hawwe. Dat wie goed en meiinoar binne hja ôfstutsen. Nou hat de ynformaesjeman nei Bûtenpost skille en it die bliken dat nimmen der hwa’t fan dizze saek ôfwit. En nou bigjinne de forûnder­stellings fansels. Soene hja ek mei in mûklist troch har maten bifrijd wêze? It wiene NSKK­mannen, dus gjin Dútskers. Sadwaende kinne hja har wol útjaen foar NBS-ers. En soe dit dan ek in forkenningspartouille west hawwe fan de poepen, dy’t jitte yn Grinslân oan ‘e sékant sitte? In bytsje ûngerêst en frij hwat nidich, dat se dêr yn Moarmwâld dy finzenen sa mar oerlevere hawwe oan guon dy’t hja net ienris wisten hwer’t se weikamen, hearre wy dit forhael oan. Groepskommandant Jaep en ik sitte dêrnei noch in skoftsje by de femylje Berghuys. Der wurdt ús in lekkere kop sûkerlarjemolke presentearre. Dat ha wy yn jierren net hawn.

It praet komt al gau op ‘e konsintraesjekampen. Wy hawwe niis krekt fear de radio in forslach heard hoe’t it der yn it kamp Buchenwalde oan wei gien is. It is bisteftich sa’t minsken dêr bihannele binne. Wy wisten wol dat it dêr slim wie, mar it docht wol bliken dat de helte ús jitte net oansein wie. It sprekt fansels dat de hear en mefrou Berghuys mei greate soarch it nijs, dat dêroer nou bikend wurdt, hearre. Fan Adri, har soan, hawwe hja noch neat heard. Forline sim­mer is er oppakt as ien fan de foaroanmannen fan de ûndergrounske organisaesje yn Fryslân, in jongkeardel fan 23 jier dy’t ber­gen fan it nuodlikste wurk forset hat. De lêste tiid die er oars neat as yllegael wurk. Syn baen hied’er der oan jown. Earst hat er yn Grins sit­ten. Dêrnei is er nei it konsintraesjekamp Vught brocht. Nei’t yn augustus-septimber 1944 de fin­zenen út Vught nei Dútsklân fierd binne, hawwe hja neat wer fan him heard. Soed’er yn Buchen­walde sitte, of yn Dachau of yn Bergen-Belsen, of libbet er net mear? Hwat in marteIing fear sa’n húshâlding, dy lange ûnwissicheit, dat al­tyd-freezjen-en-dochs-hieltyd-wer-hoopjen! Wy fiele it, dizze minsken hawwe in great offer brocht foar de frijiheit fan ús lân yn al dit lijen; al mocht Adri thúskomme, ek dan al. De forhalen foar de radio binne foar harren noch folle forskrikliker as foar ús. Moat it it memmehert net ûneinich sear dwaen, dat miskien ek de leave âldste soan dit allegearre trochmeitsje moatten hat? Jonge minsken hawwe swiere jierren hawn, mar soene sokke âlden it net helte swierder hawn hawwe en noch hawwe? En dochs steane hja hieltiten mei alles ré. Hja helpe dêrt hja kinne. Har oare soan hawwe hja ek ôfstien oan ‘e NBS. Hy tsjinnet hjir mei ús op it Pomp­station.

It is al moai let as wy op bed geane. It is nou yndied in bêd to neamen. Hjoed is der in soad strie op ‘e ûntfangseal, boppe yn it Pompstation, brocht. Lekker yn in tekken birôlle, in jas ûnder de holle, kin men jin deljaen as op in bêd, binammen as men hwat sliep efterop rekke is. 



De moarntiid (tiisdei 17 april) komt ús dan einliken ek fierstentogau. It leit noch sa lkker as Wim om in ûre as sawn ropt. By forskate jonges moat de wekker noch wol in kear ekstra ôfrinne, mar lang om let is it nêst leech. De tekkens komme kreas oprôlle by it sket lâns to lizzen en dan frisse wy ús hwat op by de kraen. Dat ha wy hjir foar: nearne wol de wetterlieding en it elektrysk ljocht mar hjir wie ‘t samar wer ynoarder.

De moarn giet om sûnder folle drokte. Ik gean mei de menhear fan justerjoun nei Quatrebras, dêr’t er yn in auto rekket.

De middeis, nei it waerm miel (it is nou sa bêst dàt), geane Wim en ik togearre nei Burgum. Earst op it Gemeentehûs hwat saken ôfhannelje; dan efkes nei de skoalle, dêr’t de politike finzenen sitte. In pear man steane op wacht. Der moat fansels op past wurde dat der net guon útpike, mar al to strang liket de tucht ús net; yn alle gefallen is it hjir in paradys neffens de kampen en finzenissen fan ‘e poepen. In pear Poalen en hwat arbeidstsjinstmannen moatte hjir nachts wol wêze, mar deis meije hja yn it doarp omstappe. Lykwols binne der ek wol guon dy’t raer omstean leare moatte. De N.S.B.-boar­gemaster en de waernimmende gemeentesekretaris sjoch ik bygelyks dwaende om it iene lokael oan to dweiljen. Foaryn sitte de froulju; in listke mei de nammen sit der op ‘e doar. Hwat manlju sjouwe ierdappels oan. Wy hawwe it nijs gau fan dit saekje ôf: oan ‘e iene kant hat men oanstriid om hwat triomfanteliks to fielen, oan ‘e oare kant hat it ek hwat tragysk dat it sa fier komme moast, dat guon fan ús eigen lânslju har sa misdrage koene. Dat wy geane mar fierder, de Kleasterloane del wer nei ús kertier. De ûnderdûkte klok wurdt krekt wer yn ‘e Burgurner toer hyst as wy dêr lâns komme.

As wy op it Pompstation oankomme leit dêr krekt in roubrief dêr’t tynge yn dien wurdt fan it fallen fan Harm de Vries. Allegearre lêze it. Wie oant nou Harm dyjinge dêr’t wy oan tochten as wy op de dei fan juster weromsjogge, nou komt ek de femylje, syn faem, allegearre sa swier troffen, yn ús geast nei foaren. Mannichien fan ús wist hast neat fan Harm syn folk ôf. Men kaem út in oar doarp en koe inoar net iens sa krekt. Nou sjocht men dy nammen stean, nammen dêr’t men de dragers net fan kin, mar dy’t jin dochs hiel hwat sizze: in mem en in heit, dy’t sa’n great forlies forarbeidzje moatte; in faem dy’t him, dêr’t hja har in takomst mei dreamd hie, oan ‘e dea ôfstean moast; bruorren, in suster, hja sille Harm sa misse; in âlde beppe dy’t op sa hege jierren noch sa’n slach treffe moast: in Harm de Vries waerd formoarde, ien dy’t hiet krekt lyk as har man. Swiere dagen hawwe dizze minsken. By it lêzen fan de swartomrânne wurden is it of sjoch ik har foar my lâns gean, as op in bigraffenis, en ik tink oan harren mei meilibjen en meifielen hwat dit foar har wêze moat.


woansdei 18 april 1945

Mei folle gloarje docht dizze dei ek wer syn yntocht. In heldere loft, in dize oer it fjild, in noch net sa heech steande mar dochs al strieljende sinne, dat is it hwat my moarns om in ûre as sawn, as ik myn noas bûten-doar stek yn e mjitte glimket. It is dan ek suver in wille as ik der efkes op út kin om hjir en dêr in boadskipke to dwaen. Dan letter, op it Pompstation werom, efkes oan it sjitten. Theo hat frij krige fan ‘e seksjekommandant om syn brenn ris to bisykjen. Bouwe en ik meije ús sten ek ris prebearje. Fansels wurdt der wol oppast dat it gjin kwea kin en de kûgels yn ‘e groun bidarje.

Om sa’n ûre as alve komme der Kanadezen oanriden dy’t by de homeije fan it Pompstation hâlde. In stikmannich offisieren rûgelje út in jeep en fordútse ús, dat hja hjir ynkertierd wurde moatte. 0, dus dan moatte hja ús plak ynnimme, tink? freegje wy. Né, út noch yn net; hja wolle ús net heal forjeije. It doel is dat hja hjir yn it doarp p1ak fine foar sa’n 225 man mei 7 offisieren en sahwat likefolle ûnderoffisieren. As wy mei harren jitte steane to praten op it hiem fan it Wettergebou komt Mefrou Berghuys der oan om harren yn ‘e hûs to noegjen. As hja heart dat der ynkertiering komt freget hja of wy efkes sizze wolle dat hja ek wol in pear man ha wolle. Nou, dat stelle de hearen tige op priis. De kornmandant, Captain Scott, wol dan sels graech mei in oare offisier, Cap­tain Dunnier, hjir komme. Hy kin dan ek hwat mear mei ús yn ‘e kunde komme, seit er. Dan geane wy mei op stap. Hja moatte in plak ha foar har kantoar. Dat wurdt al gau foun. De sol­daten hawwe hja leafst yn greatere gebouwen, mar der moatte gun minsken útset wurde of ûngeriif fan hawwe. Hwat in forskeel mei de poe-pen. Dy kamen mar mei eas-ken: dit moat sa en dat sa. En dan koe men it mar dwaen. Né, dit binne krekt ús mannen. Hja binne o sa fetsoenlik en freegje ús mar hieltiten hoe’t it it bêste kin. De twa skoallen, de beukerskoalle en de pastorije komme guon yn. Dy binne dochs allegearre krekt brûkt fan ‘e poepen. It is in wûnder sa’t alleman nou helpe wol. Hjir is sa lang nei útsjoen; mei in blier sin docht men nou allerhanne kerweikes. As de skoallen en sa skjin moatte is dat sa mar klear. Elk stekt de hannen efkes út ‘e mouwen en ridlik gau is der farsk strie yn en liket alles wer moai himmel. As der oars ynker­tiering kaem siet suver elts mei freze en beev­jen ôf to wachtsjen oft hy ek ien fan ‘e ‘lokkigen’ wie. Nou binne der guon dy’t ús taroppe: ,,Stjûr ús ek mar in pear, hear!” Ien seit dat er leaver fjouwer as trije ha wol. Safolle mooglik sille allegearre lykwols yn ‘e skoallen en sa ûnderbrocht wurde. Allinne foar de offisieren moat plak by boargers komme. Dat is ek sa mar klear. De koken komt by Ketellapper, de grientekeap­man.

Middeis nei iten, om in ure as trije sahwat, dêr binne se. Auto’s, moters, tanks, alles komt oan­riden en swaeit op dêr’t it wêze moat. Mar efkes letter hingje rounom al tillefoantriedden en skilje se fan it iene gebou nei it oare. As ik by Ketel­lapper kom om to sizzen hoe’t it dêr sil mei de slieperij fan ‘e soldaten, barne de benzinegas stellen al dat it sahwat docht. It iten is sa mar ré en alles hawwe hja mar ta har foldwaen. As hja hwat brûke moatte dan wurdt der mar wer in blik of in bus iepenmakke en it is der.

De dútske organisaesje fan ‘40 hie in bulte mins­ken gâns forbouwerearre, mar nou binne der guon dy’t de mûle op ‘t kear hawwe fan for heardens. Dit is pas organisaesje! En dan derby dy amikale omgong tusken soldaet en meardere. Gjin geskel en geraes lyk as by de dútskers en dochs wol oarder. Radio’s spylje, moters bromme, soldaten stappe kalm dêr tusken troch of sitte al to dobbeljen om briefkes fan tsien, tweintich ensfh. Ús jild hat foar har alhiel gjin wearde, docht wol bliken. Alles hwat der dien wurde moat, as der ynkertierd wurde moat, bart en dochs bliuwt men hjir kalm by.

De twa offisieren by de femylje Berghuys binne der ek al. Drokte hawwe de minsken suver net fan har. Alles nimme se sels mei en sa geryflik as it mar kin: in tillefoan, in radio, in moai, noflik bêd. It is sa’t men it jin as soldaet mar bigeare kin.

As ik wer op it Pompstation kom moat ik trije brieven to plak bringe: ien foar de GECO, ien foar de GEMOL en ien foar in lid fan ‘e NBS-stêf yn Hurdegaryp. Dy lêste opdracht jowt my ek de gelegenheit efkes thús to sjen. Wim jowt my dêr ek frij ta.

Sa kom ik foar ‘t earst sûnt forline jier 9 septimber, dus sawn moanne lyn, wer frij by klearljochte dei by ús it stekje trochriden en de doar ynstappen. It liket allegearre nou folle eigener thús as oars. Hwat is it âlde en biwende stikken moaijer nou’t ik it wer sjoch nei sa’n lange twongen ôfwêzigens. Ik skôgje de dingen mei oare eagen nou’t de frijheit der wer is.

Fierstentogau moat ik wer fuort.


tongersdei 19 april 1945

De dei stiet dalik al yn it teken fan ‘e bigraffenissen dy’t hjoed wêze sille. Wol sil elts dy’t mei giet, syn unifoarm overall oanhâlde, mar fansels moat men fierder wol sa gaedlik mooglik klaeid wêze. Boarden komme om, alpino mûtskes op. Allegearre krekt allyk.

Twa auto’s geane nei Tsjommearum mei it folk dat Bouke Kingma (syn wiere namme is Evert Sybesma) de lêste eare biwize sil. It stoflik omskot is fan ‘e wike dêr al hinne brocht troch Wibe en noch in man as hwat mei in frachtauto en in persoanewein. Hja hiene noch al efkes ûnderweis west om’t hja suver net foar har út sjen koene, sa’n sânwolkens kamen der del, de hiele klaei oer, fan de ûntploffings op it fleanfjild.

Der geane nou acht man fan ús mei en dan noch in stikmannich oaren lykas de boer fan ‘e Swette, dêr’t Bouke ûnder wetter wie, dümny De Wal fan Noardburgum ensafuorthinne. Wim sil út namme fan ‘e NBS in pear wurden sizze. Al bitiid moatte hja op stap.

In oare groep giet nei de biierdiging fan Tsjalling Talma yn Feanwâlden. De middeis marsjeare hja mei de wapens oer ‘t skouder ôf.

Mei syn trijen bliuwe wy op it Pompstasjon oer. Dat is fansels to min foar de biwaking. Dêrom binne der in stik as tsien Kanadezen by ús kaem om ús derby to helpen. Ik haw de hiele middei de wacht op ‘e wei foar de greate hikke. Fjouwer Kanadezen hâlde my selskip. Hja fortelle my hiel hwat oer Kanada en oer har aventuren as soldaet. Op ‘e mouwe hawwe hja ,,Glen­garrians” stean. Dat is de namme fan it regi­mint wurd ik gewaer. ,,Glengarrian” is sa folle as in provinsje, in distrikt, mei trije gemeenten, dêr’t hja de bigjinletters (S D G) fan op ‘e klots hawwe. Oan it tal reade streken, dat hja op ‘e mouwe hawwe, kin men sjen hoe folle jier as hja tsjinne hawwe. Is it earste fan dy streekjes in witen ien, dan bitsjut dat dat de drager frijwilliger is. Dit binne allegearre frijwilligers om’t der yn Kanada gjin tsjinstplicht is. Ek de rangen lizze hja my út. En hja fornije my dat har fear­alden út Skotlân kaem binne sa’n trij-fjouwer­ hûndert jier tobek.

Wer is ús hiten alles op ‘e wei to kotrolearjen: auto’s en moters meije net brûkt wurde as bi­stjûrders gjin ,,rijorder” toane kinne. Sûnder biwiis mei ek nimmen op ‘e greate wei rinne of fytse.

It sil sa’n ûre as trije wêze as der in moai greate persoanewein oan komt. De hân komt yn e hichte en hja wolle wol stean bliuwe. ,,Mei ik efkes Jou papieren sjen?” Dan docht it bliken dat hja fan in riidoarder nea heard hawwe, dat mar ien fan ‘e trije in NBS-identiteitskaert hat mar dan ek noch sûnder stimpel en dat de auto fol spullen sit dy’t harren tige fortocht meitsje. De auto litte wy troch de homeije it hiem opride. Krekt komme de mannen dy’t nei Feanwâlden west hawwe werom. Ek hja fortrouwe it net alhielendal. Pompieren net foarinoar, Dútske en lngelske springstof yn ‘e auto, hiel oare bannen om ‘e earm as wy ha, Dútske learen jaskes oan, alles liket hwat fremd. En wy ha troch it gefal mei Harm wol in warskôging hawn. By it bisjen fan de persoansbiwizen fine wy by ien fan harren in losse foto dêr’t hy yn SS-unifoarm op stiet. Nou is it fansels alhiel moai! De Kanadezen sneupe mar yn ‘e auto om. In revolver sjoch ik dat ien fan har yn e bûse stekt. Tabak wurdt der ek út helle.

Mei noch in pear man gean ik mei de trije hea­ren nei de Marechausséekaserne, dêr’t hja forheard wurde. Hja fortelle dat hja nou fan Mak­kum komme. Dêr ha hja fiif dagen en nachten efterinoar as BS-ers yn ‘it fjûr west. Om ‘e Ofslútdyk is tige fochten. Mei in pear oaren hawwe hja de earsten west dy’t yn Peinjum troch­drongen. Dêrfoar hawwe hja in lokwinsk fan ‘e Kanadeeske kommandant krige. Ek foartiid hawwe hja hiel hwat bilibbe. Ien hat meidien oan oerfallen op it pelysjebero yn Snits en op mear plakken. Hja hawwe der op ‘e Sweach by west, doe’t der wapens delkamen. De foto fan de iene yn SS-unifoarm is makke omt hy dat unifoarm wol droech by oerfallen. Yn Grins, dêr’t hja einliken weikomme, hawwe hja ek hiel hwat gefaerlike kerweikes út ‘e wei set. Dêrom moasten hja dêr op ‘t lêst ek om in hinnekommen sjen en binne hja net fier fan Boalsert to lânne kaem. De jongste fan ‘e trije dy’t gun NBS-er is, hat gjin heit mear en syn mem hat KP-ers yn ‘e hûs hawn en is deryn roun. Hja is nei in konsin­traesjekamp yn Dútslân brocht.

Al dizze forhalen binne sa wûnderbaerlik en sokke sterke staeltsjes komnme hja fierder noch mei oansetten dat wy tsjin inoar sizze: ,,Wy hawwe hjir in pear fan de greatste smychten to pakken dy’t lige kinne sa ha jo net, of dit binne guon fan de fikste keardels dy’t der yn it hiele lân to finen binne, in pear bêste KP-leden.” Der wurdt bisletten, wy sille harren mar nei Burgum bringe. Yn in Kanadeeske auto, dy’t wy loskrije fan ‘e Captain, geane wy mei syn trijen mei de trije arrestanten nei Burgum. Jaep giet foaryn by de chauffeur sitten om it paed to wizen. Westerhof en ik sitte mei ús sten klear efteryn om de mannen yn it each to hâlden. Ien jong Kanadeeske sit ek by ús. Hy loert mar hwat nei ús en laket mar, as woed’er sizze: “Lit se net ûntkomme! Jimme hawwe in goede fangst dien.”

Op it gemeentehûs wer foar it forhoar. Ien fear ien wurdt der yn roppen en mei syn forhael for­telle. Dan skillet de kommandant fan ‘e seksje pelysje nei Ljouwert mei as risseltaet dat wy de mannen nei de stéd bringe moatte. Dat giet oan. Mei in knappe feart strûst ús frachtweintsje troch Hurdegaryp en mar in setsje letter steane wy al fear it Burmaniahûs, dêr’t de Gewestlike Stêf setelt. As wy útlein hawwe hoe’t de foarke ien ‘e stâlle sit, stjûre hja ús nei it pelysjebero dêr fuort by. Nei in skoft wachtsjen wurde de trije mannen ien fear ien yn in keamer roppen. Hege pelysjemannen mei stjerren op ‘e kraech komme der oan to pas. Dan moatte wy ek wer fortelle hoe en hwat. Op it lêst komt der ek noch in hege Kanadees by. It is in goed ding fine hja dat der op sa’n greate wei sa goed kontrolearre wurdt. Hja sille bisykje kontakt to krijen mei de Distriktskommandant to Boalsert om nei to gean oft de arrestanten doge of net. Wy moatte sa lang mar wachtsje. It wurdt al tsjuster as der einlings wer in pelysjeman komt mei it nijs dat it slagge is de DIC (Distriktskommandant) fan Boalsert to skiljen en dat dy forklearje koe dat de forhalen fan ,,Gerrit” en “Joop” wol wier binne. Wy winskje de mannen lok mei dizze útslach en sizze dat it ús muoit dat wy harren sa’n skoft ophâlden hawwe. Lokkich nimme hja it ús alhiel net kwea ôf. Hja jowe ús great gelyk dat wy it saekje net fortrouden. Hja soene krekt sa dien hawwe en as it oarsom west hie, hiene wy sa’n goede bihanneling grif net ienris krige, sizze hja. De skuld leit by har kommandant, dy’t net soarge hat dat har pompieren goed ynoarder wiene.

Wy kinne nou wol fuort gean. Ús ,,goede fangst” bliuwt dêr fannacht en krijt moarnier bettere legitimaesjebiwizen mei. Ien fan ús ploech sil dan har wein nei Ljouwert bringe en dan kinne hja nei Grins gean om har plan, om yn Grinslân mei to fjochtsjen, út to fieren.

It is sa’n ûre as âlve as wy wer to plak binne op Noardburgum. De twa Kanadeeske kapiteins hawwe witte litten dat hja der wol bilang by hawwe noch to hearren hoe’t dit gefal him ûntwoun hat. It hat ek bliken dien dat der út ‘e auto fan ‘e KP-ers twa pistoalen misse. Dy moat­te fansels moarnier wer to rjochte wêze. Lokkich is der sjoen dat Kanadezen dy yn ‘e bûse stutsen hawwe. Dêrom geane Jaep en ik noch nei de beide offisieren ta. As wy by har op ‘e kea­mersdoar oanklopje wurdt dy fuort iependien. De iene is al yn pyama. Hy soe krekt op bed, mar wy rnoatte der dochs efkes yn komme. Wy sjogge mar hwat forheard om ús hinne sa’t alles hjir yn oarder is. De radio spilet, in tillefoan hinget der al oan ‘e want. It bêd is foar ús ek hwat nijs mei syn lekkens, dêr’t men jin mei in rits alhiel yn bislute kin. Sa is it allegearre sa geryflik as ‘t mar kin. Earst dogge wy nou de saken ôf. Dan prate wy noch hwat nei. Captain Scott is nijsgjirrich nei it ûndergrounske wurk en nei de NBS. Hy hat ek yn Frankryk en België west, mar nearne wie de boel sa goed organisearre as hjir. As er dat nou om ús seit of om’t er it mient kinne wy fansels min útmeitsje, mar hy fortelt fierder dat yn dy oare lannen hja al foarby wiene ear’t de yllegale soldaten foar ‘t ljocht kamen. Yn ‘e greate stêdden wie it dêr ek wol goed foarinoar mar op it plattelân like it nearne nei en dêrtroch roun it gehiel lang sa goed net. Hjir binne de brêgen al biset en forskate plakken al yn hannen fan ‘e BS as hja komme. Hy seit greate biwûndering to hawwen foar sa’n organisaesje, binammen as men bi­tinkt dat alles yn it forhoalen op priemmen set wurde moast. Wy op ús bar fortelle him hoe

bliid wy binne dat de frijheit nou einlings kaem is en hoe’t wy hjirnei longere hawwe.

It is al moai let as wy yn it strie lizze.


freed 20 april 1945

Dizze dei is wer in earnstige dei. De middeis moatte wy op de bigraffenis fan Harm de Vries.

Sawntjin man geane mei. Marsjearend ûnder kommando fan Romke geane wy nei de Baptiste Tsjerke to Noardburgum. Op it poadium komme wy to sitten. De kiste stiet dêr midden op. Ek ús GECO en GEMOL binne der. As alle minsken to stoel en to bank binne (de tsjerke is fol) wurde der inkelde minuten stiltme hâlden. Wy steane allegearre stram yn e hâlding, it gewear pris­sentearjend. Plechtich is de stilte dy’t swier yn ‘e tsjerke leit. Dit earbitoan oan Harm, de for stoarne, makket greate yndruk op eltsenien. Dan bigjint Dûmny De Haan syn routsjinst. Wurden fan treast hat er foar de efterbleaunen: Harm forlear it libben om in better libben to winnen. Dan kinne allegearre Harm noch ien kear sjen, de neibisteanden lêst. It deart jin oan. De dragers komnme. Hja nimme de kiste op. Stadich giet de stoet útein. Wy rinne fuort efter de kiste. Oan ‘e wei stiet in bulte folk.

By it grêf sprekke dûmny en de gemeentlike kommandant fan ‘e NBS. In stik trije krânsen wurde op Harm syn lêste rêstplak lein. It fjûrpeloton jowt syn salvo’s. Dan giet de lange stoet ûnder it spyljen fan it tsjerkoargel troch in earewacht fan NBS-ers it tsjerkhôf wer ôf.

Stil en yn tinzen marsjeare wy nei it Pompstation.


sneon 21 april 1945

It is noch net sa hiel let fan ‘e moarn as ús auto ploechje ôfreizget. Njoggenentweintich SS- en Lânwachtmannen, dy’t yn Burgum finzen sitte, moatte nei Ljouwert brocht wurde. Foarop in frachtauto mei dat naesje derop, it BS-weintsje der efteroan, sa giet it nei de stêd. Der wurdt wol goed oppast dat der nimmen fan ruten spilet. Theo, ús marinier, dy’t mei syn brenn efter­op sit, stiet der einliken allinne wol boarch foar dat der gjinien útnaeit. Yn ‘e finzenis yn Ljouwert treffe hja it. In biwarder biedt nammentlik oan har it ien en oar sjen to litten. Nou, dat is tréwis fansels. Forskate slimme “gefallen” sitte dêr al: de biruchte Pier Nobach, de moardner fan Baron van Harinxma thoe Slooten en jitte mannich oare skoelje. Dan seit de gids: “Fortel mar ris hwat Jo dien hawwe” of ,,Hoefolle moarden hawwe jo op jou gewisse?’ en dan binne hja allegearre sa dryst net en hâld har stil.

Undertusken hâldt Theo it taforsjoch op de njoggenentweintich finzenen. As ien de earmen, dy’t er omheech hâlde moat, in bytsje sakje lit, jowt Theo hum in dúst. Dan fljogge de hannen de loft wer yn. Op it lêst ha se allegearre minstens ien kear in reis hawn. Ien bigjint to krimmenearjen dat it net tafalt om oardel ûre mei de earms omhegen to stean. ,,Nee”, seit Theo, ,,maar het valt ook niet mee twee en een half jaar ondergedoken te zitten!” Is it in wûnder dat er grimmitich is? Sa lang al fier fan hûs en yn fremd wurk en altyd ûnder spanning? Syn sweager, dy’t by de marinefleantsjinst wie en ek yn Burgum ûnder wetter wie, is forline hjerst troch de poepen letterlik deaslein en dêrnei ek noch trochsketten, inkeld en allinne om ‘t er oantroffen waerd by de Douma’s, dêr’t hja om ‘e nocht om kamen. Soks allegear is Theo fansels noch net forgetten.

It is in opluchting foar de njoggenentweintich man, dy’t dêr as fûgelforskrikkers steane, as einlings de oaren wer komme en hja yn ‘e sel har plak krije.

Yn geuren en kleuren krije wy dit forslach fan de reis nei Ljouwert to hearren as de auto wer op it hiem fan it Pompstation stiet.

Op ‘e neimiddei komt der wer nijs. Wim dielt mei dat der frijwilligers frege wurde om mei nei HoIlân ta, dat noch bifrijd wurde moat en foar de kustwacht yn Fryslân. Ik moat nei it gemeentehûs ta om forklearringen to heljen, dy’t ynfolle wurde moatte. Op it gemeentehûs moetsje ik myn ploechmaet Theo. Hy is al dwaende sa’n pompierke yn to foljen. Dêrmei is er de earste dyt him oanjowt. Efkes stean ik yn bistân en doch it ek fuort mar ik wol gjin dingen dwaen sûnder se earst goed yn my omgean litten to hawwen as dêr tiid foar is. En it driuwt noch net. Ûnderweis wer nei myn post haw ik gelegenheit om it allegearre nochris ûnder eagen to sjen. En hwat mear as ik dat doch, hwat fester as myn bislút wurdt. Ik kin der ommers net foar wei! Ik tink oan fan’t winter, doe’t ik faek yn ‘e kjeld forskûle siet op ‘e souder yn myn ûnderdûkersplak en hoe’t ik der dan nei langhalze dat de bifrijing dochs mar ris komme mocht. De bifrijing, dy’t dochs ienris komme móást; ik bilibje it wer hoe’t ik foar it dakfinster stie to stoarjen oer it fan ‘e iere maitiidssinne bestriele, splis steande lân en dan mei sa’n ûneinich great langstme tochte oan ‘e frijdom dy’t sa ûnbirikber like en dy’t der dochs ienris wer wêze soe, dy’t my wer yn steat stelle soe to gean dêr’t ik woe yn dat wide, rûme gea dêr foar my. Nou kin ik my der sa yn jaen, hwat in bulte jonge minsken yn Hollân nou noch trochmeitsje. En dêr hawwe hja boppe oer al it leed dat wy ek kenne, noch de hongersneed hinne. In lyts stientsje bydrage oan dit greate wurk, de forlossing fan it sa bineare westen, dat sil ik dochs altyd kinne, ja moatte sels. En as ik net mei nei Hollân mei om’t ik gjin militaire oplieding hawn haw dan sil ik dochs troch myn plak yn to nimmen by de kustwacht in oaren ien frij meitsje om mei to helpen oan ‘e bifrijing fan ús hiele lân. As ik wer op it Pompstation bin, komt Wim al gau mei de fraech hwa’t him oanjaen wol. Foar sa en sa let moatte de oanjeften by him binnen wêze. Ik kin earst noch krekt efkes nei hûs om oer myn foarnimmen om my op to jaen to praten. As ik útlein haw hwerom ik it myn plicht achtsje to gean, binne hja it dêr mei iens.

Wim kin de jounes fiif man oanjaen foar mei nei Hollân en trije foar de kustwacht. Ik haw tsjin him sein dat ik leafst dêrhinne wol, dêr’t hja my it bêste bruke kinne. Tillefoanysk leit er dat mei de GEMOL oer. It wurdt it bêste foun dat ik by de kustwacht kom. Sa wurdt dan opjown. Op ‘e eilânnen sitte noch Dútskers. Faeks meije wy dêrtsjin dan noch wol mei helpe. Yn tinzen dêr­oer fal ik yn ‘e sliep.



snein 22 april 1945

Fan ‘e moarn haw ik tsjinst. Ik stean efter it Pompstation op wacht as der in man oankomt, dy’t nijs hat. Justerjoun binne der fjouwer poepen sjoen dy’t weiwaerden yn in gat by de Ritskeloanebosk. Hieltiten hearre wy soksoarte forhalen. Dan wer hat ien Dútskers waernaem, dan wer in auto dy’t tige heimsinnich earne stean bleau en dêr’t doe in unifoarm útsmiten waerd, dan wit wer ien dat der troch de hiele bosk ûnderierdske gongen groeven binne, dêr’t grif ek greate foarrieden iten en munysje yn sit­te, sadat de poepen it dêr tiden úthâlde kinne. Elts wol graech meihelpe en alles sizze hwat er wit of mient to witten om foaral mar dy smoarge poep to pakken to krijen. Gjinien moat him earne forstopje kinne. Dat derby wierheit en fantasije wolris in bytsje al to ticht byinoar kom­me, moat men de nijsbringers mar net kwea ôfnimme en dat dogge wy ek net. De bidoelings binne tige. Mar dat nimt net wei dat men dan dochs mar forskate forgese lopen der om meit­sje kin. Sa giet it ek nou. Men kin it der net rjocht op oankomme litte. As der ris hwat fan wier wie? Dus geane der in man as hwat mei. In skoft letter komme hja werom. Foarsichtich binne hja nei it gat taslûpt. In hângranaet ha hja der yn smiten mar it die wol bliken dat it wer mis wie. Neat to finen fansels.

Nei iten meije dyjingen dy’t harren oanjown hawwe as frijwilliger fuort om’t dit grif de lêste snein is dat hja hjir binne. Dy kâns litte wy ús fansels net ûntkomme.

Yn ‘e Eastermarder tsjerke kin ik net hieltiten myn omtinken by de preek hâlde. It is lang lyn dat ik hjir komme koe en dat ik frij gean mocht, dêr’t ik woe. Is it in wûnder dat myn tinzen wolris op ‘e doele binne en my fiere nei de tiid dy’t leit tusken de lêste kears dat ik hjir siet en harke nei Gods Wurd en nou? Hwat is der net in soad bard! Hwat hawwe de gefaren wolris great west! Nou binne wy wer frij. It wol noch net yn my del. Ik haw noch suver gjin tiid hawn om my dit to réalisearjen. De wurden fan dûmny lykwols bringe jin der wol ta. Wy moatte witte hoe’t wy de frijdom brûke sille, de frijdom, dêr’t wy sa nei útseagen, dêr’t wy foar striden hawwe, net allinne dizze lêste dagen, mar de hiele fiif jier hast. Wy moasten it winne, wy soene it winne. Mar hiene wy it ea woun as wy it sels, yn eigen krêft, dien hiene? As der oan it arbeidzjen net it bidden foarôf gien wie? En dan witte wy wol, dat wy it net kind hiene en dat wy faken op it kantsje oan ‘e dea ûntkaem binne, as troch in wûnder. Dat hat net us wurk west. Dat wie it wurk fan ien Dy’t machtiger wie as ús sterke fijân en Hy hat ús de frijdom wer jown, de frijdom dy’t wy dêrom brûke moatte om Him to tankjen, de frijdom dy’t wy ek bisteegje moatte ta Syn eare. Tinzen foarmje har en forfljogge wer. Wurden, sinnen geane de tsjerke troch nei de rninsken, dy’t se fêsthâlde of oer har hinne of oan har foarby gean litte; wurden, sinnen, dy’t dochs ien fan harren in machtich gefoel fan tankbrens, fan greate rêst, fan oerstjelpjend lok jowe en him sa bliid meitsje, dat hy wol sjonge, jubelje wol.



moandei 23 april 1945

Lyk as ornaris kin ik der fansels ek fan ‘e moarn mar min ôfkomme as Wim by lâns komt: Nou jonges, wakker worde!” Justerjoun moast ik der om tsien ûre wer wêze hwant dan hie ik de wacht. Sadwaende wie it al net sa ier mear doe’t ik it fel oer de eagen luts. As men jin lykwols nou de sliep in bytsje út ‘e eachteisters wreaun hawwe en by de kraen ris lekker goed hwat wetter oer it gesicht spiele litten hat, wurdt it gau better. Alle dagen is it waer like moai; dat ek dat lokket wol. Fan ‘e moarn wurdt der hwat ekstra op ‘e antlitten omrost. It hier komt ris in hael mear mei de kaem troch en mannichien sjocht men wrakseljen mei in board of in strik dy’t om moat. Hwat soe der barre moatte, dat alles sa yn ‘e es wêze moat? Wol, wy komme op portret fan ‘e moarn.

Meijer fan Eastermar komt aerdich op ‘e tiid. In inkelde NBS-er moat noch efkes op wachte wurde, mar einlings is de hiele saek dochs kompleet. Hwat to plak skikken en dan knipt de fotograef. It is in hiele groep: ús hiele seksje mei de forovere auto en de fyts fan ‘e Dútske kommandant. Dêrnei wurdt in foto makke fan alle Hurdegarypsters meiinoar; dan fan alle Noardburgumers. De trije kommandanten mei de koerierster komme der ek op. Ien plaet is der jitte oer. Bouwe en ik nimme de kâns waer en fuort letter binne ek wy togearre as jongsten forivige. It is it doel dat der fan de greate groep in forgreating komt to hingjen op ‘e ûntfangseal fan it Pompstation mei in list fan de nammen en de hântekeningen.

Nei iten geane Bouwe en ik op stap nei Hurdeganyp om hwat byinoar to skarreljen foar in ôfskiebyienkomst, dy’t de jounes hâlden wurde sil om’t heechst wierskynlik de frijwilligers fan ‘e wike noch fuort moatte. Mei hwat flessen limonade, punch, ensafuorthinne komme wy wer thús.

Om in ûre as sawn komt dûmny Geertsema om in koarte jounwijinge to hâlden. Der binne lykwols noch net sa folle taharkers. Underwiles en fuort der nei komme de measten del. De froulju meije mei komme, dat it duorret net sa mâle lang oft de sliepseal, dêr’t it strie en sa út helle is, is knap biset. De fiif mânlju, dy’t hjir yn it doarp it yllegale wurk dien hawwe, Auke, Durk, Hindrik, Sape en Jelle binne mei de froulju ek bywêzich. Fierder is der de femylje Berg’huys en ek ús kok, Rein, komt.

In stik as fiif akkordeonisten soargje foar hwat muzyk. Wim hat de lieding en dat is him wol ta­bitroud. Mei spyljen, sjongen en foardragen is it gau let.

De gemeentlike operaesjelieder komt ek noch efkes del mei Lipke, de groepskommandant fan e Burgumer groep, dy’t ek by ús seksje heart. De GEMOL fortelt dat er de middeis nei in gearkomste yn Ljouwert west hat. Dêr wiene ek de forbiningsoffisieren fan Prins Bernhard. Der wie binammen ek praet oer de frijwilligers. Foarearst meije der gjin nei Hollân. Dyselden, dy’t har dêrfear oanjown hawwe, geane nou to’n earsten mei nei de kust.

Noch inkelde oaren komme ek oan it wurd.

Om in ûre as âlve slút Wim mei in wurd fan ôfskie foar harren dy’t fuort sille nei de sékant. Hy jowt opdracht dat eltsenien, dy’t net in NBS-bân om hat, fan ien fan ‘e oaren thúsbrocht wurde moat. Op inkelde wachten nei geane wy dan ek sahwat allegearre op ‘en paed om dizze swiere opdracht út to fieren. By mannichien fan ‘e trouden under ús sille grif de tinzen weromgean nei langforfleine tiden, nou’t hy syn oare helte thúsbringe mei en dan wer fuort moat. Wie it ek net sa’n moaije nacht mei rounom stjerren oan ‘e loft, doe’t hy har fear it earst nei hûs brocht?

Ik haw noch net sa lang de eagen ticht hawn as ik om twa ûre roppen wurd om op wacht to stean oan fjouwer ûre ta mei Theo. Der is net folle to bilibjen sa’n wacht. Poepen sille der nou grif net mear komme. En hwat der al lâns riidt moatte wy nammers ek gean litte. De greate izeren hikke is op ‘t slot. Dat wy kinne net op ‘e wei komme. Dochs forfeelt it my net. Theo wit safolle to for­heljen dat it muoit my suver as it fjouwer ûre is. Hy hat de hiele wrâld hast roun west en alle greate havenstêdden hat er bynei sjoen.

As ús ôflos lykwols komt geane wy dochs mar by de trap op om ús ris lekker yn in tekken to rôljen. Ûnder radiomuzyk en it lûd fan de stimmen fan in pear nachtwachten fan ‘e Wetterlieding binne wy dochs sa mar fier fuort. Alles went op ’t lêst; ek dizze slieperij, al skrillit men noch wolris towekker troch in dreamende neistlizzer. Der bine guon dy’t it nuver opsizze kinne yn’e sliep, dat ha wy wol fernaem. Sa is it ek alris bard fan ‘e wike dat der ien ynienen oerein sitten gyng en frege: “Do you speak English?” en doe kaem der in hiel Ingelsk forhael efteroan. Oft it allegearre wol goed Ingelsk west hat sil de fraech wol wêze.


Freed 27 april 1945

De lêste dagen ha wy mar hwat omhingele. Folle to dwaen is der net mear. It wachtklopjen giet nacht en dei troch. Tuskentiden meije wy wolris efkes fuort. In pear, dy’t thús min mist wurde kinne, binne al wer nei hûs ta. De nacht fan tiisdei op woansdei mocht ik thús wêze om’t wy de oare deis fuort soene. Doe’t ik lykwols woansdei mei myn koffer mei spullen der wer wie waerd ús oansein dat de reis wer in dei útsteld wie. Wy soene dan nei de séigge efter Dokkum moatte. Juster hearden wy wer dat it noch in dei letter waerd. Sa kin men oan ‘e gong bliuwe. Hiel hwat dingen út ‘e koffers ha wy al wer brûke moatten, dat it saekje leit al wer moai trochinoar en ik moat wolris sykje. Dit lange wachtsjen bigjint ús ek wol hwat to forfelen. Wim stjûrt my dêrom der op út om ris to Burgum to pinfiskjen hoe’t it nou komt. De gemeentlike kommandant jowt my it boadskip mei dat elts dy’t wurk hat mar wer oan ‘e slach gean moat. Der liket fan dy hiele kustwacht to’n earsten net folle to kommen. Ik moat moandei ek wer oan it wurk, seit er. As ik fuort moat kinne hja my altiten noch wol fine.

Fan it gemeentehûs fyts ik nei de iepenbiere skoalle mei in brief foar immen dy’t dêr is. Ien fan ‘e wachten, dy’t ik wol goed ken, lit my de saek nochris efkes sjen. Der sitte nou noch sa’n dikke hûndert man. Ea nou en dan geane der wer guon fan ‘e slimsten nei Ljouwert.

Mei it NBS-weintsje, dat juster blau oerspuite is om’t it oars in bytsje to noedlik waerd mei dy Dútske kleuren, kin ik moai meiride.

Nei iten geane wy mei in man as fiif de bosk troch om ris to sjen oft der ek noch hwat fan ‘e poepen efterlitten is. Wy sjogge de loapgraven hwat nei, strune de boskjes troch, geane efkes boppe op ‘e belvedère, dêr’t wy ús der oer forwûnderje hoe’t alles yn oarder is. In kreas keamerke mei oan alle kanten finsters, in kachel, radio, tillefoan, elektrysk ljocht; alles tige geryflik. Men hat ek in prachtich útsjoch oer de Burgumer Mar. It moat suver in nocht west hawwe foar de Luftwaffemannen om hjir wacht to hawwen.

Wy sjogge fan boppen ôf dat de barakken tichte by de bosk krekt ôfbrutsen wurde. It materiael wurdt nei Burgum oerbrocht.

Yn ‘e hiele bosk ha wy net folle mear to forstriken fornimme wy wol. Hjir en dêr is in loopgraef of in skûlgat mar alles is leech. Hwat in gaedlik oefenfjild hiene dy soldaten hjir oars! Ek in pear sjitbanen binne der. Wy ha hjir fan ‘e wike ek alris oan it sjitten west mei it gewear, de stengun en de brenn.

As wy wer op it Wettergebou oankomme giet dêr it nijs dat wy allegearre moarn grif ôfswaeije kinne op in stik as fiif nei, dy’t hjir de boel biweitsje moatte. Mar hoefolle oft der fan oan is wurde wy net gewaer. Ôfwachtsjen is dus it ien­nichste hwat wy dizze dei fierder dwaen kinne. Sahwat healwei toalven op ‘e joun is it. Wy sille op bed. By de muorre lâns leit al in moai rigel­tsje to sliepen, alhiel birôlle yn ‘e tekkens. Ien hat syn teannen forgetten; tominsten fiif bleate teannen kypje út in tekken wei. De man sels leit fêst to sliepen. Dit kin wille jaen fansels! Hoe moatte wy hjir mei oan? Mei in strieke kidelje? Né, it kin noch moaijer! Ien hat wol tou. Al ridlik gau is der hoeden in strûp om ‘e greate tean lein. De oare ein komt om ‘e tean fan in buor­ an. Dan yn ‘e midden in oar tou, dêr’t oan lutsen wurde kin. Allegearre jowe wy ús nou del. Wy harkje noch efkes nei de radiobirjochten fan kertier foar toalven; dan wurdt it stil.

Ynienen (nei in hoart oan it tou fansels) lûkt ien fan ‘e beide toutsjemannen syn fuotten al ris hwat op. Wer in lûkje en hy wrot al raer hinne en wer. Op ‘t lêst kronkeIt er as in iel yn it strie om ta great formeits fan ‘e netsliepende meisliepers oant hy, nei in fûle skuor oan it tou, oerein fljocht en in taest nei syn tean docht. Underwiles hat ek de man oan ‘e oare ein fan it toutsje nuvere stekken yn syn tean field en dan wurdt fansels de oarsaek gau ûntdutsen. Mei in skjirre forhelpe hja de kwael. De iene wriuwt allinne noch hwat op in pynlike tean om. De kwesje wurdt lokkich goed opnaem en al ringen is it laitsjen by mannichien oergien yn in rêstich, rhytmysk sykheljen, by in inkelden ien sels yn in tige muzikael snoarkjen.



sneon 28 april 1945

Húshimmelje! Dat wurd bihearsket in great part fan dizze dei. De measten swaeije hjoed ôf. Dêrom moat de boel hjoed skjin. De froulju dy’t út en troch der alris west hawwe om de saek hwat to hoffenjen binne der nou wer. It strie moat derút, de tekkens wurde útkloppe en to wierjen hongen, de flier wurdt skrobbe en alles wurdt ôfstoffe en ôfwosken. Mei man en macht binne wy der suver oan iterstiid ta mei bisteld.

Nei iten is it tiid om ôfskie to nimmen.

Jaep bliuwt as groepskommandant mei trije man: Theo, Bartele en Freark. Hja komme by Oostenbrug yn ‘e kost en moatte op it Pompstation om bar op wacht. De wapens foar harren bliuwe hjir; de rest giet nei Burgum.

Stadichoan geane der al guon fuort. Dan nimt de iene ôfskie, dan de oare. In pear binne noch oan it ôfdoegjen wylst de Juffer ôfwasket.

Ik sykje myn spullen byinoar. As ik ré bin sjoch ik om my hinne. Dit sil no de ein wêze fan in tiidrek dat ús allegearre ús hiele libben wol heuge sil. Dan in hânjaen, in pear tankwurden, in “Oant sjen!” en it is foarby. Ús tsjinst as NBS-ers is dien!

Fjirtjin dagen binn’ wy hjir noch mar. It liket my wol fjirtjin wiken ta; der is ommers ek sa folle bard.

Nou giet de boer wer nei syn bidriuw, de arbeider sil tonei moarns wer nei it melklân panderje en jouns nei hûs kroaskje, de molkrider wer syn ientoanige lopen dwaen, de kantoarman wer de hiele dei tusken fjouwer muorren sitte. Elts is wer soldaet ôf. It ûnderskie yn rang en stân, yn leauwe en libbensopfetting, yn omgong en ûntjowing, dat hjir yn dizze dagen einliken weifallen wie, sil him grif wer iepenbierje. Hjir fielden wy ús ien. Wy koene meiinoar ús wurk dwaen, meiinoar libje, meiinoar stride yn dizze spannende tiid. Soe it aenst yn tiden fan frede, fan rêst, hwannear’t ús lân wer opboud wurde moat, ek noch kinne? Ik freezje …

It libben sil aenst wer fierder rôlje, krektlyk as wikemannich lyn. Elts hat syn wurk wer, elts docht syn dingen wer. Allinne sil der ien forskil wêze: wy binne frij. “Frij!” Ik wol it wol oer de hiele wrâld útroppe, útraze. “Frij, frij, frij ! ! “ En dochs liket it as bigjinne de minsken it al wer to forjitten, it al wer gewoan to finen. Der wurdt al wer krimmenearre, kankere. Binne de minsken dan de slaggen forgetten sadré’t de stôk fan ‘e rêch is? Wurdt de grutte skat fan ‘e frijdom fuort al wer net genôch wurdearre? En dochs kinne wy gean dêr’t wy wolle; wy kinne ús jouns wer rêstich deljaen. En – och, ja dat heart der dochs ek by – der mei wer iepenlik en rounút krityk levere wurde op alles en noch hwat, der mei wer krimmenearre en kankere wurde en dan hoecht men net bang te wêzen dat men ophelle wurdt. Ek dat is frijheit!

Ek sil hja in leechte jaen, de frijdom. Is net de spanning fan it ûnderdûken en it gefaer fan it

yllegale wurk foar mannichien in stik fan it libben wurden? Oare wearden, oare taken sille dy leechte wer opfolje rnoatte. Sille hja it by eltsenien kinne? 
It libben giet syn gong. Ja, elts giet wer nei hûs. Mar yn somlike huzen bliuwt in lege stoel. Dêr mist in heit, in soan, in broer! Dêr is ien de doar útgien om syn plicht to dwaen, mar hy is bleaun yn ‘e striid. It libben giet fierder mar troch in memmehert is in skerp swurd snien; foar in faem hat him oer in ljochtsjende takomst in njûre, neare nacht lein; in frou is forwoune yn it djipst fan har bistean, hja sil fuortoan allinne stean foar de swiere taek om har berntsjes great to bringen.

Bliid is oars eltsenien. To djipper fiele hja it leed dy’t net bliid wêze kinne om’t har herte skriemt en yn rouwe is. Hja hawwe de frijdom to djûr koft om der daliks tankber foar to wêzen. Hja binne it dy’t treast en help fan minsken nedich hawwe, fan ús, dy’t biwarre bleauwen yn greate gefaren, mar mear noch fan Him, Dy’t us biwarre. Dy’t in man foar widdouwen en in heit fear wezen wêze wol. Hy sil it mei allegearre goed meitsje, mar wy hawwe ús plicht ek to dwaen troch de stoflike need wei to nimmen, troch to dwaen hwat wy as in eareskuld fan ús folk biskôgje moatte: it forsoargjen fan ‘e nei litten húshâldings en sibben fan ‘e fallen striders!
O Hear, help har! help ús!


Simmer 1945.
Bron: Frysk moanneblêd ‘De Strikel’




Vooraan met krans, de chef van de groep Hardegarijp-Noordbergum van de N.B.S., Wim van Oosten.


Evert Sijbesma,met het gezin waar hij ondergedoken was (Fam.Jacobi, Veenwoudsterwal)
v.l.n.r. dochter Jacobi, Mevr.en Heer Jacobi (jongste dochter op voorgrond, Evert Sijbesma
en zijn zuster Evertje Sijbesma.

v.l.n.r: Evert Sijbesma, Tjalling Talma en Harmen de Vries.