|
mei û.o. anekdotes út it libben fan Tsjibbe Gearts
TSJIBBE GEARTS VAN DER MEULEN
(6 Maeije 1824 — 16 Maert 1906)
As wy, hwat der oer Tsjibbe Gearts biskreaun stiet, fan himsels en fan oaren, gearfetsje, dan krije wy
sa likernoch it folgjende byld. Hy kaem ût in hûshâlding mei frij greate tsjinstellingen. Syn mem wie,
nei syn eigen wurden , ,,super-orthodox” : hja brocht him great mei ,,Het schriftelijk schoolboek”.,,De
lofzangen Israels” en ,,de gouden trompet, blazende alarm, alarm ten oordeel.” Syn heit wie hwat
lichter yn ‘e leare en moat in eigenaerdige snaek west hawwe: der wurdt fan him forteld, dat er om âlve
ûre ût ‘e tsjerke stapte, oft doomnij klear wie mei de preek, ja dan né. ,,Fan njoggenen ont âlven, dat
is langernôch om us to kapitteljen en ik bin in man fan ‘e klok”. De man wie klokmakker. It tipe fan de
man, dy’t him nearne oan steurt, mar syn eigen holle folget. Mar oan ‘e oare kant siet er stiiffol
byleauwe: hy bisocht de kweageasten to kearen mei diveldrek op papieren. dy’t de foarm hiene fan sinne,
moanne of stjerren en dy’t oeral yn ‘e hûs ophinge waerden, ont yn ‘e kanarjekouwe ta. In wûnderlik
mingsel, soe men sizze kinne, fan in wrâld, dy’t ôfstjert en fan nije idéen dy’t
opkomme.
Hat Tsjibbe Gearts hiel syn libben lang net hwat fan dy twaspjalt yn him hâlden? Hy gyng hwat langer
hwat fierder it liberale paed op, ont er by de frijtinkers tolânne kaem, mar ik meitsje my sterk, dat
er ek yn dat formidden in frjemde figuer west hat mei syn Codsforearing yn natûr, libben en kunst. Hy
mocht graech de tsjinstelling tusken leare en Iibben stryrmje en hune, hwer’t er dy mar seach; mar in
greate forearing hied er foar immen as Ds. Baron, omdat er fan ‘e kânsel deselde wie as der op. Jimmer
earnstich, myld en goed, ek foar dy’t it net mei him iens wiene.Tsjibbe Gearts moat ier ryp west hawwe. Hy naem de dingen om him hinne goed yn him op, koe as jonge al
skoan it wurd dwaen en dat wie fan dy gefolgen, dat master, dy’t sels lang gjin oerfljogger wie, him
oer ‘t hynder tilde. Hja hiene doe sa'n soarte fan Montessori-systeem: forheegjen fan hiele klassen
tagelyk wie net sa sear yn 'e moade, it gyng mear individueel om en ta en sa kaem Tsjibbe mei gauwens
yn ‘e heechste klasse to sitten!
Mar doe’t der in oare master kaem moast er ut ‘e heechste wer nei de leechste ta ………
In tige wittenskiplik man is Tsjibbe lykwols noait wurden,’ konstatearre 0. H. Sytstra.
Dat jowt al sahwat in byld fan de op- en delgong yn Tsjibbe van der Meulen syn libben. Oer de geastlike
fariaesje dêr yr haw ik it al efkes hawn:nou in wurdmannich oer de mear materiele kant. Syn heit wie
klokmakker en de soan soe ek mar by ‘t fak; ek hat er efkes bakker wurde sild, mar dat koe neat wurde
…. ,,dan mar wer mei de klokken toset.’ In nij stadium bigoun, doe’t er ut eim sette mei in
boekhanneltsje. Hoefolle lju yn Fryslân, binammen ûnder de skriuwers, soene it sa foar en nei wol net
mei boekhannel bisocht hawwe? Nest dy boekhannel skreau er dan hwat en ek gyng er to foardragen. Noch
hwat letter waerd et emigraty-agint; hûnderten minsken rekken troch him nei de Nije Wrâld en Van der
Meulen bispoun dêr goed hwat mei. It postje fan brievegaerder roun op in mislearring ût, hy waerd der
sels ût set — hy wie foar sok wurk lang net krekternôch. Dat brievegearjen hied er kombinearre mei
klokmeitsjen en ek hold er der in draeiparse op nei fear lyts printwurk.
Doe’t er post ôf wurden wie, hat er it mei in winkel yn kofje, té en sok spul bisocht, mar dat woe ek
al net. Einlings en to’n lesten rekke er foargoed yn ‘t printersfak en de Burgumer krante hat makke,
dat er syn frij biswierlike hûshâlding op 't lêst goed ûnderhâlde koe. Dat wikseljen al wer oan tekent
de man yn syn wiffens; oan ‘e oare kant moat men faeks ek sizze, hwat in fearkrêft moat der yn hin
sitten hawwe em nei eltse tsjinslach dochs wer fannijs to bigjinnen.As men net al to djip taest, soe men sine kinne: de fariaesje yn Van der Meulen syn libben wie der dan
ek nei, dy spile him ôf, fan berte ont forstjerren, yn dat iene lytse Burgum, hielendal yn it formidden
fan gewoane lju en de forbiningen mei de minsken sille der ek weol net better op wurden wêze, mei 't er
dôf wie en in hertkwael hie. Mar dan forliest men ût it each, dat Burgum mear syn ûtgongspunt wie: by
hat o safolle reisge, ont nei Amearika ta en sa syn wrâld riker en greater makke.
Dat makke my hwat wrâldboargerskipeftich hat er sels faker as ienris sein en hy mocht der foar in part
ek wol in bytsje greatsk op wêze, tinkt my, al praet Hof fan in ,,jacht op
cosmopolitisme".It liket my ta, dat de tsjinstellingen yn it karakter fan Van der Meulen winliken nea goed oerwoun
binne en likemin yn syn skriuwerskip. De folksskriuwerij, dêr 't er yn it goede selskip fan Waling
Dykstra, oan fêsthold, wie syn gebiet eins net; yn ‘e humor slacht er withoefaek troch nei it
kluchtige, al stuitet men yn syn wurk ek op prachtige fynsten. As er him ris hielendal losmakke hie fan
de folksskriuwerij en eigen wegen gien wie. hied er grif mear wurk fan bitsjutting
levere.Van der Meulen had dus it greatste part fan syn libben under it gewoane folk forkeard; it is de frage
oft dat him altiten neikomme koe, yn syn wêzen en yn syn springerige uteringsfoarm. Wy moatte net
forjitte, dat Tsjibbe net yn alles ien en mien mei dat folk wie. Hy mei der him hwat al to folle op
foarstean litte, dat er omgong hie mei ,edellju en jonkfrouwen’, der kin in groun fan wierheit sitte yn
syn meidieling, dat er ,,fan jongsôf oan mei de hege stan forkeard hie’ en him dêr thûs
fielde.
Dy ,,hege stan’ sil grif aerdichheit hawn hawwe oan syn oarspronklikens, oan syn snedige setten en brike
ynfallen; yn hoefier har bilangstelling ût gin boppe dy fan hat soarte, yn de Middelieuwen, foar narren
en soksoarte hûsdieren, sille wy mar bûten biskôging litte,Van der Meulen wie in wâldman fan komôf, mar
ek fan wêzen. De wâldman is troch de bank hwat waermbloediger en mûlriper as de klaiker en nimt it
libben hwat lichter op; hy Iibbet hwat mear by it stuit. As dizze karakteristyk fan de wâldman kloppet,
wie Van der Meulen in wâldman by ûtstek. Hy wie de man fan it amerij, dy’t him fan freugde en fortriet
beide tige meinimme liet. In ding fan neat koe syn fantasy oan it work sette; sa skreau 0. H. Sytstra
oer him ,,in ding hie foar him de wearde, dy’t syn forbylding der oan joech en it wie him as in
tovermiddel dat him libje liet yn oare tiden en yn oare lannen ,,en sa seit er oer him sels earne ,,dou
lietst dy wei slepe troch in idé.”
By Halbertsma is it forheal to finen fan it hâlden en dragen fan Gysbert Japiks, as de ynspiraesje oer
him kaem; dan seine de jonges op skoalle:master is wer gek.
Oft dy anekdoate wierheit bifettet wit ik net, mar sa likernôch moat it al mei Tsjibbe Gearts west
hawwe; as de geast oer him kaem, liet er alles lizze, sette sels de parse stop en bigoun to skriuwen.
Nei eigen oardiel lijt er oan ,,ófdwalingen des geastes as er yn tsjerke sit, tinkt cc altyd oan
dounsjen op ‘e stive koarde. Mei my is t opkaem, doe wie ‘k mar in greate jonge en sont is ‘t altyd sa
bleaun. ‘t Is lêstich.”
Yn it foarwurd fan syn Murk fan Ipekolsgea seit er, dat er dit kluchtspul ,,boekstoaid” hat ,,yn de
droevichste tiden” fan syn houlikslibben. ,,Yn lange en bange nachten, as de sliep fier fan my wykte
socht rnyn geast, it wie oft ik dêr ta preske waerd, ôfliedinge en dielde ik myn iensumens mei
Murk. Hoe wûnderlik pearet humor jamk mei melankolyk.” Wy krije in goede foarsteiling fan syn persoan yn it
earste diel fan Hof syn .,Fjirtich jier”: ,,geijerich”; ,,slaen mei earmen en skonken”; ,,Tsjibbe koe’t
allinne wol pratende hâlde”; wy habbe kuijere en Tsjibbe hat al dy ûren praet en himsels andert jown,”
hy kriget syn selskip by de mouwe: mim of mear kraeijerich prate died 'r altyd, mar as ec yn ‘t fjûr
kaem waerd it hast foardragen.”
Lju dy’t him goed kend hawwe, biskriuwe him as in sonderling, in dichter, in man dy’t dingen sei en
die, der’t men fan opseach” (W. Dykstra); in nuver man”, fol ,,brike setten en ûtfallen as de bern’ (0.
H. Sytstra): ,,een wondere natuur. saamgesteld van ongelijksoortige eenheden” (Hof). It is dûdlik, dat
er in geastich en oorspronklik man wie, ien dy’t der tige ûtkipte. Net ûnaerdich is, hwat in goe-kunde
fan him sei: ,,Tsjibbe Gearts hat in holle mei fordjippingen en dy binne allegearre forsjoen fan
hûsrie, mar dochs bare ûngelyk. Heech en treftich, moai en deftich is ‘t op ‘e iene, mar op ‘e oare
leit alles mâl en bryk trochinoar hinne. It iene is mei ‘t oare hast net to rimen,’ Men mei wol prate
fan in romantyske kontrastwurking yn syn wêzen.
Oer syn sucht nei oarspronklikens noch dit, Hy gyng der great op, dat er suver noait fortaelde. Utsein
de biwurking fan inkelde koarte stikjes en de tige rûge oersetting fan brokstikken út de Faust fan
Goethe hat de dichter in pear biwurkingen levere, nei teksten fan Eeltsje Halbertsma, mar dy
biwurkingen drage sa it stimpel fan syn persoanlikheit, dat it net ienris alles skele kin, hwer’t it
ûnderwerp wei kaem. En fierder joech er eigen fining, in opmerklik ding yn in tiid, doe't men safolle
fortaelde en biwurke; yn ,,In droom" jowt er dêr de nedige krityk op. Ek syn styl fan skriuwen wie
oarspronklik en dat hied er sels skean foar 't forstân ,Hja seijen dat ik geast hie’’ (,In droom); hy
is hinne en wer as de wyn, slacht fan de swierste earnst troch nei ordinaire kluchterij; hy socht it yn
de kontrastwurking fan utersten. Dêrom is er in Poolreiziger in de letterkunde” neamd. Sa't er as
persoan Hof oankaem ,,hwat kraeijerich", ,,hast in foardrager sa wie ek syn skriuwen.
Gjin man fan 'e goede midsmjitte dus en dêrom sa'n seltsume fûgel yn it Fryslân fan dy dagen. In man as
Harmen Sytstra moast net folle fan him hawwe; nijsgjirrige konflikten hawwe har tusken dy twa ôfspile
yn it Burgumer kritelibben. In tsjin— stelling yn karakter komt dêr dûdlik yn nei foaren. Harmen
Sytstra in drege, ûnforsetlike figuer;, in echte klaei—fries, wol mei inerlik fjûr, mar bihearske,
ynbânnich. Set dêr Tsjibbc Gearts nêst:
in man dy't him sa mar meinimme lit, wif fan oardiel, mar nei in rûzje ek fuort om it oer to
sljochtsjen, wylst Sytstra stiif bliuwt; Tsjibbe dêr ’t de fûnken ôffljogge, mar dyt moai en mâl net
altiten like goed wit to skieden. Forneatigjend is it oardiel, dat Harmen Sytstra yn 1852 oer Tsjibbe
Gearts jowt: T.G. van der Meulen jaget nei grapperij — hy jowt in foarstelling fan ‘t mâlle, minne en
gekke. ,,Dat is net botte bimoedigjend en elts sil mieistimme rnoatte, dat der hiele stikken yn syn
skriuwerij sitte, dy’t dit oardiel rjochtfeardigje, mar de positive kant wurdt sa tofolle foarbysjoen.
En soe Waling Dykstra, de sibbe freon, de man fan ‘e middenwei, dreech en geef fan karakter, net gauris
argewaesje hawn hawwe fan Van der Meulen? Syn oardiel ,,in sonderling, in dichter, in man dy’t dingen
sei en die dêr 't men fan opseach" wize dêr al hwat op. W. Dykstra sil gauris ,,opsjoen" hawwe by de
bluisterigens, de oerstjûrens fan Tsjibbe Gearts, yn praten en skriuwen. Ek dat dy, hwat tael en
stavering oangiet, der soms mar hwat mei de mûste nei smiet, sil de krekte W. Dykstra mar min nei ‘t
sin west hawwe. As it foarste nûmer fan ,, Sljucht en Rjucht” forskine sil skriuwt er oan Tsjibbe
Gearts ,,Yn de oanrin …. slaen ik op ‘e selde tromme, dêr 't Jy yn ‘e lêste wiken op slein ha tsjinoer
O. Sytstra, nammentlik dat der tofolle orsuver Frysk skreaun wurdt ……. It is in Tsjibbe Gearts van der
Meulen.
Burgum 1901

Tjibbe Gearts mei it personeel fan syn printerij
to Burgum by it
25-jierrich bistean (1901). Hy hie de leiding fan it bidriuw doe al
oerdien oan syn soan Wigger Arnoldus van der Meulen, dy't njonken
him sit.
De Rimer
1k bin in earme sjonger
En swabje ‘t libben troch
Yn earmoed en mei suchten.
Bliid dat ik ‘t ein hast sjuch.
‘k Hab fidel, harp noch liere.
Myn lûd is al myn ark:
Mar sjong ik faek wol treftich
Ik krij hast gjin bihark.
Ik sjong fen âlde tiden.
Fen faderlânske rom.
.,Swij,” rôp men. ,,fen dy dingen.
Dar jaen wy neat mear om
Do song ik fen Gods rampen.
Heech wetter, pest en brân
Hja rôpen: ,,Lit dat ljeaver.
Dy tiden ha wy :hawn.” —
Do priisge ‘k ût myn herte
De moaijetis fen natúr,
Men sei: ,.Dyn frjemde klanken
Forstiet gjin hear of boer,”
Do tocht ik: Lit my sjonge
Fen godstsjinst, deugd en sa.
Gjinien woe nei my harkje.
'k Moast blinder sangen ha.
‘k Bitocht hwet ydle deuntsjes
En song fen frijerij:
Mar hwet hie ‘k for dy moeite?
Hja harken net nei my,
Hwet scil ik mear bitinke?
‘t Helpt allegearre neat,
De moed is my ontsonken,
Myn lêst is siker great.
Het den de wrâld gjin sjongstof,
Dy? haget all’ mans ear ?
Dat ha 'k my sels fack frege.
Ta dat ‘k de moed forlear.
Ja, ho ‘t men dêr tsjin soarget.
Elk sjongt syn swannesang:
Mar och, dy dûrret iwich,
En iwich is sa lang!
1866
De âlde herberg to Skûlenboarch ûnder Eastermar, der 't Tsjibbe Gearts it forneamde toanielstik ,,De
reis nei de jichtrnasters" skreaun hat. Der stiet al sûnt jierren in nij
gehou foar yn ‘t plak . . .

minne kwael, hwant dy ljukinne net better al soene se wol wolle. Mar hja binne eigenwiis derby en miene
‘t better to witten as in oar. Hja skriuwe foar ‘t o a t w i k k e l e publyk, sa
't dan hjit. Piter Jelles, dy’t in toan oanslacht oft hy de master is fan alle fryske skriuwers, is ek
lang net soun oan ‘e lever . . .
Der sit humor yn it gefal: Tsjibbe Gearts forwyt O. Sytstra (dy’t letter oer ‘e Jongfriezen gear gean soe!) ûnsuverens yn it taelgebrûk. Waling Dykstra
nimt Piter Jelles op it harspit en — sit yn it foarwurd fan Tsjibbe Gearts syn ,, Ald en Nij ” skriuwe:
,,Yn ‘t stik fan tael en spelling hat Tsjibbe noait bysûnder eptich west.’Né, mannen fan deselde konstitúsje wiene H. Sytstra en Tsjibbe Gearts net en W. Dykstra en Tsjibbe
Gearts like min. It aerdichst komt de tsjinstelling tusken de lêste twa faeks nei foaren yn ‘e
meidieling fan Hof oer it Winterjounenocht fan de beide mannen 1860-'63. Gauris joegen hja dan petearen
tusken boer en lânhearre, der’t it skerpe bier net by forgetten waerd . ,Tsjibbe Gearts wie dan altyd
de hear, Waling Dykstra de boer.” Hwat oars!
Mar by hâldt syn plak en syn bitsjutting nêst dy baesmannen, ek yn syn skriuwerij, binammen foar hwa’t
each hat foar it forrassende detail. It libbene en fûnkeljende fan syn oarspronklike geast kin men dêr
bitraepje. Dêrom is der alle reden, fan en ta syn ,, Ald en Nij’’ út ‘e boekekast to krijen en him to
folgjen op ‘e kronkelpaden fan syn fantasy.
SNYPSNAREN
Út it wurk fan Tjibbe Gearts
,‘k Bin bliid dat dizze moanne sa koart is, sei Lou,
’ Sa folleste gauwer bin ‘k Maeije oan e frou.”
,,Licht winskeste.,’’ sei Oepkje ,,, it folchjende jier.
Dat Februwaerje mar sonder einde wêst wier.
IN PPAETSJE
It F a m k e :Ik winskje hjir jimmer to boartsjen,
D e F a e m :Ik winskje jamk frijers to sjen,
D e M e m : Ik winskje hwet winder to soargjen,
Be pp e: Ik winskje to rêsten, myn bern!
Jan Flipper seit, en ik siz ‘t mei:
‘t Frijt nachts doch frijer as oerdei.
Sjoerd woe by Kike wêze, mar Kike net by him,
Do boaske hy mei Baeije. Hwet is de leafde slim!
Tink. faem, is nou dyn feint fol fjûr,
In skaefspoensfjûr is koart fen dûr.
Goed to kibjen is frouljues-wurk.
En dat net to tellen is mannewurk.
Ald wier hy en jong wier sy;
‘t Wier winter mei de linte er by
Stek, fammen, net to faek fen wâl;
De beste kij fynt me op ‘e stâl.
Tûzen kromme paden hinne er yn ‘e wrâld,
‘t Is wonder as men altyd yen op it rjuchte hâldt.
Jan sûpte in rûs, do tute er Tryn;
Hy sei ,,Earst rein, den sinneskyn.”
De frijers dy’t omfierrens frije,
Scill’ ‘t altyd nêst de doar hast krije
.,Sigaren binn’ snaren, ik hâld der net fen,
Mar ‘t pypke,” sei Wypke, dat’s mear nei myn sin,
DEROM
Ik wol in dichter ha,’’ sei Griet,
,, En jaen him stof ta ‘n heldenliet.”
J.H.B.
Maert 1956
INDISCHE VERZAMELING TERUG IN BURGUM
8 okt 1991
De lichte beurs en zware koffer van Anne Tjibbes
ALS EEN OOSTERSE VORST hangt hij in de kussens. De tulband am het hoofd, de lichtgrijze baard, het fraaie kromzwaard in zijn handen, het kostelijke gewaad en vooral de zelfbewuste heersersblik in de ogen, alles draagt bij tot het beeld van een man het in de Oast helemaal gemaakt heeft. De afgebeelde persoon is Anne Tjibbes van der Meulen uit Burgum, een van de zes zoons van de schrijver-dichter Tjibbe Geerts. Tegen het eind van de vorige eeuw ging Anne Tjibbes als onderwijzer naar Nederlands-lndië, waar hij zich ontpopte als een gedreven verzamelaar van Oosterse kunstvoorwerpen. Een deel van de ‘Indische verzameling’ die hij aan bet begin van deze eeuw
meegebracht, is tot eind maart volgend jaar te zien in het Streekmuseum te Burgum, terug van driekwart eeuw weggeweest.

Anne Tjibbes als Egyptische onderkoning.
Dat Anne Tibbes op het bewuste portret oogt als een Oosterse vorst is geen toeval. Hij moet er werkelijk voor doorgaan. Het verhaal daarover staat niet in het boekwerk dat de tentoonstelling begeleidt; daarvoor kwam bet museum-medewerkster Margreet Eversen te laat ter ore. In bet Griekse Kavala, de geboorteplaats van de Egyptische onderkoning Mohammed Ali, staat sedert 1930 een standbeeld voor deze vorst, die aan bet begin van de vorige eeuw de basis legde voor de huidige Egyptische staat. Verzamelaar Anne Tjibbes beschikte Over originele sultanskledij en zo kwam het dat de onderwijzer uit Burgum gevraagd werd model te staan voor het beeld. Het schijnt dat zijn Friese gelaatstrekken nog te herkennen zijn in het monument voor Mohammed Ali. Een foto van het beeld is toegevoegd aan de gisteravond geopende expositie in het Streekmuseum.
Anne Tibbes, in 1862 in Burgum geboren en in 1934 in Cairo overleden, wordt op zijn negentiende onderwijzer in Amsterdam, waar zijn belangstelling voor kunst tot uiting komt in veelvuldig museumbezoek. In 1889 vertrekt hij als onderwijzer ‘in gouvernementsdienst’ naar Nederlands Oost-Indie, zoals dat dan nog heet. Drie jaar later keert hij met ziekteverlof terug naar Europa en komt hij in plaatsen als München, florence en Rome met kunstenaars in contact, onder wie de beeldbouwer Pier Pander. Terug in de Oost ontpopt hij zich als een hartstochtelijk
* ‘Tabé toewan’
,,Van 1895 tot 1900 woonde ik te Batavia”, schrijft Anne Tjibbes in 1906 over het ontstaan van zijn verzameling. ,,Ik ging toen in mijn vrijen tijd vaak naar de ‘benedenstad’ (de lezer zal weten, dat de meeste Europeanen wonen te Weltevreden, terwijl het oude Batavia dichter bij zee ligt) en snuffelde dan in gangen en stegen en liep binnen in oudroest- en rommelwinkels. ‘Tabé toewan, toewan tjirah apa?’ (Goeden dag mijnheer; wat zoekt U?) was dan vaak de vraag. Ja, wat ik zoekt, kon ik niet juist zeggen - ik wilde maar eens rondzien. En zoo rondziende vond ik dan soms mérkwaardige dingen, die mij verrasten door hun schoon.”
,,Ik vond koperwerk, mooi van vorm, mooi geciseleerd; vond weefsels, vond wapens - en was verrast en beschaamd. Beschaamd ook, dat ik meer dan drie jaar in Indie had kunnen zijn, zonder van dat alles iets te weten, beschaamd dat ik zoo blindelings had voortgeleefd. Beweging over Indisch schoon was er destijds nog weinig en ik ben er in zekeren zin trotsch op, dat ik zoo stil mijn eigen weg ben gegaan en het mooie heb gevonden zonder voorlichting, zonder wegwijzer, zonder steun.
Eenmaal gegrepen door de schoonheid van de Ooaterse kunst slaat Anne Tjibbes van der Meulen fanatiek aan het verzamelen: ,,En na elken reis was mijn beurs heel licht en mijn koffer heel zwaar.”
Hij koopt en krijgt soms zelfs dingen waarop collega-verzamelaars tevergeefs hun zinnen hebben gezet. Hallema schrijft daarover in "Tropisch Nederland": "Zijn beminnelijke eigenschappen, hartelijke omgang, gaaf karater, rechtschapen handelwijze Openden hem den toegang tot de geheime binnenkameren van vele Indische hoofden, Inlandsche kunstbeoefenaars en Chineesche tokohouders”.
* Cultuurroof
Margreet Eversen van het Streekmuseum vraagt zich in haar boekwerk voorzichtig af of naar huidige maatstaven de verzameldrang van Anne Tjibbes niet als cultuurroof moet worden aangemerkt. Immers, “in onze moderne westerse gedachtegang kunnen we denken aan een man die er bijzonder goed in was om vriendelijke, voor een paar centen, de mooiste dingen bij de (arme) inlandse bevolking los te peuteren: in hoeverre speelde hierin de machtspositie van de kolonialisten een rol?”
Een feit is dat er in 1905, als Anne Tjibbes terugkomt in Burgum, twee extra tramwagons nodig zijn om te spullen te vervoeren, verpakt ,,in meer dan dertig kisten, sommige van kolossale omvang”.

De Indische verzameling wordt eerst opgeslagen op de zolder van het gemeentehuis maar in mei 1906 opent Van der Meulen een echt museum, ondergebracht in het oude postkantoor van Burgum.

Dat museum is er gebleven tot 1915. Al in 1910 doet Van der Meulen de collectie over Nanne Ottema, kunstkenner en kandidaat-notaris te Leeuwarden. Anne Tjibbes krijgt daarvoor een levenslanqe lijfrente van f 400 per jaar. In 1915 ziet hij zich genoodzaakt ook het gebouw te verkopen en Ottema staat met de verzameling op straat.Twee jaar later krijgt hij het kostbare materiaal haar plaats in het Prinsenhof in
Leeuwarden in het voormalige postkantoor Archief foto’s Streekmuseum Tytsjerksteradiel
Het vormt nog steeds een belangrijk deel van de keramiek collectie van dit museum elders zijn delen van de verzameling terechtgekomen: wapens wajangpoppen in het museum Gerardus van der Leeuw in Groningen, Egyptisch en Adriatisch glaswerk in het Rijksmuseum van Oudheden in Leiden.Het streek museum Tytsjerksteradiel een afspiegeling van
Anne Tjibbes collectie tijdelijk naar Burgum weten te halen. Samen met foto’s en andere documenten voor een belangrijk deel beschikbaar gesteld door inwoners van Tytsjerksteradiel, geeft het een beeld van het vroegere
museum en zijn kleurrijke grondlegger dus na 75 jaar een klein beetje terug in Bergum

Anne Tjibbes van der Meulen met zijn Indische verzameling in Burgum,waar de
collectie
van 1906 tot 1915 was ondergebracht in het voormalige postkantoor.
(thans winkel snuffel en firma Dolstra boven 2007)
Door Fedde Dijkstra
bron:Leeuwarder courant
FEKANSJE
YN FRYSLAN.
(Op
'e fyts rûn Birgum. July 1940)
Wy
litte nou Birgum mei syn âlde Krûstoer lofts lizze en geane sa gau mûglik
rjuchts ôf, de Simmerdyk del. Foardet
de Grinzer strjitwei oanlein waerd roun hjir it paed fen Ljouwert nei Grins en
rieden de postweinen oer ‘e moudige wei of troch de smoarge modder.
Lofts
fen ús, mear op it doarp can, moat earen in great kleaster stien hawwe. Allinne
nammen lyk as ,,Kleasterleane” binne hjir fen oerbleaun. By it Hústerheide
(de âld harbarge is sûnt in jier of hwet ôfbritsen) stekke wy de tramwei fen
Feanwâlden nei Birgim oer en hâlde ús oan ‘e Simmerdyk. Wy binne to ier yn
‘e tiid for toarnbei-sykjen. Oars scoe ‘t hjir in ,,eldorado” wêze. By it
lêste hûs fen ‘e streek hâlde wy efkes stil. Lofts fen ‘e dyk, by de
ynreed fen dit boerespiltsje kinne jimme it ,,poepekrús’’ fine, útgroeven
yn ‘e berm fen 'e wei. Hjir is, hwa wit
ho folle jierren forlyn in ,,poep’,, in hantsjemier, formoarde. To min
for de wijde groun fen it tsjerkhôf moat dy hjir syn lêste rêstplak foun
hawwe. It âlde tsjerkhôf (fierderop, rjuchts) is al lang ôfgroeven en
forgetten. It ienfâldige krús lykwols wirdt noch elts jier op 'e nij yn 'e
swarte groun iepen hâlden.
Hjir
wenne sûnt jierren ,,Wytse Atsje" Ho lang is 't al lyn, det in lyts
beukerke dêr mei de Ljouwerter krante wis fen syn stikje krintebôlle wier?
Atsje is al lang wei en it krús scille wy ek mar rêste litte. Fierderop ha wy
in sinteldyk, de "langeloanne", dy't ús op 'e Warrendyk bringe scoe,
yn 't West fen Birgum. Efkes nei lofts op dy dyk, by de pleats mei 't efterst
nei de wei, stie de "Groustins". Scoene dêr de ,, trije jonkers fen
Birgum" wenne ha, dy't wy yn ,, Ald en Nij" fan Tsjibbe Gearts kennen
learden? Rjuchts ôf rint de wei lofts nei Sewâld, rjuchts oer Tytsjerk nei
Swarteweisein en Ljouwert. Mar wy bliuwe noch hwet op 'e Simmerdyk, oan't wy
yetris lofts de âld Sewâldsterdyk krije. In rêstige âlde sânwei, dy't ûs
troch de stille Warren (in great fjild blaugêrzen) bringt nei in natûrmonumint
,,de Kobbekoai". 't Is dêr forbeane groun, dos kinne wy der net to ticht
by komme en scille wy de kobben mar mei rêst litte. 't Scoe my net nij dwaen as
oan dizze âlde wei for de plantkindige noch hwet fen syn gading to finen is,
mar wy kinne allinne genietsje fen 'e rêst yn dit stille fjild. Sa
njunkenlytsen komt ek oan dizze âlde dyk in ein en fine wy yn 'e Suderein fen
Tytsjerk de pûnwei lofts ôf nei Sewâld. Yn dit iensume fen 'e wrâld
ôfsûndere doarp rinne wy fêst op in flink wetter, de ein fen 'e wide Ie.
Alear stie hjir nei 't sizzen in boerdtsje ,, hier houdt het menschdom op".
Dit is den fêst al lang forlyn, hwent neffens Tsjibbe Gearts learde ien fen 'e
trije jonkers fen Birgum hjir op syn reis om aventûr by it oerset fen in âld
wyfke it pantsjeplakken. Dit oerset is der noch en kin ús oan 'e oare kant fen
it wetter op wei nei Garyp bringe en fierderop nei Earnewâld. De earn en it
wâld binne al lang wei, mar det de omkriten fen dit wetterlân de moeite
wirdich binne, kin Ds. de Stoppelaar ús in ,,Blinkende verten" to witten
dwaen.
For
ús rounkuijerke hat de wrâld hjir syn ein foun en litte wy oan de ljeafhabbers
fen 'e wettersport oer, hjir it paed nei Grou to finen en mei Dr. Eeltsje to
genietsjen fen 'e rôljende, wâljende wetterweagen en al hwet fierder op ús
moaije Fryske marren to bilibjen is.
K.
1956
Folkshumor
yn ‘e Walden
,,Gjin
tûker guod as minsken — en dêroan de wâldlju.” Dat sei omke
johannes, dy’t to Lekkum wenne, krekt oer de grins fan Klaei en Walden.
Der op it Kanterlân waerd de âlde tsjinstelling. Klaei en Walden fei bilibbe
en as de Gytsjerkster boeren oan 'e eastkant fan de Moark yn 't haeilân wiene
en de Lekkumers oan de westkant dan flitsten de snedige en skerpe setten hinne
en wer,
hwerby
de heechste troef fan de Gytsjerksters wie; ,,En as jimme yn ‘e klaei gisele
wurde moatte (in freonlike ûnderstelling), dan moat it biezemrys noch ut de
Walden komme.” Ek de minne kwaliteit fan de brij rekke yn it pleit. ,,Ha jimme
de waei al wer oer,'' fregen de Gytsjerksters en Om Auke fan de Mouneein hie in
kear, dat er to Lekkum ûngetide, de brutalens en freegje om learzens, dan woe
er dêrmei yn ‘e
brij
stappe om nei de groatkerlen to sykjen. Hy waerd op steande foet ûntslein en
gyng in boer fierder, der’t er yn ‘e nacht mei in kollega de kij ûtmolk.
Kwea stiek der net yn, sei er tsjin syn maet, hwant hja as mieren hiene in
streekje foar, Salomo hie al sein: ,,Gaat naar de mieren en wordt wijs.”
Dc
wâldman is redsum en hat net folle sin foar dekorum en autoriteit. Fan twa
pealtsjes en in prikke makket de waldman in hikke. Romke Kingma siet to fiskjen
oan de Moasse Wiel op it em fan 't sketsje, dat yn de Wiel ûtstiek. Syn klean
leine op ‘e wal, dan waerden se net wiet, as er fan it sketsje foel. Mar syn
himdtsje he er oan hâlden, hwant de foarste slippe fan 't himd wie syn
wjirmklomp en yn de efterste biboun er de fisken. Men moat jin mar rêdde kinne,
mar sa tûk hie in jonge yn de klaei it noait bitocht.
Jantsje
de suster fan Anne Herder, dy’t yn in kroechje wenne op it Wytfean, wie op in
dei yn Eastertnar op bisitc by bakker Tjepkema. Hja kriqe twa koekjes by de thé
en in grúske, mar dy stiek se yn 'e bûs. En it wie sa moai fan pas kaem,
fortelde se letter. De oare deis hie de Meniste dûmny fan Rottefalle mei mefrou
op bisite west en dy hiene elk in koekje krige en 't gruske hie hja trochbiten
en dûmny en mefrou elk de helte yn
'e
thé dien.
Anne
Herder seach ek mis op in joun pelysje Krol op 'e
loer
stean, It wie krekt oer tsien en Krol woeris
wite of de tiid fan sluten respektearre waerd. Hy krige ynienen in pear goeije
klappen mel in stok fan Anne, dy’t dernei tige kjel útrôp: ,,Och heden, it
is de pelysje. Ik tocht dat it jongfolk der wer wie. Dat folkje komt hjir faek
nei tsienen om drank en ik wol se der net yn hawwe.”
Ek
hegere autoriteiten as pelysjes hawwe to kampen mei dat gemis oan autoriteitssin.
Boargemaster Bekker fan Bûtenpost hâldde in man oan, dyt sunder ljocht fytste
,,Hwa hinne jo, dat ik foar jo ôfstappe moat? ” frege de sûnder, ik bin de
boarqemaster”, sei Bekker. De man wie de boargemaster gewoan foarby roun en
stapte wer op 'e fyts. Dan ha jo in best baentsje,” sei er. Krekt fierder stie
pelysje v. Dekker, dy't wer ofstappen gebea. ,,Hwer bimuoije jo jo mei, sei de
man, ,,ik haw al mei de boargemaster praet.”
Foeke
van der Veer to Eastermar andere op de wenstige fraech fan de kolonel by it
lotsjen — Hebt u ook wat in te brengen: ,,Jonge ja, kolonel alle Jounen, twa
skiepkes en in geit.”
Soms
rint it mei dy wâldmansgrappen hwat al to fier, bygelyks doe’t Feike v.d.
Schaaf oan dominé Bluchel frege om de balken fan de nije tsjerke mei bidden
omheech to bringen. It wie sa 'n swier kerwei en as dûmny in gelove hie as in
mostersiedtsje, dan koe er har in hopen wurk bisparje.
Noch
heger autoriteiten as dûmnys en ofsieren hawwe lêst hawn fan wâldmansfrijmoedigens.
Doe
't ienris Hendrik, de broer fan Kening Willem III in kear yn de
stasjonswachtkeamer fan Ljouwert op 'e trein siet to wachtsjen, stapte Oeds Biel
fan Tytsjerk, mei it dronken gat troch it kordon hinne en gyng neist de prins op
‘e bank sitten en frege hwa of ’t mynhear wie.
Doet de Prins syn namme en kwaliteit sein hie, wie Oeds alhielendal net
forbouwerearre.
,,Ik bin Oeds Biel fan Tytsjerk,” sei er, ,,ik handelje yn reid, Kin mynhear
ek in frachtsje fan my keapje ?”
Mynhear joech de kondukteurs de wink om goed op Oeds to passen. ,,Hij heeft wat
te veel op,” sei er, ,,maar het is een leuke vent, zorg, dat hij geen ongeluk
krijgt.”
Oeds
mocht letter altyd dronken yn ‘e trein. Hy hie de prins sprutsen.
JOH.
WYBENCA
1953
harmen-sytstra-1817-1862
45 jaar

Schoolstraat (Oosterbuurt)
Hjirrboppe:De herberg ,,De Volle Hand'' to Burgum, dêr 't
Harmen Sytsra yn 'e kost wie (oan 'e rjochter kant, alhiel
foaroan).Letter is hy nei Baerd verhûze.

Beard 1956

ONNO HARMENS SYTSTRA
81 jaar
Alwer is der op it Fryske striidfjild in feteraen weinommen: Onno Harmens Sytstra, de soan fen de Baerder skald Harmon Sytstra. De heit waerd mar 45 jier, de soan helle de ien—en—tachtich. Syn heit opfalgje en neifolgje wier in libben lang syn bigearen, al wist er, det er net by him yn ‘t skaed stoan koe. Hy hie fen syn heit de earnst, do trau, de ûnforsetlikens, mar net it gleone ynderlike fjûr fen de hertstocht. Fryslân tsjinje, det woed er fen syn feintjierren ôf, do 't er mei Piter Jelles de moaije sammelbondel ,,It jonge Fryslân” ‘útjoech on do 't er al gau Colmjon opfolgje moast as samler fen it Solskipstydskrift ,,Forjif—my—net’’, oant op syn âlde dei ta, dot or yet noi do mjitto fen syn krêften for it Frysk krewearre. Hofollo striders is it jown sa 'n sechtich jier oanion yn it mêd to stean, altyd niear of mindor mci foaroan? Dot giot samar net fensels; do toloarstollingon flntbrokko noa Sn— tank wirdt yen faek as loan jown, perso•aniike sko— Ion moitsjo, dot mon gauris yons mood not at on hit t~r wird t, — mar in en u rhe d et I rod i omi to
not oars rnear kin.
Sn hat Otino Sytstra tige to lie wirk Ut c x~ct set (let gj in nantme. lint, mar dot dochs dten w tide moat; dêr’t saioilo swésiaggors ijeafst für opstrup
deseldon dy’t wol it rjucht opeaskjo hjar krit\ k dot ocr Ut to• stoarten. Fly hat j ierren en j iorren soargo, dot tie Seiskipswirkjos ml kamen en op hid for— skynden, hy hat mannichien ten de jongoroin hoi— pen hy do earste stappen op it giystorigo, unbi— wende paed, by hat in proUo wirkjes oarst Under
de eagon hawn On neisjoon op tad on stavering, ear’t se iorskvnden. Hwa’t de forslaggen ion de Ljotiwerter Krite yn do krante troui foige hat, neil mannie.h kear do namme ion Sytst.ra trüffon hahhc, hwa’ t do tiidwirkjes ton it Selskip woi ris troeh— snenpte, soil rnannieli koar in kritelézitig ten hi ii loon hahhe.
ion ten de greatston ten Fryslan ~vied or net; den scoo der net sa maklik in hick yn syn iibhen ko.nt:mon wéze troeh it dwaen en litten ten tie johgerein nd 1915, mar nan syn oarnstige hidool ing en oprjttchte ljeafdo hat ninimcn ea twivele.
Yn Us skriftekennisso soil hy syn plak hiwarje,
net aldorearst troch syn koartswiligo stikken, mar Ira! finch syn greatere dichtstik.ken, in iiere, mar weardige neikiang len it béste wink Ut do lOde len.
Sa bliuiwt Onno Syts Ira yn oantinken as in Nodder, in foarhyid ton troLl en watberens, in dreoch konnor ion it Frysk, ion dy’t do skyn hate on it
,,sljilcilt on rjncht’’ yn it herto mold inoeeh, ion dy non kxvânse]e mci hwet hy as wiorheit finn hio.
Do alden Thlle on ñs hinne wei. Do jengerein, dy’t dizzo alderein ienkoar In! oaniooi, is non ek a! wl]s en -bi-daerd. Si:bbon, kinden, foargongers stjerre, mar it eantinkon hi inwt. En Frysiân hi itiwt mei it syn horn altyd yn care hâide
En moije Onno Sytstra yn frede rêste!
Anekdotes út it libben fan Tsjibbe Gearts
BYINOAR SAMLE FAN DAM JAARSMA
OAN A. H. SCHAAP
Fan alle dichters fan it Fryske mêd hat der grif net ien west dy’t mei
sa’n rike foarrie oan originaliteit bijeftige wie as de Burgumer boer
Tsjibbe Gearts van der Meulen. Lêst men ,,Ald en Nij” der op nei, dy
rûge en spitigernôch tige ûnfolsleine mar sèldsum nijsgjirrige samling
fan syn wurken, dan stiet men forsteld fan de'r rykdom oan snedige,
brike setten en krûdige petearen, al mei de kwaliteit dan net altiten
fan in like heech gehalte wêze. Yn it deistige libben, yn syn omgong mei
de minsken, moat de man net oars west ha. It skriftekundige wurk jowt in
klear byld fan syn hiele wêzen, dat like simpel en sljochtwei en
natuerlik wie as dat fan in bern.
Nou soe men fan tinken ha kinne, dat it dêr yn‘e omkriten fan'e Burgumer
Mar optille moast fan teltsjes en sechjes, dy’t dizze geastige forteller
ienris ta de mûle ûtkomd hinne, Mar dy’t dat mient hat it mis. Al dy
anekdoaten, dy’t der dochs planteit weze moatten ha, binne binei wei
woarn en forgetten. De inkelde, dy’t wy noch noteare koenen, litte wy
hjiir folgje;
Janke har toffels.
Tsjibbe hie ris bisite fan ‘e fryske dichter A. J. Smeding. Hja wienen
op wei nei ‘t Boskhûs ta en hienen in tige drok petear togearre. Op‘e
Burgumer Nijsted kamen hja in bihindich arbeidershûske foarby, deft twa
spitse, everlasten frouljustoffels foar de doar stienen. Doe’t Tsjibbe
dy toffels dêr tafallich yn 't fesier krige, bleau er ynienen stean, it
drokke petear waerd ôfbrutsen en in finger wiisde nei it plak fan ‘e
toffels.
,,Sjoch,” sei er o sa earnstich en stadich, ,,de toffels fan Janke. Dêr
soe’k wol in boek oer skriuwe kinne.”
Hwat wie it foardelichst?
Lyk as men wyt wie de âld man net sa botte sib mei it folk, dat Sneins
nei de tsjerke ta reizge. Barde it, dat der ien fan ‘e greate nei de
lytse tsjerke oergong, dan hie er wolris de gewoante sa’n ien op
strjitte oan to hâlden en him dêr oer to ûnderstean. En dan miste it net
of hy die him de frage: ,,Kaem jo dat foardeliger ût?” Hwant de dichter
hie tige it grau op lju mei in breagelove.
Op reis nei Amerika.
Rounom bikend is Tsjibbe Gearts syn treflike lân£orhuzerssang. Twaris
hat er de reis nei Amerika ûndernomd, Hoe’t de iene kear syn ôfskie fan
Burgum wie docht bliken ût ‘e folgjende anekdoate. Teffens kinne wy
hjirût sjen, hoe tige Tsjibbe de man wie fan it momint, in alqemien
dichterlike eigenskip, mar by him wol hwat ûtsûnderlik sterk oanwezich.
Op in nacht waerd syn wiif kjel wekker, doe’t se gestommel fornaem yn ‘e
keamer. Hja gong oerein sitten yn it bed, mar hwat skuorde it minske
greate eagen op, doet se dêr har man, Tsjibbe Gearts lyk foar de spegel
stean seach, alhiel yn ‘t pontefekael, mei de hege hoed op.
,,Hwat sille wy nou bilibje’, hime se op it lêst, doe’t se hwat fan ‘e
earste skrik bikomd wie.
,,O,” wie it andert tige plechtich en bidaerd, .,ik sil nei Amerika ta.”
(Doe’t Tsjibbe in âld man fan oer de tachtich wie en er yn syn bernskens
rekke, kuijere er faek de Burgumer buorren del mei de gongelstok yn ‘e
iene en in greate reiskoffer yn de oare han. Hy forbylde him dan dat er
wer op reis soe nei Amerika ta.)
Immer lustig!
Tsjibbe hat wol tige minne tiden kind en de soargen ha him gauris
pleage. Mar it potserige yn him, syn sin foar nuveraerdige sitewaesjes.
kaem altiten om it hoekje. Sa skreau er syn . ,Murk fan Ipekolsgea’, in
tige koartswilich toanielstik, yn ‘e tiid, dat syn wiif slim siik wie en
hy nachts faek oer de flier wêze moast. Hy sels skreau: Ik hie wolris
lêzen, dat Cervantes syn Don Quichote skreaun hie yn ‘e finzenis. Ik hie
al lang it plan hawn om fan it fers fan Dr Halbertsma ,,Murk fan
Ipekolsgea” in kluchtspul to meitsjen, en yn dy nachten, doe’t de
soargen my as in nachtmerje op it hert sieten, haw ik dat grappige stik
skreaun.”
Net stûmje.
Syn bêst sin forliet him nea. Yn ‘t bigjin fan ‘e
Burgumerkrante-perioade barde it wolris in inkelde kear, dat de feint
alle letters troch elkoar falle liet — in pastei neamt men dat — en it
hiele setsel bidoarn wie, sadat men fannijs fan foaren oan bigjinne
moast. Dêr wie dan fansels in skoander stik tiid mei forlern gien en
soks bitsjutte in hiele ramp. Mannige baes soe syn feint dêr fiks oer
biskrobbe ha. Tsjibbe lykwols plichte op sokke tiden bidaerdwei to
sizzen ,,Jonges, dêr sille wy net to swier oer tille. Litte wy it
Wilhelmus mar ris meiinkoar ophelje.”
De dichter yn it paradys.
Op alle mooglike oarden binne Tsjibbe syn pinnefruchten ûntstien. De
leedsang fan Dr Halbertsma makke er yn it trekskip nei Boalsert. ,,De
reis nei de Jichtmasters”, ien fan ‘e treflikste toanielstikken ût dy
tiid hat er skreaun op in keammerke boppe yn ‘e herberch to
Skûlenboarch. Hy hie dêr it ûtsicht oer de wide Burgumer Mar en wie
alhiel oerémus, doe’t er mei de kastlein kaem to praten. ,,O”, rôp er,
,,hjir is myn geast fetber makke foar alle greats, hjir is it myn
timpel, hjir moat ik alhielendal allinne wêze. Dit is hjir myn paradys.”
En by makke dêr greate gebeartens mel de earmen by. lyk as syn gewoante
wie, dat, dy’t de Burgumer baes net better koe, moast grif tinke, dat er
in slach mei de moalpûde hawn hie.
Tsjibbe Noas.
Lyk as op syn fote skoan to merkbiten is, droerch Tsjibbe Gearts gâns in
qevel foar de holle en dêrfandinne krige er by de Sumarreheidtsjers, by
hwa’t er tidens syn brievegaerderskip wyks lenris de brieven brochte, de
namme fan Tsjibbe Noas. Nou wenne der op ‘e Burgumer heide in slachter
mei namme Fokke de Graaf, dy syn
noas ek wol mei dwaen koe. Hy en Tsjibbe troffen elkoar ris yn ‘e
Doelestege to Ljouwert. Sadré 't de slachter der oan kaem, gong de
dichter tsjin 'e muorre oan stean cm rûmte to meitsjen, en hàldde de
flakke hân by syn noas lâns, wylst er sei: ,,Kan je me zo passeren, de
Graaf?”
In mistribele Ljouwter merke-reis.
Doe’t er al in âld man wie, kriqe hy ‘t ris yn 't sin, by woe nei
Ljouwerter merke ta. Syn soan mei dy syn kammeraet Feike Tamsma soenen
mei. Hja kuijeren trijeresom oan Hurdegaryp ta en gongen dêr yn ‘e
trein, Doe’t hja oan it Saeilân ta wienen, sei er:
.Né. earst wol ik efkes by myn âlde freonen sjen, dat sa bidarren se net
op ‘e merke, mar op it tsjerkhof, dêr ’t de âld man by de sarken fan
Colmjon en oaren lâns reizge.
Dêrnei woe er in freon yn it hospitaeI opsykje. Troch dizze ûtsjes waerd
it lykwols linkenoan sa let, dat, doe’t hja op it lêst noch de merk op
soenen wie it tiid fear de trein. Noch gau koft Tsjibbe in pûdfol
oaljekoeken mei krinten, der’t er de beide tolcarstelde jongelju rynsk
op forgastte, en doe wie it halje trawalje nei it stasjon.
It wie skimerjoun en de twa jonqe maten, op hwa’t de dichter alhiel
bitroude, setten by forsin op in forkearde wagon ta. Sa bidarren se yn
in trein. dy't nei Harns ried ynsté fan nei Grins.
Hwer wolle jimme my hinne ha?” rôp Tsjibbe út. dy’t it forsin it earst
fornaem. Hy fûtere:
,,Nou haw ik binei de hiele wrâld ôfswalke. Yn Amerika en yn Dútsklân
haw ik forkeard en nou moat it my noch op myn âlde dei oerkomme, dat twa
sokke jonge soksessen my nei Harns ta loadse ynsté fan nei Hurdearyp”.
To Deinum stapten se ût en kuijeren sa werom op Ljouwert ta. It wie
healwei ienen, doe 't hja yn Hurdegaryp oankamen. Hja hienen de dei wol
meinomd, mar ta it eigentlike doel wienen se winliken net komd.
It Arkhok.
To Burgum wenne doetiids in griffier Strating.
Hy en Tsjibbe skreaunen elkoar briefkes op rym. Strating adressèarre dy
briefkes sa: It Arkhok by Jan Wigers. Yn dat arkhok — it hok, dêr't
Tsjibbe syn ark hie — hàlde hy almeast ta tusken de boeken en
pompierren. Dêr siet er altiten to skriuwen.
Njoggen ûre — buorrelûre.
Nei in brandewyntsje wie de âld baes o sa slij. Lykwols fóar njoggen ûre
op ‘e joun soe er nea ien priuwe. Mar net sadré hie de klok syn njoggen
ûren ûtslein of de brandewynflesse kaem op ‘e tafel en hy wipte ien
efteroer.
Filantropy op ‘e Sumarre Heide.
Syn meilydsum aerd komt ût yn ‘e folgjende anekdoate:
De dichter kaem ris by de dokter en by Feike Tamsma. Hy sei: ,,Op ‘e
Sumarreheide wennet in âld sloof, dy hat it o sa krap. As wy trijen wyks
elk in kwartsje jowe, dan hat hja 75 sinten, dan kin se der hwat
bôlleguod foar keapje.”
It plan foun ynstimming en de hiele winter lâns hat it eale trijemanskip
him oan dit filantropysk foarnimmen hâlden. Foar de dichter, dy’t faek
mei djippe earmoed to kampen hie. bitsjutte dit kwartsje in offer.
De qouden holle.
Doe’t Tsjibbe wer thûs wie út Amerika wie der fansels gâns to fortellen.
Der waerd ôfpraet, hy soe yn ien fan ‘e Burqumer herbergen oer syn reis
op ‘e tekst en mei-iens sjen litte hokfoar wûndere saken hy út dat
wûndere lân mei nomd hie. Dat gyng oan. Op 'e féststelde ûre hie de
dichter in tafel op it podium stean, der’t in kleed oerhinne lei, dat
oan ‘e groun ta rikke. Midden yn ‘e tafel wie in gat oanbrocht en sa’n
gat siet der ek yn it kleed, Mar dat koenen de taskôgers net sjen, hwant
troch dat qat stiek in holle, ay’t mei it kin op it tafelblêd rêstte.
dat it like krekt as lei dy holle los op ‘e tafel.
,,Sjoch”, forklearre Tsjibbe, ,.hjir hawwe wy de gouden kop, dy't ik út
Amerika meinomd ha.” Hwant de holle hied er hielendal tige tsjok mei
goudbrouns ynsmard. ,, Nou oppast, rnannen, hwant dizze holle kin
spylje.”
It wie in man ût it doarp, dy siet under ‘e tafel, dér 't er foar sa
fier soks dwaenlik wie, op in âld fioele omraspte. Tsjibbe hie him
ûnthjitten, hy soe him goed leanje mei in postwiksel.
De man hat lijen hân it goud wer fan ‘e holle to krijen. In wike letter
wie it noch allegearre goud op plakken, mar op it lest, doe waerd er dan
dochs wer skjin. Mar it jild kaem net to gau. Alle dagen seach er nei de
post út, mar it wie forgees. Einliks en to’n lêsten kaem der in
postwiksel, mar mei it bidrach fan inkel ien dûbeltsje. De man, alhiel
oerémus, nei de forstjúrder mar dy sei ka'm:
,,Jo sille noch wol efkes geduld dwaen moatte”. In fiirtsjen dagen
letter kaem der jitris in postwiksel, nou mei de som fan in kwartsje. De
spylman seach danige sneu, mar doe’t er jitris 14 dagen letter fannijs
in postwiksel kriqe, wie it yn 'e es.
It meubilair.
Doe’t Tsjibbe Gearts yn ‘e Burgumer buorren in nij hûs bouwe litten hie,
wienen de sinten op. De pronkkeamer wie noch leech en de middels om dy
to meubilearjen, wienen der net. Mar Tsjibbe wie in liepen rôt. Hy gong
hinne en noege de dames van Sminia op thébisite yn ‘t nije hûs. Fansels
moasten de dames it hûs bisjen, en sa bidarren se ek yn ‘e lege
pronkkeamer. Hwat hie er dien? My hie mei kryt rountsjes en
fjouwerkanten op ‘e flier tekene en der allerhande wurden by skreaun,
lyk as: Hier hoort een talel, hier een kast, hier een secretaire, hier
horen stoelen, ensfh. De dames hienen de sêfte wink forstien en mei
gauwens wie it meubilair foltallich.
Tsjibbe Gearts en Harmen Sytstra.
Fan dat buorreljen waerd ús jitte in anekdoate mieidield. Foar de
wierheit dèrfan steane wy iykweols net yn.
Yn syn Burgumer tiid wie Harmen Sytstra tige bifreone mei Tsjibbe
Gearts. Jouns sieten se faek byinoar to skriuwen en liezen elkoar dan de
pinnefruchten foar. Foar de selligens hienen se in thépot mei drank op
‘e tafel en dronken de spiritualia út thékopkes. Wie de thépot hast
leech, dan barde it wolris, dat ien fan beiden it lid optilde en der yn
seach. Tocht er dan dat er it restant allinne wol op koe, dan spuide hy
der yn. Dat hjitte dan in grap to wêzen, sei Tsjibbe Gearts, mar it wie
in feit, dat hja beide tige slij wienen nei it
tinne guod. (Gjin fan beiden binne lykwols misbrûkers woarn).
By swier waer.
It wurd ,,stjerren” kaem him gauris oer de lippen. Wie it nachts swier
waer, dan dangele hy bûtendoar om yn 'e ûnderklean, wylst de hoasbannen
him neisleepten. Sa wie er ris in kear oan Tussendiken ta roun. Dêr
spriek immen him oan, dy sei: ,,Van der Meulen, hwat komme jo nuver
foer't ljocht.”
Mar Tsjibbe aihiel yn hegere sfearen, andere:
,,‘t Is nou myn waer, echt Juny-waer. moai waer om to stjerren, fynst ek
net?”
Op it wetter.
My hat ek ris to silen west mei Popke de Groot en Willem Dijk sa
likernôch om 1898 hinne. Dat gong him o sa nei ‘t sin. Hy sei hiele
stikken út ‘e Faust op en sloech sa mei earmen en skonken, dat er
omtrint oer board truzele. Doe’t se werom gongen wie de âld baes sa
forhearlike, dat hy sei:
,,Nou woe’k wol stjerre!’
De winsk em to stjerren kaem nammers wolris faker by him op. It bikende
sizwurd: Earst Napels sjen en dan stjerre spûke him nei alle gedachten
wol yn e holle om. Sa stie er tidens syn reis yn Amerika ris by de
Niagara-wetterfallen. Dér wie en sa fan ûnder de yndruk, dat by sei:
,,Heare. lit my hjir stjerre”. Mar fuort dêrnei bitocht er him ek wer en
forfette: ,,Né, ik moat tinke oan wiif en bern.”
Petroalje as smardersguod.
It barde ris, dat de dichter ûtslach knige op ‘t gesicht. Mar hy wist
oeral wol in middel foar en smarde der petroalje op. Doe soe der syn
troanje mar efkes opdruije by de kachel, mar dat kaem net to goed. De
flamme sloéch yn it burd en der bleau alhiel neat fan oer.
It avontCar mei de rover.
Ienris yn syn libben waerd Tsjibbe Gearts troch in rover oerfallen. Op
‘e Swarte wei waerd er oanpakt.
De keardel hie sein , jow” sa forhelle Tsjibbe.
En Tsjibbe sei: ,,Ik joech”. En dêrmei wie de saek ôfdien.
(It mei bikend wêze, dat de dichter ornaris in
danich kromke bûsjild by him hie. Jild wie him nammers mar amper
tabitroud).
Tsjibbe to meiden.
Yn syn feintejierren soe Tsjibbe ris op in Sneinto-joun nei de faem ta,
mar doe’t er dér kaem, hie er de sjippe fan 't skearen noch yn ‘e nekke
sitten. Dat wie de oanlieding ta in stikje, dêr 't boppe stie ,Myn
stimper” en dêr 't Tsjibbe Gearts oanwizings yn joech. hoe’t de feinten
har hâlde moasten as se to frijen gongen.
Is menear fotograaf?
Der hawwe ris in pear Ingelsken troch Fryslân swalke en dy kamen yn
Burgum by Tsjibbe Gearts yn ‘e winkel om foto’s fan it doarp en fan ‘e
Mar. Tsjibbe seach dy mannen forheard oan en sei: ,,Wat! Is menear
fotoqraaf?” Mar foto’s hie er net.
De rymker.
Om rymkes, ek yn it deistige petear, siet er nea
yn forlegenheit. Op in kear, doe’t Geart van der
Zwaag by him to gast wie, sei er:
Hwat wolle jo ha, in broadtsje mee fleis of mei skinke?
‘t Is in rûme boel hjir, sa moatte jo mar tinke.
Hy woe hwat sjen kinne
Fyftjin jier foar ‘t er stoar hat er syn kiste bisteld en bitelle. Dy
kiste siet in glêske yn, hwat yn dy tiid hjir alhiel it gehrûk net wie.
De Burgumers seinen: ,,As er dea is, wol er ek noch ta de glêzen ût sjen
kinne.’ Men tinkt, dat er sa’n kiste mei in gleske yn Amerika sjoen hie.
Hy gong der gauris ynlizzen. Syn bigearte wie, hy soe de bril op é
noas hâlde en de lju soenen trije oan trije by syn bigraffenis efter in
streek beammen rinne. Dat is ek bard
Net it lyk foarop!
Hy plichte wol to sizzen, dat it mei in bigraffenis net goed om en ta
gong. Net ‘t lyk hearde foarop yn 'e staesje, mar de oaren. Oars wie it
krekt as brocht it lyk de minsken nei it tsjerkhôf.
Azor.
De dichter hie in hountsje, dat er Azor neamde. der’t er stjonkende mâl
mei wie. Hy plichte fan it bistke to sizzen: As Azor net yn 'e himel
komt, dan komt net ien der yn.
Nije moanne.
Tsjibbe Gearts wie in freon fan nije moanne. Wie der in tipke fan ‘e
moanne to sjen, dan wienen de bern der op ût om him dat nijs oan to
dragen.
,,Van der Meuien’, rôp er, ,,ik ha de moanne sjoen.’ Sa’n ien krige in
grou boltsje, fan ûnderen bismard.
Gjin litanije fan ‘e frosken!
Gauris hat de âld baes to witten dien, hy woe leafst net yn Maeije
stjerre, hwant dan kweaken de kikkerts sa. It moaiste like him ta yn
Septimber, dan koe er Burgermerke noch mei meitsje. Juny seagen wy
nyskes, noaske him oars ek wol. Fan in oarenien hearden wy, by naem de
Augustusmoanne foar kar.
Mar by wie it bangste foar Maert. Wie dy moanne foarby, dan wie der wer
in jier ûtstel, plichte er to sizzen. Foar himsel is it ûtkomd: De 16e
Maert 1906 is er rêst.
It stiet by my fêst, dat der folle mear fan dit soarte fan teltsjes ût
it libben fan Tsjibbe Gearts yn swang wêze moatte. Hwa’t dcr noch guon
fan yn ‘t ûnthâld hat soe my in tiqe deugd dwaen en lit it my wite.
10-6-1927
Even terug in de tijd.
De
Brandwaarborgmaatschappij "Tietjerksteradiel" vierde dezer dagen
(10-6-1927)
haar 26-jarig bestaan.
Wij kiekten het bestuur. Van links naar rechts (zittende) de heeren:
T.W. Oostenbrug, J. Falkena (boekhouder), TJ. Haisma (voorzitter), P.J. Bosma,
G.F. Schrapsma en A.W. Veenstra.
Van links naar rechts (staande) de heeren: J.Hamersma (bode), S.A. Visser, A.G.
Riemersma,
K.D. de Boer, L.F. Antoeides, M Visser, P.T. Oosterhof, P.Kramer, A.D. de boer,
B.Dijkstra (bode), J.F. Bottinga en B.J. van der Meulen
Hendrik Bulthuis (1892-1948) Eén van de populairste zeilboten was de 16
kwadraat BM. Uitgevonden door, een kapper uit het Friese Burgum. Hij wilde een
betaalbare boot (100 gulden) voor de gewone man. De bouwwijze van deze zeilboot
noemt men tegenwoordig de Bulthuis-methode. De BM staat voor (Bergumermeer)

Hendrik Bulthuis in zijn element, 1942

De werkplaats 1942, waar de eerste B.M gebouw is, achter zijn toenmalig huis aan de lageweg,
rechts boven is nog te zien
de kajuit van het huis dat naast het voormalige postkantoor staat.
Lageweg Burgum
oud postkantoor
Huis Hendrik Bulthuis

Amsterdam 1942

De werkplaats
Hendrik Bulthuis
1942

Kajuit zeilboot welke in 1941 is gebouwd door Bulthuis (foto
1942) Deze boot lag achter zijn woning aan de Lageweg, hij liep over een stukje
weiland en dan kwam hij bij een breede sloot waar de boot lag. Deze sloot liep vanaf het
PM kanaal door tot aan de achterkant waar nu Expert Meijer zit. Ook de ijsbaan
van Burgum lag aan deze sloot. Eigenlijk is het niet meer voor te stellen!

wedstrijd zeilen op het bergumermeer 1942, bij navraag bestaan
enkele boten op deze foto nog.
OP BEZOEK BIJ BULTHUIS TE BURGUM.
Kapper… en ontwerper van de B.M.- jachten
Hier bouwde ik de eerste. We staan op een groot grasveld achter het ruime huis
van den bekendste kapper van ons land, al thans in zeilerkringen, en kijken naar
een onooglijk schuurtje, dat zoo gezien nogal wankel moedig tegen een
steviger bouwsel aanleunt. We kijken met belangstelling, met eerbied bijna, want
het scheepje, dat daar ontstond , werd niet alleen een populair jachtje , het
heeft er veel toe bijgedragen de zeilsport als geheel populair te maken.
Voor het verschijnen van de B.M. op den meren en kanalen van ons waterrijk
landje was zeilen een luxe-sport, die men alleen kon beoefenen als men flink in
z’n geld zat, doch sedertdien kan eigenlijk iedereen, die graag zeilt, een eigen
boot bezitten.
Volgens de door den heer Bulthuis toegepaste methode kan men zelf een boot
maken. Het B.M.-jachtje is namelijk uit dunne latjes vervaardigd, die op mallen
tegen elkaar gespijkerd worden. Het bouwen van een “normale “ boot uit delen is
het werk van een vakman en de delen zelf moeten van goed hout zijn, zonder
knoesten of andere afwijkingen. Dunne latjes zijn gemakkelijk aan te brengen en
de prijs van goede latten is lager, ook naar verhouding, dan de sterkere delen.
Zo is dus het B.M. – jachtje een goedkoop scheepje, dat echter, dit moeten we
niet vergeten, als zeiler
uitstekende kwaliteit bezit, hetgeen wel blijkt uit het feit, dat zowel de
kleine B.M als de 16m2 B.M. als nationale klasse erkend zijn en dus uit mogen
komen op de officiële zeilwedstrijden.
Als wij hem vragen blijkt de heer Bulthuis de jaartallen nog nauwkeurig te
kennen: de kleine B.M werd een klasse schip voor de vier noordelijke provincies
in 1928, terwijl zij in 1931 als nationale klasse werd toegelaten, voor de 16 m2
B.M. zijn de jaartallen resp. 1931 en 1940. Van de 16 m2 zijn er ongeveer 1100
geregistreerd (tijdsbeeld 1942) in de vaart en waarschijnlijk zijn er net
zoveel ongeregistreerd gebouwd meent de heer Bulthuis. Ongeregistreerd, dat wil
dus zeggen, zonder een toestemming, zonder de tekening gekocht te hebben. Bijna
onmerkbaar haalt onze gastheer zijn schouders op: Zoiets is niet te vermijden,
zegt hij onverschillig.
Maar kijk, daar heeft mijn dochter het nieuwe kajuitjacht gehaald. We steken het
grasveld achter het huis over naar de brede sloot, die in verbinding staat met
open water. Een rank en bruin bootje ligt dat tegen de kant en vol trost laat de
heer Bulthuis enige bijzonderheden zien. Een uitschuifbare keukenwand, die, naar
de cockpit toe opentrokken, de keukenruimte tot tweevoudig vergroot. Zelf
gebouwd volgens de B.M. methode vragen wij tamelijk overbodig. Onze gastheer
knikt, en net zo snel als de 16m2 ondanks het feit, dat er een kajuit op zit. In
gepeins verzonken kijkt hij naar zijn nieuwe boot, kennelijk met voldoening, dat
het hem gelukt is, iets goeds tot stand te brengen, doch ik verdenk hem er toch
van , dat hij in gedachten alweer met iets nieuws bezig is…..
Burgum 19 juli 1942

Bestuur Burgumer pluimvee vereniging,
van links naar rechts de heeren, J. S. Veenstra, H. Bulthuis,
T. Hooghiemstra, R. P. de Jong en G. J. Bouma allen uit Burgum

winterwijk Burgum anno 1930 |